Baukje Wytsma (Reduzum, 1 april 1946 - dêre,Rou-advertinsje Baukje Wytsma, yn: de Ljouwerter Krante, 3 jannewaris 2023, s. 34. 29 desimber 2022Omrop Fryslân, 30-12-2022 Skriuwster Baukje Wytsma (76) út Reduzum ferstoarn) wie in Fryske skriuwster en sjoernaliste. Nei har oplieding oan de PABO folge se in HBU oplieding foar de sjoernalistyk.

Wurkpaad Har earste wurk bestie út bernepoëzij en ferskynde yn 1976 yn de bondel Romke Timen Tomke. De ferskes ûntstienen neist har wurk as skoaljuffer. Se skreau ek berneboeken en die mei oan bernefoarstellingen. Yn har dichtwurk komme de grutte tema’s yn de poëzij oan de oarder lykas leafde, dea, fergonklikens en de ivige striid tusken dream en realiteit. Yn 2006 skreau se it Boekewikepresint De Stien tegearre mei Sjoerd Bottema.

Njonken it skriuwen fan poëzij en berneboeken makket Baukje Wytsma, dy’t ek as sjoernaliste wurket, yn opdracht fan tal fan Fryske sjongers lietteksten foar cd’s en teaterprogramma’s. Ek foar kabaretselskip It Wâld hat se skreaun. Lietteksten hat se skreaun foar Anneke Douma, Frederike Kleefstra, Roel Slofstra en Douwe Heeringa.

Boppedat wie se behelle yn eveneminten as Simmer 2000: Se is de tekstdichter fan het Simmer 2000-liet dat songen waard troch Maaike Schuurmans, Rients Gratama, Piter Wilkens en Syb van der Ploeg. Se wie ek aktyf by it evenemint om de PC yn Frjentsjer hinne. Foar LF2018 skreau se de tekst fan de keatsshow Heedaar..! dy't opfierd waard op It Sjûkelân yn Frjentsjer.

As sjoernaliste wurke Baukje Wytsma foar de Ljouwerter Krante en de Friesland Post.

Op 29 novimber 2018 waard Wytsma beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau fanwegen har grutte fertsjinsten foar de Fryske taal.Frysk Deiblêd, s. 11, 30 novimber 2018

Baukje Wytsma is hommels ferstoarn yn de âldens fan 76 jier oan hertfalen.

Publikaasjes Poëzij 1980 : Noch ien slach om 'e buorren (1982, 2e útwreide pr.) 1984 : It blau fan de Hortinsje (2005 Merkelrige) 1987 : Heech gers (2005 Merkelrige) 1989 : By ljochtskyndei 1993 : In see fan wetter 1997 : Thúslûd 2001 : Kom mei in koer 2005 : De dichter swijt 2010 : Sân wylgen 2013 : Ik ek fan dy 2021 : Wyt ljocht

Berneboeken 1976 : Romke Timen Tomke en oare opsizferskes (2e pr. 1978) 1978 : De rare richelroek en oare opsizferskes 1981 : De groetnis fan Anne 1982 : Flintertútsjes 1987 : Disse en Jinge en frou Hilarides (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tek. Laura Tietjens: Berneboekegeskink nû. 1) 1988 : Frou Hilarides en it Museum foar Moderne Keunsten (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tek. Laura Tietjens: Berneboekegeskink nû. 2) 1989 : De saak Hilarides (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tek. Laura Tietjens: Berneboekegeskink nû. 3) 1990 : Omke Siger is in liger (tek. Carla van der Heijde, muzyk Jaap Oosterwyk: Berneboekegeskink nû. 4) 1994 : Buorfrou Flap hat grutte earen (tekeningen Geart Gratama, muzyk Mette Meinou Piebenga) 1997 : It swurd fan Lytse Pier (mei Akky van der Veer, tek. Karin Poiesz, Aksjeboek foar bern nû. 1) 1997 : Kadootsje yn papier, berneferskes (tekeningen Babs Wynstra, muzyk Jaap Oosterwyk) 1999 : Samar foetsy 2001 : Lokaal 13 2004 : De poes mei de lange sturt 2004 : De blauwe loftfyts 2006 : Dûnsje op in hynstekont 2008 : Koesboek 2009 : Koesboek (miny-edysje) 2009 : Pasta, pizza & patat 2012 : Snot & triennen en oare gedichten

Musikals en muzykteksten 1981 : De letterfretter (en 1983) (bernemusikal) 1983 : Romkje Roekenêst (bernemusikal) 1987 : Villa Aria (en 1988) (muzykprojekt foar bern yn gearwurking mei Omrop Fryslân, Tryater en it Frysk Orkest) 2002 : Tritichtûzen doazen (muzyk Peter Sijbenga, bernemusikal)

Ferskaat 1983 : Doch sels I (Karkribelje) (mei Meindert Bylsma, muzyk Hans ten Have, tek. Frits Klein) 1985 : Doch sels II (spulje en spylje) mei Meindert Bylsma, muzyk Swami Anand Johannes (Hans ten Have), tek. Frits Klein) 1985 : Doch sels III (It geheim fan it Gouden Ljocht) (mei Meindert Bylsma, muzyk Swami Anand Johannes (Hans ten Have), tek. Frits Klein) 1985 : Patat Spesjaal. In lês-, sjoch-, en dochboek (mei Meindert Bylsma, Douwe Kootstra, Tiny Mulder) 2002 : Ivich Underweis 125 jaar wegen, vaarwegen en kunstwerken Provincie Fryslân 2006 : De stien (mei Sjoerd Bottema, Boekewikegeskink) 2007 : Dat wie doe sa: skoalle (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 1) 2007 : Dat wie doe sa: beroppen (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 2) 2008 : Dat wie doe sa: feest (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 3) 2008 : Dat wie doe sa: iten & drinken: (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 4) 2009 : Dat wie doe sa: sport (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 5) 2009 : Dat wie doe sa: sjonge & spylje (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 6)

Postúm 2023 : De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder, in boek mei yllustraasjes en poëtyske teksten oer freonskip, leafde en jinsels wêze (oersetting fan The Boy, the Mole, the Fox and the Horse fan Charlie Mackesy) Wereldwijde bestseller nu ook in het Fries, Frysk Deiblêd, 19 septimber 2023, s. 5

Prizen 2004 : Ibby Honour List 2007 : Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns.

Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn Reduzum Kategory:Persoan stoarn yn Reduzum Kategory:Persoan berne yn 1946 Kategory:Persoan stoarn yn 2022