Teksas (Ingelsk: Texas; útspr.: ['tɛksəs], likernôch "teksus"; Spaansk: Tejas of Texas; útspr. beide kearen ['texas], likernôch "teechas"), offisjeel de Steat Teksas (Ingelsk: State of Texas), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Teksas, byneamd de Lone Star State, leit yn it suden fan 'e Feriene Steaten, oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko en tsjin 'e grins mei Meksiko oan. Histoarysk heart it ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Austin, mar de grutste stêd is Houston. Neffens in skatting út 2015 hie de steat doe krapoan 28 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 2e steat fan 'e Feriene Steaten is, nei Kalifornje. Oangeande oerflak is Teksas mei goed 696.000 km² ek de 2e steat, nei Alaska. Teksas stiet bekend om syn cowboykultuer, syn ierdoaljeyndustry en in 'eigenheid' dy't gjin inkele oare steat belykje kin en dy't troch de Teksanen koestere wurdt.
Etymology De namme Teksas is in ferfrysking fan it Ingelske Texas (útspr.: ['tɛksəs], likernôch "teksus"), dat wer ôflaat is fan 'e Spaanske foarm Tejas of Texas (útspr. beide kearen ['texas], likernôch "teechas"). Uteinlik giet de namme tebek op it wurd táyshaʔ, dat ôfkomstich is út 'e Yndiaanske Keddo-taal, mei de betsjutting "freonen" of "bûnsmaten". Oarspronklik wie it in oantsjutting dy't troch de Spaanske kolonisators brûkt waard foar de Keddo (Caddo), dy't harren, oars as in protte oare Yndiaanske folken, tagedien wiene. De offisjele bynamme fan Teksas is Lone Star State, de "Steat fan 'e Iene Stjer", in oantsjutting dy't op 'e Teksaanske flagge slacht.
Geografy Teksas hat in oerflak fan 696.241 km², wêrfan't 2,5% út wetter bestiet. Dêrmei is it de op ien nei grutste Amerikaanske steat, nei Alaska. Teksas leit foar it meastepart yn 'e Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5), mar de westlike punt makket diel út fan 'e Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6). De steat leit yn it midsuden fan 'e Feriene Steaten en heart histoarysk ta de regio fan it Amerikaanske Suden. Teksas grinzget yn it easten oan Louisiana, yn it noardeasten oan Arkansas, yn it noarden oan Oklahoma en yn it westen oan Nij-Meksiko. Yn it noardeastlike part fan 'e steat foarmet de Reade Rivier de grins mei Oklahoma; yn it noardwesten stiket de Panhandle fan Teksas in hiel stik nei it noarden ta út, dêr't dy krite grinzget oan 'e Panhandle fan Oklahoma. Yn it súdwesten foarmet de meänderjende Rio Grande de ynternasjonale grins mei Meksiko en de Meksikaanske steaten Chihuahua, Coahuila, Nij-Leön en Tamaulipas. Yn it súdeasten leit Teksas oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko, wêrby't it fêstelân ôfskerme wurdt troch in rige barriêre-eilannen.
Teksas kin ferdield wurde yn in fjouwertal geografysk-geologyske regio's. De Kustflakte fan de Golf fan Meksiko omfiemet it hiele, flakke súdeasten fan 'e steat, mei greidlân en fersprate bosken. It Ynlânsk Leechlân foarmet in oergongssône mei licht gloaiende heuvels dy't oarspronklik oerdutsen wiene mei mingd wâld. Sintraal Teksas wurdt behearske troch de súdlike útein fan 'e Grutte Flakten, dêr't behalven de Panhandle fan Teksas ek de Llano Estacado en de heuvelige krite om 'e steatshaadstêd Austin hinne ta hearre. De Flakten binne oerdutsen mei gerzige prêrje dy't mear nei it westen ta stadichoan oergiet yn in steppe. De Llano Estacado is in plato dat foar in diel ta de krite fan West-Teksas rekkene wurde moat. It uterste westen fan Teksas, ek wol de Transpecos neamd, is in woastyngebiet mei sândunen, dellings, it Stocktonplato en ferskate berchtmen, wêrûnder it Guadalupeberchtme en it Delawareberchtme.
