Hendrik Bulthuis (Burgum, 19 augustus 1892 - dêre, 31 desimber 1948) wie in kapper en skearbaas yn Burgum dy't de BM'er ûntwurpen hat.
Biografy Hendrik Bulthuis waard yn 1892 berne yn Burgum as soan fan Johannes Bulthuis en Berendje Bos. Syn heit wie skuonmakker en Hendrik brocht syn jeugd troch op Skoalstrjitte 78 dêre. Yn 1914 ferliet Hendrik syn âlderlik hûs om op himsels te wenjen yn itselde doarp. Yn datselde jier troude er mei Maaike Smeding en in pear moanne letter luts sy by him yn. Tegearre krige it pear trije dochters. Yn 1921, doe 't Hindrik 29 jier âld wie, iepene er in kapperssaak mei in hannel yn sigaren anneks oan de Legewei. Jack Brans, Nieuwsbrief nr. 10. Bergumermeerclub (2010) ( deade keppeling )
Yn 1943 ferkocht Bulthuis de winkel en ferstoar fiif jier letter, 56 jier âld.
BM'ers thumb|250px|BM-er op de foargrûn by Grou,±1927 As in frjemd skip foar de wâl lei rûn Bulthuis út de saak wei om te sjen. Hy koe eins net goed ha dat de sylboaten fan doe, meast gewoane skouwen de gruttere skippen net besile koe. Yn 1928 makke er tekeningen en boude in boat dy't hy Burgumer Mar neamde, de BM'er. By it silen op de mar helle er it midswurd omheech by de ûndjipten. It bliek dat de boat omraak sile woe. It brocht in revolúsje yn de jachtbou. De hûd fan in BM'er bestiet út lytse op inoar spikere latsjes. Se binne fêstmakke op mallen dy't sadwaande as spanten tsjinje, mar folle fierder útinoar stean. In soad minsken woene ek in BM'er. Foar Fl 100,- koe elk tekeningen, hout en in lape katoen keapje. Bulthuis hat syn rjochten nea fêstlein yn de foarm fan in oktroai. Der waard doe allinnich troch minsken mei jild syld en it wie Hendrik te dwaan om it silen foar de gewoane man te befoarderjen. Der kamen hieltyd mear BM'ers.
Yn 1931 makke er noch in type BM'er mei in grutter túch, de 16-kwadraat. Foar bern makke er in sylkano en as oefenboat in syl- en roeijol, de Bulthuisjol mei in lingte fan 5 meter en 10m² túch. Yn 1942 boude Bulthuis foar famyljes in sylboat op basis fan de BM mei in kajútsje der op.
Yn de jachthaven fan Burgum stiet in brûnzen byld út 1986, makke troch keunstner Gosse Dam. It stelt in hurdsiler op in BM foar mei ien hân oan it roer. Fan it Wettersportbûn krige er de Lukaspenning foar syn fertsjinsten foar de wettersport. Yn 2016 waard it akwadukt yn de Sintrale As by Burgum ûnder it Prinses Margrytkanaal troch nei him ferneamd. Ids Willemsma hat dêrby in keunstwurk makke, basearre op de troch Bulthuis ûntwurpen boaten.
Toaniel Hindrik Bulthuis wie in warber lid fan de Fryske Krite yn Burgum. Hy hat Fryske revu's en toanielstikken skreaun, wêrûnder Friezen hâld moed Postbus 4 Boppedat wie er spiler en grimeur fan toanielferiening "Der Wie Ris". Foar syn fertsjinsten krige er in earemedalje.
Sjoch ek Burgumer Mar (sylboat)
Kategory:Frysk hierknipper Kategory:Frysk skipsbouwer Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Burgum Kategory:Persoan stoarn yn Burgum Kategory:Persoan berne yn 1892 Kategory:Persoan stoarn yn 1948 Kategory:Wettersport