Namybje of Namibië is in lân yn it suden fan Afrika. Der wenje om-ende-by 2.055.080 minsken. De haadstêd is Windhoek.
Geografy Lizzing Namybje wurdt beginzge troch: de Atlantyske Oseaan yn it westen; Angoala yn it noarden; Simbabwe yn it easten; Súd-Afrika yn it suden;
Lânskip left|thumb|220px|De Kalaharywoastyn. It oerflak fan Namybje bestiet út mear as 825 000 kante kilometer, sawat fjouwer kear sa grut as it Feriene Keninkryk. It lânskip is tige ôfwikseljend, mei bosken en savannen, bergen, woastinen en woastyneftige gebieten. De wichtichste rivier is de Oranjerivier dy't ek de grins foarmet mei Súd-Afrika.
Yn it easten fan Namybje leit de grutte Kalahary woastyn. De Kaprivistripe is in lânstripe fan 450 by 50 kilometer yn it noard-easten, dat tusken Angoala, Sambia en Botswana leit en yn it easten ek oan Simbabwe grinzet.
Bestjoerlike divyzjes Namybje hat fjirtjin regio's: Regio Haadstêd Kaart 1 Erongo Swakopmund 500px 2 Hardap Mariental 3 Kavango East Rundu 4 Kavango West Nkurenkuru 5 Khomas Windhoek 6 Kunene Opuwo 7 Ohangwena Eenhana 8 Omaheke Gobabis 9 Omusati Outapi 10 Oshana Oshakati 11 Oshikoto Omuthiya 12 Otjozondjupa Otjiwarongo 13 Zambezi Katima Mulilo 14 ǁKaras Keetmanshoop
Skiednis Al sûnt iere tiden wurdt Namybje befolke troch San-folken. Net dúdlik is wannear't de Damara harren yn it binnenlân festigen, mar nei alle gedachten wie dat noch foardat de earste Bantoe- yn Namybje kamen. Yn de 16e iuw lutsen Herero- en Owambostammen fanút it noarden it gebiet yn. Yn de twadde helte fan de 18e iuw festigen Namastammen har yn it suden en Kavango yn it noarden.
Yn 1793 waard it gebiet fan de Walfiskbaai troch De Nederlanners yn besit nommen en op de ein fan de 19e iuw in Dútske koloanje. Súd-Afrika krige sizzenskip oer it gebiet nei de Earste Wrâldkriich. Yn 1966 begjint de SWAPO mei in ûnôfhinklikheidsoarloch, mar it soe oant 1988 duorje foardat Súd-Afrika dêr tastimming joech foar mear selsstannigens. Sûnt 1990 is Namybje ûnôfhinklik en yn 1994 die Súd-Afrika ek ôfstân fan de Walfiskbaai.
Demografy Befolking Ynwenners: groei 1,57% (skatting 2000) Befolkingskloften: Owambo 50%, Kavango 9%, Herero 7%, Damara 7%, mingdbloed 6½%, blanken 6%, Nama 5%, Kaprivi 4%, San 3%, Baster 2%, Tswana 0,5% Trochsneed libbensferwachting: 42,8 jier (2003) Befolkingstichtens: 2 personen de kante kilometer right|thumb|200px|In Jonge Himba-frou Taal Offisjele taal: Ingelsk Nasjonale talen (alle talen dy't troch autochtoane Namybjers as memmetaal sprutsen wurde): Afrikaansk (tagelyk de lingua franca tusken de befolkingsgroepen) Dútsk Herero Kavangotalen: Kwangaly, Diriku en Mbukushu Khoisantalen: Nama en Damara, Ju/'hoan Lozy Oshiwambotalen: Oshidonga en Oshikanyama Tswana
Neffens de folkstelling fan 2001 binne de talen dy't it meast sprutsen wurde: 48% Oshiwambotalen 11% Nama en Damara 11% Afrikaansk 10% Kavangotalen 10% Herero
De offisjele taal, it Ingelsk, wurdt amperoan troch de befolking as memmetaal sprutsen. It is foaral bedoeld as neutrale taal tusken de ferskate befolkingsgroepen
Godstsjinst religy: kristendom 80-90%, tradisjonele religy's
Keppeling om utens Offisjele webstee fan Namybje
Kategory:Lân yn Afrika Kategory:Histoaryske Dútske koloanje Kategory:Histoaryske Súdafrikaanske koloanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1990 Kategory:Republyk