Wichtige rivieren yn Teksas binne de Reade Rivier, de Rio Grande, de Pecos, de Brazos, de Kolorado (Teksas) en de Sabine, dy't de eastgrins mei Louisiana foarmet. It heechste punt yn 'e steat is Guadalupe Peak, op 2.667 m boppe seenivo, en it leechste punt is it strân oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko, dat op seenivo leit. Hoewol't Teksas net folle natuerlike marren omfiemet, binne der mear as hûndert opslachmarren oanlein. Der binne yn Teksas trije lytse Yndianereservaten: it Alabama-Kûsjatta Yndianereservaat it Kikkepû Yndianereservaat it Ysleta del Sur Yndianereservaat
Skiednis Prekoloniale tiid Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan Teksas troch de Jeropeänen waard it gebiet bewenne troch in grut tal Yndiaanske folken. It suden fan 'e lettere steat stie yn it earste milennium ûnder ynfloed fan 'e Middenamerikaanske kultueren, yn 't bysûnder dy fan Teotihuacan, dy't om it jier 500 hinne syn hichtepunt berikte en tusken de achtste en de tsiende iuw stadichoan ferdwûn. Westlik Teksas hearde ta it domein fan 'e Pûeblo-Yndianen, wylst eastlik Teksas diel útmakke fan 'e Mississippiaanske kultuer fan heuvelbouwers. Tsjin 'e tiid dat de earste blanke ûntdekkingsreizgers Teksas oandiene, yn 'e sechstjinde iuw, waard it gebiet bewenne troch û.m. de Alabama, Apachen, Atakapa, Karankawa, Kajowa (Kiowa), Keddo (Caddo), Koäwylteken (Coahuiltecans), Komantsjen (Comanche), Tsjoktou (Choctaw), Kûsjatta (Coushatta), Tonkawa en Witsjitta (Wichita).
De earste Jeropeaan dy't Teksas besocht, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Alonso Álvarez de Pineda, dy't yn 1519 in lânkaart fan 'e Teksaanske kust makke. Op 6 novimber 1528 waarden Álvar Núñez Cabeza de Vaca en syn bemanning de earste Jeropeänen dy't der oan lân giene doe't harren skip foar de Teksaanske kust breksloech. Yn 1541 wie Francisco Vázquez de Coronado de earste Jeropeaan dy't Teksas mei opsetsin besocht. Yn 1685 stifte de Frânsman René-Robert Cavelier de La Salle by fersin in koloanje op 'e kust fan 'e Matagordabaai (de bedoeling wie om in koloanje oan 'e Mississippy te fêstigjen). Dizze delsetting hold it fjouwer jier út ear't de oerlibbenen fuortteagen fanwegen de drege libbensomstannichheden en de fijannigens fan 'e Yndianen.
Spaansk Teksas De Spanjerts, dy't Teksas as ûnderdiel fan harren koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko) beskôgen, waarden har om dyselde snuorje hinne bewust fan 'e bedriging dy't de Frânsen foarmen, en stiften yn 1690 ferskate missyposten yn eastlik Teksas om harren oanspraken krêft by te setten. Tagelyk waard Teksas doe ta in provinsje fan Nij-Spanje útroppen. Doe't Frankryk oan it begjin fan 'e achttjinde iuw it gebiet kolonisearre dat letter de steat Louisiana wurde soe, wie dat foar Spanje oanlieding om yn 1716 in nije rige missyposten yn eastlik Teksas op te rjochtsjen, en yn 1718 stiften se boppedat San Antonio, de earste permaninte delsetting op it grûngebiet fan Teksas.
Troch de fijannige hâlding fan in protte Yndianestammen en teffens fanwegen de ôfstân ta it sintrum fan Nij-Spanje loek Teksas yn 't earstoan mar in bytsje Spaanske kolonisten en bleau it lange tiid ien fan 'e tinst befolke provinsjes. Yn 1749 sleaten de Spanjerts in ferdrach mei de Lipan-Apachen, dat in protte oare stammen tsjin harren yn it harnas jage, yn 't bysûnder de Komantsjen en de Tonkawa. Yn 1785 waard der in ferdrach sletten tusken Spanje en de Komantsjen, wêrnei't dy de kolonisators holpen om 'e Lipan-Apachen en de Karankawa te ferslaan. Underwilens waarden de sedintêre folken, lykas de Pueblo-Yndianen, troch Spaanske misjonarissen ta it kristendom brocht. Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw wiene inkeld de nomadyske stammen noch net bekeard.
