Utah (útspr.: ['ju:tɔ:], likernôch "jûûtô"), offisjeel de Steat Utah (Ingelsk: State of Utah), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Utah, byneamd de Beehive State ("Bijekoersteat"), leit yn it westen fan it lân, foar in part yn 'e Rocky Mountains en foar in part yn 'e Grutte Dobbe. It wurdt wol ta de regio fan it Amerikaanske Súdwesten rekkene. De haadstêd is Salt Lake City, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe rom 2,9 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 33e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Utah mei krapoan 220.000 km² de 13e steat. Utah stiet bekend om 'e Grutte Sâltmar, de Olympyske Winterspullen fan 2002, dy't yn Salt Lake City holden waarden, en om it feit dat it meastepart fan 'e befolking fan 'e steat út mormoanen bestiet.
Namme De Ingelske namme Utah is ôflaat fan 'e namme fan 'e Jût (Ute), in Yndiaansk folk. Yn it Jût betsjut it letterlik: "Berchfolk". De namme fan Utah yn it Navaho is Áshįįh bi Tó Hahoodzo; yn it Arapaho hjit de steat Wo'tééneihí.
Geografy Utah hat in oerflak fan 219.887 km², wêrfan't 3,3% út wetter bestiet. It leit yn 'e Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6), en grinzget yn it westen oan 'e Amerikaanske steat Nevada, yn it suden oan Arizona, yn it easten oan Kolorado, yn it noardeasten oan Wyoming en yn it noarden oan Idaho. Yn it uterste súdeasten komme de eastlike en súdlike grinzen fan Utah gear yn it fjouwersteatepunt Four Corners mei de grinzen fan Arizona, Nij-Meksiko en Kolorado. It heechste punt yn 'e steat is King's Peak, yn it Uinta-berchtme, op 4.120 m boppe seenivo, en it leechste punt is Beaverdam Wash, yn it uterste súdwesten fan 'e steat, mei in hichte fan 610 m boppe seenivo.
Utah stiet bekend om syn natoerskientme en syn grut ferskaat oan lânskipsfoarmen, dy't útinoar rinne fan tesinzgjende woastinen mei sândunen oant florearjende dinnebosken yn 'e berchdellingen. De steat kin geografysk-geologysk opdield wurde yn trije parten: de sniebekape bergen fan 'e Rocky Mountains yn it easten, it Koloradoplato yn it suden, en de Grutte Dobbe yn it westen. It súdwestlike part fan Utah stiet wol bekend as 'Utah's Dixie' ('Dixieland' is in alternative beneaming foar it Amerikaanske Suden), om't iere kolonisten der katoen ferbouwe koene. Yn dy krite leit ek de noardlike útrinner fan 'e Mojavewoastyn.
Fan 'e Rocky Mountains út, wêrfan't de haadrige by de eastgrins fan Utah lâns rint, spriede har ferskate útrinners út dy't djipper yn 'e steat trochkringe. Sa rint it Wasatch-berchtme, dat opriist oant 3.700 m boppe seenivo, fan noard nei súd dwers troch de midden fan it noardlike trêdepart fan Utah. Yn dat gebiet lizze skyoarden dy't populêr binne fanwegen de lichte, dûnzige snie dy't dêr by winterstoarmen mei 30 oant 90 sm de nacht falt. It Uinta-berchtme, mei hichten dy't boppe de 4.000 m útkomme, behearsket de noardeasthoeke fan Utah, dêr't it fan east nei west trochhinne rint. Oan 'e westlike foet fan it Wasatch-berchtme leit it Wasatch-front, in rige dellings dêr't trijefearn fan 'e befolking fan Utah wennet, en dy't har útstrekke fan Brigham City yn it noarden oant Nephi yn it suden.
De Grutte Dobbe yn westlik Utah bestiet foar it meastepart út woastynlân, dat ûnderbrutsen wurdt troch lytse berchtmen. De iennichste útsûndering dêrop wurdt foarme troch de Bonneville-sâltflakte, dy't frijwol hielendal flak is en yn 'e prehistoarje de boaiem foarme fan 'e opdrûge Bonneville-mar. De Grutte Sâltmar, dy't de noardwesthoeke fan 'e steat dominearret, en teffens de Utah-mar, de Sevier-mar en de Rush-mar, binne allegear restanten fan dat ûnbidige binnenwetter. Bewesten de Grutte Sâltmar leit de tige drûge Grutte Sâltmarwoastyn, dy't oan 'e grins mei Nevada ta rikt. As in oäze dêrmiddenyn leit de Snake-delling, dy't relatyf wielderich is fanwegen boarnen en sompen dy't fet wurde troch grûnwetter, ôfkomstich fan teide snie út it Snake-berchtme en it Deep Creek-berchtme.
It Koloradoplato fan súdlik Utah bestiet fierhinne út sânstien, dêr't de rivier de Kolorado en syn sydstreamen trochhinne meänderje. It wetter hat dêrby oer in tiidsspanne fan miljoenen jierren geweldige foarmen yn it sêfte stiente útsliten, lykas kleauwen, kliffen, fuorgen, bôgen, rotspjutsen en tafellannen. Grutte dielen fan dit majestueuze lânskip hawwe in beskerme status, wêrûnder de nasjonale parken Arches, Bryce Canyon, Canyonlands, Capitol Reef en Zion, de nasjonale monuminten Cedar Breaks, Grand Staircase-Escalante, Hovensweep en Natural Bridges en it Nasjonaal Rekreaasjegebiet Glen Canyon (mei de Powell-mar). Yn dyselde krite leit ek it prachtige Monument Valley, dat yn it ferline faak as eftergrûn foar westernfilms brûkt is.
Der binne yn Utah seis Yndianereservaten: ● it Gosjût Yndianereservaat (ek yn Nevada) ● it Navaho Yndianereservaat (ek yn Arizona en Nij-Meksiko) ● it Pajût Yndianereservaat ● it Skull Valley Yndianereservaat ● it Uintah en Ouray Yndianereservaat ● it Washakie Yndianereservaat
Skiednis Prehistoarje en Spaansk en Meksikaansk bewâld De minsklike bewenning fan wat no Utah is, giet mear as tsientûzen jier tebek. Milennialang waard it gebiet befolke troch de Anasazy en troch de Yndianen fan 'e Fremont-kultuer. Beide groepen hearden ta de Jûto-Azteken. De Anasazy loeken har letter yn Nij-Meksiko en Arizona werom, dêr't se de foarâlden waarden fan 'e moderne Pûeblo-Yndianen. It Fremont-folk ferdwûn omtrint de fyftjinde iuw út 'e regio. De Atapaskyske Navaho (Navajo) setten har om 1700 hinne nei wenjen yn Arizona, Nij-Meksiko en it uterste suden fan Utah. Hja libben dêr doe't de earste blanke kolonisten arrivearren, dy't fierders yn 'e bergen fan eastlik Utah de Jût (Ute) oantroffen en yn 'e Grutte Dobbe fan westlik Utah de Gosjût (Goshute), Pajût (Paiute) en Sjosjoanen (Shoshone).
De earste Jeropeaan dy't Utah besocht, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Francisco Vásquez de Coronado, dy't yn 1540 oer it Kolumbiaplato reizge op 'e siik nei de mytyske Sân Goudene Stêden fan Cibola. Yn 1776 ferkende de Ekspedysje fan Dominguez en Escalante, oanfierd troch twa roomske preesters, it binnenlân fan Utah oan 'e Utah-mar ta, op 'e siik nei in gaadlike rûte nei de Kalifornyske kust. Hoewol't de Spanjerts it gebiet fierder ûndersochten en it by harren koloanje Nij-Spanje foegen, hiene se der gjin belang by om it te kolonisearjen, mei't it foar it meastepart woastyn en rotsgrûn wie, en se fierder nei it suden ta folle better lân ta har foldwaan hiene.
Yn 1821, doe't Nij-Spanje ûnôfhinklik waard ûnder de namme Meksiko, kaam Utah by dat lân te hearren. Tsjin dy tiid wiene de earste blanke jagers en pelskeaplju út Kanada en de Feriene Steaten wei al yn 'e krite trochkrongen. Nei ien fan harren, Étienne Provost, dy't it gebiet yn 1825 oandie, soe letter de stêd Provo ferneamd wurde, wylst de namme fan in oarenien, Peter Skene Ogden, ferivige is yn 'e plaknamme fan 'e stêd Ogden. Ein 1824 waard de ferneamde gids Jim Bridger de earste Ingelsktalige persoan (ynsafier bekend) dy't de Grutte Sâltmar besocht. Fanwegen de hege sâltheidsgraad fan it wetter tocht er earst dat er in baai fan 'e Stille Oseaan ûntdutsen hie, mar doe't er de kust fan 'e mar folge, ûntdiek er dat it om in reuseftige sâltmar gie. Neitiid fêstigen har hûnderten Amerikaanske en Kanadeeske jagers en pelskeaplju yn 'e neite fan 'e mar, dy't doedestiden bekend stie as Lake Youta.
