Johannes Westers (Hantum, 9 maaie 1811 - De Jouwer, 1 oktober 1881) wie in pryster. Tusken 1842 en 1852 wie hy pastoar op It Amelân, dêrnei yn Wâldsein en fan 1858 oant 1881 op De Jouwer.

Westers wie in bekend hurdrider, mar rekke noch ferneamder doe't er yn jannewaris 1850 mei trije fan de learlingen fan de Seefeartskoalle 84 oeren rûndobbere op in iisskos yn de Waadsee. Ien fan de trije bern is letter ferstoarn troch ûnderkuolling.

Kategory:Frysk pastoar Kategory:Roomsk-katolyk preester Kategory:Frysk reedrider Kategory:Persoan berne yn Hantum Kategory:Persoan stoarn op De Jouwer Kategory:Persoan berne yn 1811 Kategory:Persoan stoarn yn 1881