Pennsylvania (útspr.: [pɛnsɨl've:ɲǝ], likernôch "Pen-s'l-vee-njuh"), offisjeel it Mienebêst Pennsylvania (Ingelsk: Commonwealth of Pennsylvania), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Pennsylvania, byneamd de Keystone State, leit yn it noardeasten fan it lân, tusken de Grutte Marren en de Atlantyske Oseaan yn. De haadstêd is Harrisburg, mar de grutste stêd is Philadelphia, wylst ek it grutte Pittsburgh binnen de grinzen fan Pennsylvania leit. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 12,8 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 6e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Pennsylvania mei justjes minder as 120.000 km² de 33e steat. Pennsylvania stiet û.m. bekend om syn ferâldere koaleminen en stielyndustry, om 'e Amish yn Lancaster County en om it slachfjild fan Gettysburg.
Etymology Pennsylvania is ferneamd nei de stifter fan 'e oarspronklike Ingelske koloanje dêr't de Amerikaanske steat út fuortkomt, William Penn. De rest fan 'e namme ferwiist nei it grutte tal wâlden yn 'e steat (silva is Latyn foar "wâld"), en de folsleine namme betsjut dan ek safolle as "Penns Wâldlân". Yn 'e mande mei trije oare Amerikaanske steaten (Firginia, Kentucky en Massachusetts) hjit it offisjeel in "mienebêst" (commonwealth) te wêzen ynstee fan in "steat" (state), mar dat hat inkeld juridyske betsjutting, en komt allinnich fuort út in histoaryske ûntwikkeling.
De offisjele bynamme fan Pennsylvania is de Keystone State, ûntliend oan it begryp keystone (letterlik: "kaaistien"), de stien dy't de boppeste en dêrom sintrale en wichtichste posysje ynnimt yn in stienbôge boppe in doar of in finster. Mei dy namme wurdt ferwiisd nei de sintrale geografyske posysje dy't Pennsylvania ynnaam mank de oarspronklike Trettjin Koloanjes, en teffens om't safolle wichtige Amerikaanske dokuminten yn 'e Pennsylvania ûndertekene binne, lykas de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring.
Geografy Pennsylvania hat in oerflak fan 119.283 km², wêrfan't 2,7% út wetter bestiet. It hat in rjochthoekige foarm, en mjit 274 km fan noard nei súd en 455 km fan east nei west. Fan it wetteroerflak heart 1.940 km² ta de Earymar, ien fan 'e Grutte Marren, wylst 1.269 km² bestiet út binnenwetters. Pennsylvania leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5). De steat grinzget yn it noarden oan 'e steat New York, yn it westen oan Ohio, yn it súdwesten oan West-Firginia, yn it suden oan Marylân, yn it súdeasten oan Delaware en yn it easten oan Nij-Jersey. De súdgrins fan Pennsylvania leit op 39°43' noarderbreedte, en falt gear mei de Mason-Dixonline. Yn it súdeasten wurdt de grins foarme troch Tolvemylssirkel en de rivier de Delaware. De noardgrins leit op 42° noarderbreedte en de westgrins op 80°31' westerlingte.
Yn it noardwesten hat Pennsylvania in 82 km lange kustline oan 'e Earymar, wat in ynternasjonale grins is mei't oan 'e oare kant fan it wetter de Kanadeeske provinsje Ontario leit. Yn it súdeasten hat Pennsylvania fierders in 92 km lange igge oan 'e rivier de Delaware, net fier fan it plak dêr't dy útmûnet yn 'e Atlantyske Oseaan. Pennsylvania is de iennichste fan 'e oarspronklike Trettjin Koloanjes dy't gjin diel fan 'e Atlantyske kust omfettet. It heechste punt yn 'e steat is de Mount Davis, yn 'e Appalachen, op 979 m boppe seenivo, en it leechste punt is it oerflak fan 'e rivier de Delaware, oan 'e súdeastgrins, dat op seenivo leit.
De midden fan Pennsylvania wurdt dominearre troch de Appalachen, it grutste berchtme fan Noard-Amearika eastlik fan 'e Rocky Mountains. De steat falt útinoar yn fiif regio's. Fan súdeast oan noardwest binne dat: de Atlantyske Kustflakte, it heuvelige foarlân fan 'e Appalachen, de binnenste Appalachen, it Allegheny-plato en de Earyflakte. De wichtichste rivieren fan 'e steat binne de Delaware, de Ohio, de Susquehanna, de Allegheny en de Monongahela. Der binne yn Pennsylvania gjin Yndianereservaten.
Skiednis Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken waard Pennsylvania bewenne troch Yndiaanske folken, lykas de Delawêr (Delaware), Suskehannok (Susquehannock), Eary (Erie), Irokezen en Sjâny (Shawnee). Fan 'e iere santjinde iuw ôf makken ferskate Jeropeeske lannen oanspraak op wat letter súdeastlik Pennsylvania wurde soe. Yn 1631 krongen Steatske kolonisten fanút Zwaanendael, yn it hjoeddeistige Delaware, it gebiet binnen om it by harren WIC-koloanje Nij-Nederlân te foegjen. Yn 1638 fêstigen Sweedske kolonisten yn deselde krite de koloanje Nij-Sweden (dy't lykwols yn 1655 troch de Nederlanners ferovere en by Nij-Nederlân foege waard). En yn 1664 joech kening Karel II fan Ingelân tastimming en wreidzje de Ingelske koloanje Firginia yn noardlike rjochting út nei itselde gebiet.
Datselde jiers feroveren de Ingelsen yn it ramt fan 'e Twadde Ingelske Oarloch Nij-Nederlân op 'e Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, en yn 1667 waard by de Frede fan Breda befêstige dat it gebiet yn Ingelske hannen bliuwe soe. Under de Tredde Ingelske Oarloch werovere de WIC lykwols Nij-Nederlân, en fierde der in yndieling yn distrikten yn dêr't Upland County, de âldste county fan Pennsylvania, syn ûntstean oan tanket. Twa jier letter, doe't tusken Ingelân en de Republyk de Frede fan Westminster sletten waard, krige Ingelân lykwols Nij-Nederlân wer werom, yn ruil foar it folle lukrativere Suriname.
Op 28 febrewaris 1681 skonk kening Karel II fan Ingelân in oarkunde oan 'e quaker William Penn, wêryn't dy de rjochten krige op in ûnbidich grut gebiet yn Noard-Amearika. Dizze transaksje wie bedoeld om 'e skuld fan 'e kening oan Penn syn heit, admiraal William Penn, werom te beteljen, dy't £16.000 bedroech (omrekkene yn jild fan 2008 wie dat £2,1 miljoen). Penn wie fan doel om yn it gebiet in nije koloanje te stiftsjen, dy't in taflechtsoard wurde moast fan 'e oan godstsjinstferfolgings bleatsteande quakers. De kening neamde it gebiet nei him 'Pennsylvania', eat dêr't er Penn tige mei yn ferlegenheid brocht, mei't dy bang wie dat de lju tinke soene dat er it gebiet nei himsels ferneamd hie. Letter yn 1681 ûnderhannele Penn mei it Delawêr-opperhaad Tamanend (ûnder de Ingelsen fan dy tiid better bekend as Tammany). Dêrby wist er sawol it lân te keapjen dêr't er ferlet fan hie, as in duorjende frede te sluten. It wie it begjin fan in lange perioade fan freonskiplike relaasjes tusken de quakers en de Yndianen. It Ferdrach fan Penn wie ien fan 'e seldsume ferdraggen tusken blanken en Yndianen dat nea troch de blanken brutsen waard.
Oarspronklik hearde ta Pennsylvania ek de lettere steat Delaware, in gebiet dat yn dy tiid oantsjut waard as de 'Nedergreefskippen' (Lower Counties). Tsjin 1704 wie Pennsylvania lykwols sa grut wurden, dat de koloniale assimblee fûn dat it gebiet wol sûnder de lestige Nedergreefskippen koe. Sadwaande ûntstiene der doe twa folksfertsjintwurdigings, hoewol't de erven Penn oant de Amerikaanske Revolúsje beide gebieten yn pacht holden en der altyd ien en deselde gûverneur foar beneamden.
Yn 'e achttjinde iuw rekke Pennsylvania yn in slepend konflikt behelle mei de koloanje Konettikut, ien fan 'e oare Britske koloanjes yn Noard-Amearika. De oarspronklike oarkunde fan Konettikut omfieme nammentlik alle lân dat nei it westen ta yn it ferlingde fan 'e koloanje lei, oan 'e Stille Oseaan ta. Doe't Konettikut nei oanlieding dêrfan yn 1753 in njoggende county stifte, Westmoreland, dat tusken de rivieren de Susquehanna en de Delaware yn komme moast te lizzen (no foarby de westgrins fan 'e steat), late dat ta de Pennamityske Oarloggen mei Pennsylvania, dat oanspraak makke op itselde gebiet. Dat (net botte bloedige) konflikt duorre fuort oant Konettikut it gebiet yn 1784 ôfstie oan Pennsylvania. Yn 1763 hie Pennsylvania folle mear te lijen ûnder de Oarloch fan Pontiac, wêrby't delsettings en boerespultsjes oan 'e foargrins fan 'e kolonisaasje oanfallen waarden troch in koälysje fan Yndiaanske stammen ûnder lieding fan it opperhaad Pontiac.
