thumb|260px|Skilige Pypke yn 2026. It Skilige Pypke wie in âlde brêge oan 'e Oastein nei de Boppewei oer de Goddeloaze Singel tichteby Feanwâlden yn Fryslân. In ûnferhurde loane (no de Goddeloaze Singel) rûn fan 'e brêge ôf nei it noarden bylâns de Singelsfeart, dêr't earder in hearehûs njonken de wei stie. Yn dat hearehûs wenne in âld keardel allinnich, dy't alderheislikste fûl op 'e sinten siet en al syn kostberheden efter in slot yn in leaden kiste bewarre. Nei syn hommelse dea spûke er yn 'e omjouwing fan it kastiel en de brêge om. Yn 2015 waard de brêge ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in nei brêge yn it ramt fan 'e oanlis fan 'e Sintrale As.RTV Noardeast Fryslân: Brug Skilige Pypke nabij Feanwâlden gesloopt, 20 maaie 2015.Doarpsbelang Feanwâlden, Werkzaamheden omgeving Skilige Pypke, 31 jannewaris 2015

It spûk fan it Skilige Pypke thuimb|left|thumb|De âlde brêge. Doe 't de âld man fan it hearehûs fernaam dat syn ein nadere naam er op in dei it beslút om de kiste mei syn sinten earne te ferbergjen. Hy keas as datum de earste Krystnacht út om dit te dwaan. Guon wolle ha dat er mooglik in betsjoening leard hie troch it tsjoenderboek fan Albertus Magnus te lêzen, wêrmei't er de help fan 'e duvel ynrôp. Nei't er de mystearjeuze sin trije kear werhelle, krige de âlde man einlings rêst en gyng er werom nei syn ezel. Om it plak dêr't syn sinten begroeven wiene noch sa lang mooglik te sjen, klom er efterstefoaren op 'e ezel en neffens guon soe de duvel doe de ezel knoffele litten ha, sadat de âlde man fan 'e ezel foel en de nekke bruts. De erfgenamten fan 'e âlde man hawwe syn jild nea fûn, mar de doarpsbewenners hiene al gau foar it ferstân dat de skat earne begroeven lizze moast. Der waard grute dat de skat op in stuit fûn waard, mar nimmen koe him opgrave meidat de skat djipper yn 'e grûn sakke. Guon tochten ek dat de skat net fierder sakje koe as der groeven waard sûnder ien wurd te sprekken.

De spûkerij Nei't it hearehûs ôfbrutsen waard, begûn de geast fan 'e âlde man by it Skilige Pypke om te doarmjen. Hy ferskynde altyd yn 'e nacht tusken beide Krystdagen, mar oare nachten kamen ek foar. Alle tsjûgen seagen him efterstefoaren op in ezel sitten mei de sturt yn 'e iene hân en yn 'e oare hân in lantearne dy't de yslike meneuvels fan 'e man ferljochte. Guon sizze dat er yn in reade mantel, wite nachtmûtse en sloffen mei giele hakken ferskynde. Oaren woene ha dat er in prûk droech sûnder hoed, in giele sjerp om syn mul, in rok mei griene stjerren derop en sloffen mei giele hakken. Wer in oare fariant wie dat er in lytse, yn 't swart klaaide âlde man wie, mei griis hier oer syn ynfallen gesicht, in kúlot en skuon mei giele hakken. Guon seagen him lykwols ek yn in lang wyt deakleed, fêstbûn mei in brede reade riem.De Westereender, 16 desimber 2015, side 23: Mysterie rond Sintrale As en Boppewei blijft. Der binne sels boarnen dy't beare dat er bytiden as in swarte hûn ferskynde.Geocaching oer de Goddeleaze Singel. Hy ferskynde meastentiids om it Skilige Pypke hinne; in plak dêr't mannichien by nacht net oer doarst.

Der barden in soad frjemde en boppenatuerlike dingen by it Skilige Pypke. Soms besochten minsken de brêge oer te stekken, mar waarden se opkeard troch ûnsichtbere bonkige hannen. Dyselde bonkige hannen wienen sterk genôch om fuotgongers en sels hiele koetsen mei hynders en al op te tillen, dy't dan yn it wetter smiten waarden. In feanarbeider woe op in kear al pratende mei in jongkeardel de brêge oer, mar stoppe healwei syn sin mei praten. It wie as waard er by de kiel pakt, fan 'e grûn tild en yn 'e feart smiten. Op in jûn woe in oar de brêge oer doe't er efter him in ezel âljen hearde. Hy sette it op in rinnen en helle mar krekt op 'e tiid de oare kant fan 'e brêge, meidat dy efter him ynstoarte.

De duvelbanning fan Hindrik Mients De bewenners fan 'e omkriten wiene tige benaud foar it Skilige Pypke en woene der in duvelbanner by helje. Hindrik Mients út Feanwâlden woe wol helpe om it spûk te ferdriuwen mar om't ek de duvel hjiryn belutsen wie, woe hy dit net allinnich dwaan en sa frege er seis oare maten, allegear ek duvelbanner, om mei te gean. Yn in koets mei hynders der foar gie it op nei it Skilige Pypke en lang om let kamen se de âlde man tsjin. Hindrik Mients soe doe roppen ha "Hee âlde, spring op 'e wein".Wandelburen, BlogspotJacques R.W. Sinninghe: Nederlands Sagenboek Se skoden wat op want it spûk sei gjin nee en gyng tusken de duvelbanners sitten. Mar doe't Hindrik Mients syn bêst die om de hynders yn beweging te setten, krigen dy de koets net fan 't stee. De hynders krigen op it lêst it skom op 'e bek en se switten der oer, mar der wie gjin ferweging yn it spul te krijen. Dat duorre sa oeren oant de Feanwâldster klok twa sloech, de koets hookstrooks lossloech en mei grutte faasje sûnder stjoering oer heide en fjild skeat yn 'e rjochting fan 'e Beampoel by Readtsjerk. Hindrik Mients slagge der yn om himsels noch fan 'e wein te goaien, mar de koets ferdwûn mei syn maten yn 'e Beampoel. Fan 'e wein, de hynders en de oare duvelbanners waard nea wat werom fûn, mar sûnt wie de flok fan it Skilige Pypke ferbrutsen.

Alternative ferhalen Kollumersweach Yn Kollumersweach eastlik fan Feanwâlden waard in soartegelikens ferhaal ferteld. Ek dêr soe in slot stien ha en de geast dy't yn it slot wenne kaam soms nachts nei bûten om op in wyt hynder rûn te riden. De man waard beskreaun as ien mei read hier en littekens oer syn hiele hûd. Ek dit spûk waard ferdreaun nei't er yn in koets stapte dy't de Beampoel by Readtsjerk yn ried.Ferhalebank

Hurdegaryp Ek yn it Feanwâldster buordoarp Hurdegaryp wie in ferhaal bekend. Dêr groeven twa manlju nei de skat fan 'e âlde man, mar dy bleau mar djipper en djipper yn 'e grûn sakjen. Doe ferskynde der in geast mei giele hakken. Beide manlju flechten nei harren koets, mar de dryste koetsier frege de geast om ek yn te stappen. De geast die dat, mar de koets woe net mear fan 't plak komme oant it twa oer wie. De koets skeat doe mei grutte faasje ûnbestjoerber de Beampoel yn en ferdwûn dêre.Ferhalebank

Kategory:Brêge yn Dantumadiel Kategory:Fryske sêge#It spûk fan it Skilige Pypke Kategory:De Falom Kategory:Feanwâlden Kategory:Bouwurk sloopt yn 2015