De mormoanen Yn 1844, nei de dea fan Joseph Smith, waard de profeet Brigham Young as foarsitter fan it Kwoarum fan de Tolve de lieder fan 'e mormoanske Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen, dy't doedestiden yn Nauvoo, yn Illinois fêstige wie. De mormoanen, dy't mearwiverij bedreaune en in wol hast kommunistyske, koöperative libbenswize hiene dy't skril ôfstiek tsjin it ekstreme yndividualisme fan 'e oare Amerikanen, kamen dêr almar mear yn konflikt mei harren net-mormoanske buorlju. Dêrom sleat Young yn oktober 1845 in oerienkomst mei Thomas Ford, de gûverneur fan Illinois, dat hy en syn folgelingen yn 1846 de steat ferlitte soene.
Sadwaande setten de mormoanen doe ôf nei it Wylde Westen, dêr't se in nij Unthjitten Lân hopen te finen. Brigham Young en de earste groep mormoanske pioniers berikten op 24 july 1847 de Sâltmardelling. Hoewol't se dêr de earste jierren wrakselje moasten om te oerlibjen, wiene se sa bliid as wat mei dit woastynlân, dêr't se einlings en te'n lêsten har eigen religy beoefenje koene sûnder dat se dêrfoar ferfolge waarden. Troch harren kommunale wurkwize en heech ûntwikkele lânboumetoaden wisten de mormoanen der te oerlibjen en sels te florearjen. Oer in perioade fan 22 jier joegen har sa'n 70.000 oare mormoanen by dy earste groep. Hja stiften mear as hûndert delsettinkjes yn wat Young Deseret neamde, en regearre as in folslein ûnôfhinklike teokrasy. 'Deseret' wie neffens it Boek fan Mormon in oerâld wurd foar hunichbij; dêrfandinne ek de bynamme fan Utah as de Beehive State ("Bijekoersteat") en it biedwurd Industry ("Warberens").
De troch Young as residinsje foar de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen stifte stêd Salt Lake City waard it mulpunt dat nije gebiet. Behalven mei de lânbou fertsjinnen de iere mormoanen ek har brea mei de ferkeap fan alderlei guod oan kolonistekarafanen op trochreis nei Kalifornje. Boppedat sleaten se ferdraggen mei de Jût en de oare Yndianen yn Utah om't Young ornearre dat it op 'e lange termyn goedkeaper wêze soe om 'e Yndianen mei-ite te litten fan 'e rispingen fan 'e mormoanen, as om oarloch tsjin harren te fieren. Behalven yn Utah stiften de mormoanen ek plakken dy't bûten de (úteinlike) grinzen fan 'e steat komme soene te lizzen, lykas Las Vegas (Nevada), Franklin (Idaho), San Bernardino (Kalifornje) en Star Valley (Wyoming). Wichtige delsettings yn Utah wiene û.m. St. George, Logan en Manti, dêr't de mormoanen harren earste trije timpels yn Utah setten, mei de bou wêrfan't begûn waard nei dy fan 'e bekendere en gruttere timpel yn Salt Lake City, mar dy't allegearre al jierren klear en yn gebrûk wiene ear't de timpel fan Salt Lake City yn 1893 reekaam.
Nei't it gebiet yn 1848 by it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo, dat in ein makke oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, troch Meksiko oan 'e Feriene Steaten ôfstien wie, kaam it bekend te stean as it Territoarium Utah. Dat wie in stik lytser as Deseret, mar omfieme noch altyd it hjoeddeiske Utah en Nevada, mei dêropta dielen fan Wyoming en Kolorado. Dat organisearre territoarium kaam ta stân by it Kompromis fan 1850, en Fillmore, ferneamd nei de Amerikaanske presidint Millard Fillmore, waard de haadstêd. Al yn 1856, lykwols, waard de sit fan it regear ferpleatst nei Salt Lake City. Hoewol't de mormoanen harren Deseret as steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen hawwe woene, rêden se dat net op, mei't hast de hiele politike fêstige oarder yn Washington, D.C. tige anty-mormoansk wie.
Dat waard noch helte minder doe't it Amerikaanske regear yn 1848, ûnder druk fan protestantske tsjerken, it besteansrjocht fan Deseret en de troch de mormoanen as ûnderdiel fan harren leauwe beliden polygamy ôfwiisde. Young-en-dy loeken har lykwols neat oan fan in regear yn it fiere Washington dat sy net erkenden, en de relaasjes giene mei feart en faasje berchôf. Oan 'e ein fan 'e 1850-er jierren, doe't de Amerikaanske presidint James Buchanan it Amerikaanske Leger op 'e mormoanen ôfstjoerde, liek it skeel op iepen oarloch ta te gean.
Lytse Boargeroarloch