Doe't de Feriene Steaten yn 1803 de Frânske koloanje Lousiana oankochten, holden se lange tiid fol dat ek Teksas dêrta hearde, wat dúdlik net sa wie. Uteinlik waard yn 1819 in oerienkomst sletten dy't de eastgrins fan Teksas fêststelde as lykfallend mei de rivier de Sabine. In protte Amerikaanske kolonisten negearren dy grins lykwols en setten har dochs yn Teksas nei wenjen. Nei de Meksikaanske Unôfhinklikheidsoarloch makke Meksiko (it eardere Nij-Spanje) him yn 1821 los fan it memmelân. Teksas kaam doe ek ta it nije steatsferbân te hearren, mar om't dêr amper in kop wenne, dielde it Meksikaanske bestjoer it gebiet yn by de dielsteat Koäwila en Teksas (Coahuila y Tejas).
Meksikaansk Teksas Yn 'e hope dat mear kolonisten de oanhâldende oanfallen fan 'e Komantsjen en Lipan-Apachen tsjinkeare kinne soene, liet Meksiko ta dat har yn 'e desennia dêrnei grutte oantallen Amerikanen yn Teksas nei wenjen setten. Dêrmei hellen se lykwols it Hynder fan Troaje binnen. Yn 1825 hie Teksas 3.500 (blanke) ynwenners, wêrfan't fierwei it grutste part út Meksikanen fan Spaansk komôf bestie. Tsjin 1834 wiene der krapoan 38.000 (blanke) ynwenners, wêrûnder mar 7.800 Meksikanen. In soad fan 'e Amerikaanske nijynkommelingen lapen iepentlik de Meksikaanske wet oan harren lears, ynklusyf it ferbod op slavernij. Dat feit, yn kombinaasje mei it oanhâldende besykjen fan 'e Feriene Steaten om Teksas fan Meksiko te keapjen, wie yn 1830 foar it Meksikaanske regear oanlieding om 'e grins op slot te smiten en gjin nije Amerikanen mear ta te litten.
Tsjin dy tiid wie it lykwols al te let. Nije tolheffings op ynfier en útfier út en nei de Feriene Steaten makken de saak noch helte minder. Yn 1832 fûn de saneamde Opskuor fan Anahuac plak, in rige gearkomsten fan protestearjende Teksanen tsjin it almar autoritêrdere Meksikaanske bewâld yn 'e provinsje, dy't laten ta in stikmannich opstjitsjes en gewelddiedige konfrontaasjes foarôfgeande oan it útbrekken fan 'e eigentlike oarloch. Rebûlje yn súdliker dielen fan syn lân setten de Meksikaanske presidint Antonio López de Santa Anna der omtrint dyselde tiid ta oan om hurd fanwegen te kommen tsjin eltse foarm fan opstannigens. De steat fan belis waard yn it hiele lân útroppen, en de deastraf waard beoardere foar in elk dy't him iepentlik tsjin it Meksikaanske regear kearde.
Yn Teksas, mei syn grutte befolkingsgroep fan Amerikaansk komôf, wie soks krekt oalje op it fjoer. De Amerikanen yn Teksas, dy't kwa leauwe, taal en kultuer frijwol neat gemien hiene mei Meksiko, mar nammenste mear mei de Feriene Steaten, wiene it Meksikaanske regear stadichoan as in útlânske oerhearsking begûn te beskôgjen. De Teksaanske Meksikanen, de saneamde Tejanos, dy't yn Meksiko eins neat yn 'e molke te krommeljen hiene om't se yn Teksas alhiel oan it fuottenein sieten, stiene yn dizze saak foar in grut part oan 'e kant fan 'e Amerikanen. By de Konvinsje fan 1832 easken de Teksanen dat Teksas in selsstannige dielsteat fan Meksiko wurde soe, los fan Koäwyla. It jiers dêrop werhellen se harren easken by de Konvinsje fan 1833.
Unôfhinklik Teksas Begjin 1835 begûnen de Teksanen 'komitees foar korrespondinsje en feilichheid' te foarmjen, wat delkaam op in soarte fan boargerwacht. Yn it neijier briek einlings en te'n lêsten in iepentlike striid út doe't de Slach by Gonzales plakfûn tusken Teksaanske opstannelingen en Meksikaanske troepen. Dat wie it begjin fan 'e Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, wêrby't de Teksanen ûnder oanfiering fan foaroanmannen as Stephen F. Austin en Henry Smith binnen in fearnsjier alle Meksikaanske troepen yn 'e provinsje fersloegen en nei it suden ta ferdreaune. Neitiid fûn der in ferkiezing plak fan ôffurdigen nei de saneamde Konsultaasje, dy't in provysjoneel regear ynstallearre dat lykwols al rillegau te sink gie oan ynterne deilisskippen. Sadwaande bestie der de earste pear moannen fan 1836 gjin dúdlik bestjoer yn Teksas.