De lytse apolloflinter (Parnassius phoebus) is in soarte yn it skaai fan de echte apolloflinters (Parnassius).

Foarkommen De flinter komt yn Jeropa allinnich yn de Alpen foar. Yn de Frânske, Italjaanske, Switserske en Eastenrykske Alpen. De flinter is tige seldsum yn Lychtenstein en Súd-Dútslân. De flinter fljocht tusken de 1200 en 2800 meter. De measte populaasjes binne te finen tusken de 1800 oant 2200 meter. De lytse apolloflinter fljocht yn de bergen foaral op fochtige plakken. Lykas by markes en of beekjes en plakken dy tydlik oerstreame.

De flinter is bot efterútgien de lêste 25 jier. Se binne dan ek kwetsber.

Fljochtiid De flinter fljocht fan begjin july ôf oant ein augustus.

De flinter De flinter hat syn namme te danken oan de Grykske god Apollo. Apollo is ûnder oare de god fan it ljocht.

De rûp De weardplant de Saxifraga aizoides groeit op plakken wêr't it fochtich is. It wyfke leit de aaikes op de weardplant mar ek wol yn de buert derfan. De tige jonge rûpen oerwinterje yn it aai of der bûten as in healwaaks rûp. De folwoeksen rûpen binne dofswart mei op eltse side in rige oranjereade of giele plakken. Oan it begjin fan de simmer spinne se ûnderoan de waerdplant of op de grûn in kokon om harren dêryn te ferpopkjen.

Sjoch ek List fan flinters thumb|300px|center|In lytse Apolloflinter yn Eastenryk

Kategory:Flintersoarte Kategory:Echte apolloflinter Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân