Súd-Karolina (Ingelsk: South Carolina; útspr.: [saṷθ kæɹə'lai̭na], likernôch "saus kerre-laaina"), offisjeel de Steat Súd-Karolina (Ingelsk: State of South Carolina), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Súd-Karolina, byneamd de Palmetto State ("Dwerchpalmsteat"), is ien fan 'e Karolina's, dy't oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan lizze, yn it súdeasten fan it lân. De steat heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Columbia, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 4,8 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 24e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Súd-Karolina mei krapoan 83.000 km² de 40e steat. Súd-Karolina stiet bekend om syn neare klimaat, it grutte tal kristlike fûnemintalisten dat der wennet, en om it feit dat it yn 1860 de earste Súdlike steat wie dy't him oan it begjin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch ôfskate fan 'e Feriene Steaten.
Namme De namme Carolina, dy't sawol fan tapassing is op Súd-Karolina as op 'e buorsteat Noard-Karolina, datearret fan 30 oktober 1629, doe't de Ingelske kening Karel I in patint útrikte oan sir Robert Heath foar de kolonisaasje fan dat diel fan Noard-Amearika dat tusken 36 en 31° noarderbreedte yn lei. Ta eare fan Karel I waard dat gebiet Carolina neamd, nei de Latynske foarm fan syn namme, Carolus. De bynamme fan Súd-Karolina is de Palmetto State. Dat is ien fan 'e bekendste bynammen fan alle Amerikaanske steaten, en eins de iennichste dy't geregeldwei yn oare talen oerset wurdt (as de Dwerchpalmsteat). De dwerchpalm is it symboal fan Súd-Karolina, en pronket ek op 'e flagge fan 'e steat.
Geografy Súd-Karolina hat in oerflak fan 82.931 km², wêrfan't 6,0% út wetter bestiet. It leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4). De steat grinzget yn it westen en súdwesten oan 'e Amerikaanske steat Georgia en yn it noarden oan 'e steat Noard-Karolina. Yn it easten en súdeasten leit Súd-Karolina oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan. De steat kin ferdield wurde yn ferskate geografyske gebieten. Yn it uterste noardeasten lizze de Blue Ridge-bergen, in sterk erodearre berchtme dat in útrinner fan 'e Appalachen is. Fierder nei it súdeasten ta wurdt it lânskip stadichoan leger en giet it oer yn in heuvelich foarlân, dat op syn beurt oergiet yn 'e Sânheuvels, in gebiet fan oerâlde dunen dy't markearje wêr't miljoenen jierren lyn de kust lei. Noch fierder nei it súdeasten leit it leechlân fan 'e Atlantyske Kustflakte. De kust sels kin opdield wurde yn trije aparte gebieten; fan noard nei súd binne dat it Gland-strân, de mûning fan 'e rivier de Santee, en de See-eilannen mei harren kwelders en sâltwettersompen.
It heechste punt fan Súd-Karolina is Sassafras Mountain, yn it noardwesten, wêrfan't de top op 1.085 m boppe seenivo leit. It leechste punt is it strân oan 'e Atlantyske kust. De wichtichste rivieren fan 'e steat binne de Savannah, dy't de súdwestgrins mei Georgia foarmet en by de stêd Savannah (Georgia) yn 'e Atlantyske Oseaan útmûnet, en de Santee, dy't troch sintraal Súd-Karolina streamt. De grutste mar fan 'e steat is de Marion-mar, mei in oerflak fan 450 km². Oare grutte marren binne de Strom Thurmond-mar (foarhinne de Clarks Hill-mar), de Mountrie-mar en de Hartwell-mar. Oarspronklik wie Súd-Karolina hast hielendal begroeid mei mingd wâld. It heuvelige foarlân fan 'e Appalachen waard earder fierhinne bebuorke, mar om't dat net mear ekonomysk rindabel is, hat men in grut part fan dat diel fan 'e steat werbeboske mei nullebeammen foar de hout- en papieryndustry. Súd-Karolina omfiemet ien federaal Yndianereservaat, it lytse Katôba Yndianereservaat, dat tsjin 'e grins mei Noard-Karolina oan leit.
Skiednis De koloniale perioade Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken waard Súd-Karolina befolke troch sa'n tritich ûnderskate Yndiaanske stammen. De wichtichsten dêrfan wiene de Sûaanske Katôba, de Irokeeske Sjeroky en de Muskogeeske Jamassy. Foarhinne tocht men dat de minsklike bewenning fan 'e steat sa'n 15.000 jier lyn begûn, mar ien argeologysk fynplak, de saneamde Topper Site, is foarsichtich datearre op 30.000 jier lyn.