Fan likernôch 1765 ôf woeks yn Pennsylvania de ûntefredenens oan oer it Britske bestjoer fan 'e koloanje. Ien fan 'e lieders fan 'e protesten wie de politikus John Dickinson, dy't de auteur wie fan û.m. de Declaration of Rights and Grievances ("Ferklearring fan Rjochten en Griven") en fan 'e Letters from a Farmer in Pennsylvania, to the Inhabitants of the British Colonies ("Brieven fan in Boer út Pennsylvania, oan de Ynwenners fan 'e Britske Koloanjes"). Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, dy't yn 1774 útbriek, waard Philadelphia de yn 't earstoan ynformele haadstêd fan 'e nije Feriene Steaten. It wie dêr dat it Kontinintaal Kongres gearkaam, mei fertsjintwurdigers fan alle opstannige koloanjes, en dêr waard ek, yn maaie 1775, de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring opsteld en ûndertekene. Letter, doe't de Amerikaanske Grûnwet skreaun waard, fûn dat op 'e nij plak yn Philadelphia. Nei't de Feriene Steaten yn 1783 harren ûnôfhinklikheid wûn hiene, wie Pennsylvania op 12 desimber 1787 de twadde steat dy't de Grûnwet ratifisearre, fiif dagen nei Delaware.
Yn 1790 waard Philadelphia formeel oanwiisd as de federale haadstêd fan 'e Feriene Steaten, wylst fan 1791 ôf wurke waard oan 'e oanlis fan 'e nije haadstêd Washington, D.C. Dy wie lykwols pas yn 1800 safierhinne klear dat it nasjonale regear dêrhinne ferhúzje koe. Philadelphia wie oant 1799 ek de haadstêd fan Pennsylvania. Dêrnei hie it regear fan 'e steat syn sit yn Lancaster, oant yn 1812 foargoed Harrisburg de haadstêd waard. It âlde steatskapitoal, it saneamde Hills Capitol, waard dêr yn 1821 yn gebrûk nommen, mar brânde op 2 febrewaris 1897 ûnder in sniestoarm ôf. It hjoeddeistige Steatskapitoal fan Pennsylvania kaam yn 1907 ree.
Yn 1859 begûn yn Pennsylvania de earste kommersjele eksploitaasje fan ierdoalje yn 'e wrâld, doe't Edwin Drake yn Titusville mei súkses in ierdoaljeboarne oanboarde. Dat foarfal late ta de earste grutte oalje-boom fan 'e Amerikaanske skiednis. De Demokraat James Buchanan, dy't fan 1857 oant 1861 presidint fan 'e Feriene Steaten wie, wie de iennichste presidint ea dy't út Pennsylvania ôfkomstich wie. Hy regearre yn in drege tiid, doe't sawol yn it Noarden (dêr't Pennsylvania ta hearde) as yn it Suden de hollen almar hjitter waarden.
Uteinlik late dat, in pear moannen nei de ôfrin fan Buchanan syn presidintskip, ta it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865). Under dat konflikt focht Pennsylvania foar de Feriene Steaten tsjin 'e Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika, dy't har besochten ôf te skieden. Nei skatting tsjinnen der sa'n 350.000 Pennsylvanen yn it Noardlike Leger, ynkl. 8.600 Afro-Amerikaanske frijwilligers. It hichtepunt fan 'e striid foel foar Pennsylvania yn 1863, doe't it Konfederearre Leger fan Noardlik Firginia, ûnder generaal Robert E. Lee, djip yn 'e steat trochkrong, mar yn 'e ferneamde Slach by Gettysburg weromslein waard troch de Noardliken ûnder generaal George G. Meade. Hoewol't de oarloch neitiid noch twa jier oanhold, kin der in goede saak makke wurde om 'e bewearing te ûnderbouwen dat it Suden de striid by Gettysburg foargoed ferlear.
Yn 1923 stifte presidint Calvin Coolidge yn Pennsylvania, dat 9% fan alle bosken fan 'e Feriene Steaten beslacht, it mânske Nasjonaal Wâld Allegheny. Om dyselde snuorje hinne kaam ûnder de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing in grutte kloft swarten út it Suden wei, dêr't se te lijen hiene ûnder earmoede en diskriminaasje. Hja setten har û.m. yn Philadelphia en Pittsburgh nei wenjen, om as fabryksarbeiders yn benammen de stielyndustry in better bestean op te bouwen. De stielfabriken rekken lykwols fan 'e 1970-er jierren ôf yn 'e nederklits, en in protte moasten slute. Ek de koaleminen diene it sûnt dy tiid min, mei as gefolch dat benammen yn westlik Pennsylvania, dat ta de saneamde Roastgurdle (Rust Belt) rekkene wurdt, grutte wurkleasheid ûntstie.
Bestjoer