De earste Jeropeaan dy't it grûngebiet fan Súd-Karolina oandie, wie de Spanjert Francisco Gordillo, yn 1521. Fiif jier letter, yn 1526, stifte in oare Spanjert, Lucas Vazquez de Ayllon, de earste Jeropeeske delsetting op it grûngebiet fan 'e hjoeddeistige Feriene Steaten. Dy delsetting hiet San Miguel de Gualdape, mar waard nei in fearnsjier alwer ferlitten. Behalven de Spanjerts makken ek de Frânsen oanspraak op it gebiet. Hja besochten geandewei de sechstjinde iuw ferskate kearen in delsetting op 'e Súdkarolynske kust te stiftsjen, mar dat slagge net fanwegen de wjerstân fan 'e lânseigen befolking en in gebrekkige befoarrieding. Yn 1629 joech de Ingelske kening Karel I oan sir Robert Heath it allinnichrjocht om yn 'e Karolina's in koloanje te stiftsjen. Dy sette dêr noch datselde jiers mei útein; Heath syn koloanje omfieme behalven it moderne Súd-Karolina en Noard-Karolina ek Georgia en Tennessee.
De Ingelske kolonisten fan 'e koloanje Karolina wiene foar it meastepart rike aristokraten dy't oerkamen fan Barbados, dêr't se al earder sûkerreidplantaazjes opset hiene. Hoewol't it súdlike part fan Súd-Karolina earder al troch de Spanjerts kolonisearre wie, hiene dy har yn Floarida weromlûke moatten fanwegen de fijannige hâlding fan 'e Yndianen. De nije koloanje ûntjoech him lykwols net sa't men oarspronklik ferwachte hie. It gebiet wie te grut en it noarden waard grutdiels kolonisearre troch boeren út it binnenlân fan Firginia, wat ek kwa befolking grutte ferskillen opsmiet. Uteinlik waard Karolina yn 1729 opspjalte yn 'e keninklike provinsjes Noard- en Súd-Karolina. Neitiid waard yn 1733 Georgia fan Súd-Karolina losmakke.
Yn dy snuorje gie it Súd-Karolina ekonomysk tige foar de wyn. Behalven de tabaks- en letter katoenplantaazjes dy't troch de aristokraten opset wiene, rjochte de koloanje him mei de natuerlike haven Charles Town (no Charleston) ek op 'e hannel. Der waard godstsjinstfrijheid tastien, wat in protte Hugenoaten en Sefardyske Joaden oanloek. Fierders waard mei help fan negerslaven út rysferbouwende dielen fan West-Afrika de produksje fan dat gewaaks ynfierd, en teffens waard de indigoplant ferboud, wêrfan't de blom in dûnkerblauwe kleurstof leveret. Yn 1739 fûn de Stono-rebûlje plak, in opstân fan 'e Afrikaanske slaven, wêrnei't it bestjoer fan 'e koloanje besleat om 'e earstfolgjende tsien jier allinne noch mar slaven út it Karibysk Gebiet te ymportearjen, dy't har al yn har slavestatus skikt hiene. Fan it begjin fan 'e achttjinde oant de midden fan 'e tweintichste iuw foarmen negerslaven en harren neikommelingen it grutste part fan 'e Súdkarolynske befolking.
Fan 'e Unôfhinklikheidsoarloch oant de Boargeroarloch By de Amerikaanske Revolúsje fan 1776 wie Súd-Karolina de earste fan 'e Trettjin Koloanjes dy't him oan it Britske koloniale bestjoer ûntskuorde en de ûnôfhinklikheid útrôp. De earste presidint fan 'e steat wie John Rutledge (1776-1778), dy't opfolge waard troch Rawlins Lowndes (1778-1779). Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1776-1783) slagge it de rebellen yn 't earstoan om 'e Britten út 'e steat te ferdriuwen, mar yn 1780 koene de Britten mei help fan Súdkarolynske loyalisten de steat weromferoverje. De Amerikaanske oerwinning yn 'e Slach by Cowpens, op 17 jannewaris 1781, markearre lykwols de ein fan 'e Britske opmars. Uteinlik wiene de Britten yn 1782 twongen en jou Súd-Karolina hielendal op, wat ta in eksodus fan 'e loyalistyske boargerbefolking late. Op 23 maaie 1788 wie Súd-Karolina de achtste steat dy't de Amerikaanske Grûnwet ratifisearre en dêrmei tatrêde ta de Amerikaanske Uny.
Geandewei de njoggentjinde iuw kaam Súd-Karolina almar mear op raamkoerts te lizzen mei it Amerikaanske federale regear yn Washington, D.C. Dat kaam benammen om't Washington in ekonomyske polityk fierde dy't it yndustriële Noarden befoardiele, mar krekt minne gefolgen hie foar it Suden, dat it hawwe moast fan 'e útfier fan lânbouprodukten (katoen). Yn 1832 ferklearre it steatsparlemint mei de Ordinânsje fan Nullifikaasje de federale belestingwetten fan 1828 en 1832 ûngrûnwettich en dêrom fan nul en gjinderlei wearde. Fan 1 febrewaris 1833 ôf waarden dy wetten sadwaande yn Súd-Karolina net mear neilibbe. Dat late ta de saneamde Nullifikaasjekrisis, wêrby't it Amerikaanske Kongres oan presidint Andrew Jackson (opmerklikernôch de iennichste Amerikaanske presidint ea dy't berne wie yn Súd-Karolina) it rjocht joech om, as it moast, mei militêre middels yn Súd-Karolina yn te gripen. Fan gefolgen waard doe de Ordinânsje fan Nullifikaasje werroppen, mar de hiele episoade sette in protte kwea bloed by de Súdkaroliniërs.
In oar tear punt yn 'e relaasjes fan Súd-Karolina mei it Noarden wie it abolysjonisme dat yn it Noarden almar mear oanhing krige. Om't de hiele Súdkarolynske ekonomy op slave-arbeid stipe, waard dat sjoen as in grutte bedriging foar de steat. Hoe hjit oft de hollen waarden, die yn 1856 bliken, doe't de Republikeinske senator foar Massachusetts Charles Sumner in taspraak hold wêryn't er oprôp om 'e slavernij fuortendaliks lanlik ôf te skaffen en boppedat de Súdkaroliniërs as groep misledige. Yn reäksje dêrop gie it Súdkarolynske lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen Preston Brooks de senaat yn en joech Sumner in pak op 'e bealch mei in mei izer besleine gongelstôk. Hy ferwûne Sumner dêrby sa slim dat dy ferskate moannen syn funksje net útoefenje koe. Hoewol't Brooks neitiid syn sit yn it Kongres opjaan moast, waard er yn Súd-Karolina ûnthelle as in held.
Doe't ein 1860 dúdlik waard dat Abraham Lincoln, in tsjinstanner fan 'e útwreiding fan 'e slavernij nei nij-kolonisearre gebiet yn it Wylde Westen, de Amerikaanske presidintsferkiezings fan dat jier wûn hie, wie Súd-Karolina op 20 desimber 1860 de earste Súdlike steat dy't him fan 'e Amerikaanske Uny ôfskate. Op 8 febrewaris 1861 rjochte Súd-Karolina yn 'e mande mei Alabama, Floarida, Georgia, Louisiana en Mississippy de Konfederearre Steaten fan Amearika op, dêr't har neitiid noch fiif oare steaten by oansleaten. Op 12 april fan dat jier begûn yn Súd-Karolina de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), doe't de steatsmilysje úteinsette mei de besjitting fan Fort Sumter, in troch de Noardliken besette fêsting yn 'e haven fan Charleston.
Neitiid blokearre de Amerikaanske Marine de haven fan Charleston en besette de See-eilannen. Súdkarolynske troepen namen diel oan hast alle wichtige Konfederearre fjildtochten, mar op it eigen grûngebiet waard mar amper fochten. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch, yn it foarjier fan 1865, marsjearre de Noardlike generaal William Tecumseh Sherman mei syn leger dwers troch Súd-Karolina, wêrby't er lofts en rjochts plantaazjes platbaarnde en op 17 febrewaris de steatshaadstêd Columbia ynnaam. De nachts dêrop stiften syn manskippen op ferskate plakken brân, en in dei letter wie der fan it sintrum frijwol neat mear oer. Yn totaal sneuvelen 18.666 Súdkarolynske militêren yn 'e Boargeroarloch, wat delkaam op likernôch in trêdepart fan 'e manlike blanke befolking tusken de 15 en 60 jier.
Moderne tiid Under it Tiidrek fan de Weropbou waard Súd-Karolina de earste jierren nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch regearre troch in koälysje fan Noardlike nijynkommelingen (carpetbaggers), blanke Súdlike radikalen (scalawags) en befrijde negerslaven. Doe't de opkomst fan 'e rasistyske Ku Klux Klan (KKK) problematyske foarmen begûn oan te nimmen, skoarre presidint Ulysses S. Grant yn 1871 de boargerrjochten yn njoggen Súdkarolynske countys op, wêrnei't hûnderten leden fan 'e KKK oppakte waarden en twatûzen oaren de steat ûntflechtsje moasten.