Tennessee (útspr.: [tɛnɨ'si:], likernôch "tenne-sii"), offisjeel de Steat Tennessee (Ingelsk: State of Tennessee), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Tennessee, byneamd de Volunteer State, leit yn it sintrale easten fan it lân, yn 'e Appalachen, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Nashville, mar de grutste stêd is Memphis. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 6,5 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 17e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Tennessee mei rom 109.000 km² de 36e steat. Tennessee stiet bekend om syn rûge wyldernis, syn whiskey en Nashville, dat it wrâldsintrum fan 'e countrymuzyk is.

Etymology De namme 'Tennessee' komt út it Sjeroky, de taal fan it Yndiaanske folk mei deselde namme. It is in ferbastering fan ᏔᎾᏏ, Tanasi, dat de namme wie fan in Sjeroky-doarp yn wat no Monroe County is, oan 'e igge fan 'e rivier de Lytse Tennessee. De betsjutting fan Tanasi is ûndúdlik, en der binne oanwizings dat it in lienwurd is dat yn it Sjeroky oernommen is út in oare Yndiaanske taal, it Jûtsjy. Mooglik betsjuttings binne "plak fan gearkomste", "bochtsjende rivier" en "rivier fan 'e grutte bocht". Neffens folkekundige James Mooney is de namme net mear te analysearjen en is de oarspronklike betsjutting ferlern gien. De moderne stavering fan 'Tennessee' waard foar it earst yn 'e 1750-er jierren brûkt troch James Glen, de doetiidske gûverneur fan 'e Britske Koloanje Súd-Karolina. De bynamme fan Tennessee, de Volunteer State ("Frijwilligerssteat") ferwiist nei de Oarloch fan 1812, doe't frijwilligers út Tennessee in wichtige rol spilen yn 'e Slach om New Orleans.

Geografy Tennessee hat in oerflak fan 109.247 km², wêrfan't 2,2% út wetter bestiet. It hat de foarm fan in paralellogram, en mjit 195 km fan noard nei súd en 710 km fan east nei west. It eastlik trêdepart fan 'e steat leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4), wylst it westlike twatrêdepart by de yn 'e Sintrale Tiidsône heart (UTC –6, simmertiid –5). Tennessee is landlocked, en wurdt hielendal omjûn troch oare Amerikaanske steaten. It grinzget yn it noarden oan Kentucky, yn it westen oan Missoery en Arkansas, yn súdwesten oan Mississippy, yn it sintrale suden oan Alabama, yn it súdeasten oan Georgia, yn it easten oan Noard-Karolina en yn it noardeasten oan Firginia. De iennichste oare Amerikaanske steat dy't safolle buorsteaten hat is Missoery.

De noard- en súdgrinzen fan Tennessee binne fierhinne rjochte linen, mar de westgrins folget de rin fan 'e rivier de Mississippy, en de eastgrins wurdt foarme troch in krinkeljende line dy't dwers troch de Appalachen giet. Deunby dy eastgrins leit de berch Clingmans Dome, dy't mei 2.025 m boppe seenivo it heechste punt fan 'e steat is. Dat is teffens it op twa nei heechste punt fan 'e hiele Feriene Steaten beëasten de Rocky Mountains. It leechste punt fan Tennessee is de igge fan 'e rivier de Mississippy, oan 'e westgrins, mei in hichte fan 54 m boppe seenivo. De wichtichste rivieren fan 'e steat binne de Mississippy, de Cumberland en de Tennessee, dy't de steat twaris midstwa snijt, yn it easten fan noard nei súd en yn it westen fan súd nei noard. Tennessee hat de measte grotten fan alle Amerikaanske steaten: mear as 9.600. Der binne yn Tennessee gjin Yndianereservaten.

Tennessee kin opdield wurde yn seis geografysk-geologyske kriten. Fan east nei west binne dat: it Blue Ridge-berchtme, de binnenste Appalachen, it Cumberlandplato, de Heechlânrâne, de Dobbe fan Nashville en de Golfflakte. Kultureel, ekonomysk en juridysk is Tennessee ferdield yn trije regio's: East-Tennessee, Midden-Tennessee en West-Tennessee. Fan it fiifkoppige Heechgerjochtshôf fan Tennessee kinne nea mear as twa leden út deselde regio ôfkomstich wêze, en dyselde regel jildt foar in grut tal kommisjes en oare ynstellings.

East-Tennessee wurdt dominearre troch de Appalachen, it grutste berchtme fan 'e Feriene Steaten beëasten de Rocky Mountains. De berchkeatling kin ûnderferdield wurde yn in stikmannich lytsere berchrigen: de Great Smoky Mountains, de Keale Bergen, it Unicoi-berchtme, it Unaka-berchtme, it Roan-heechlân en de Izerbergen. It eastlike diel fan 'e steat is tige tinbefolke en heart foar in grut part ta it Nasjonaal Wâld Cherokee en it Nasjonaal Park de Great Smoky Mountains. Mear nei it westen ta leit it fruchtbere lânbougebiet fan 'e Tennessee-delling, en noch fierder westlik it Cumberlandplato mei syn ôfplatte bergen en djip ynsniene dellingen.

Midden-Tennessee bestiet út de Heechlânrâne, in heechflakte dy't de leger leine Dobbe fan Nashville omslút. It noardlike diel fan 'e Heechlânrâne wurdt foarme troch it Pennyroyal-plato, dat bekendstiet om syn tabaksbou. Ek de rest fan 'e Heechlânrâne bestiet út fruchtbere lânbougrûn. West-Tennessee omfiemet it diel fan 'e Golfflakte dat binnen de grinzen fan Tennessee leit. Dat diel fan 'e steat falt útinoar yn trije parten, mei yn it easten in bân fan steile heuvels dy't de skieding mei de Heechlânrâne oanjout. Mear nei it westen ta folget in brede sône mei gloaiend heuvellân. Tsjin 'e rivier de Mississippy oan leit de út frijwol flak leechlân besteande alluviale Mississippyflakte.

Skiednis Iere skiednis De ierste bewenners fan wat letter Tennessee wurde soe, wiene Paleo-Yndianen, dy't har likernôch 12.000 jier lyn yn 'e krite nei wenjen setten. Fan 8000 oant 1000 f.Kr. hearde Tennessee ta it gebiet fan 'e Argayske kultuer, fan 1000 f.Kr. oant 1000 n.Kr. ta it gebiet fan 'e Wâldlânkultuer en fan 1000 oant 1500 ta de Mississippykultuer. Yn 'e histoaryske perioade waard Tennessee bewenne troch de Jûtsjy (Yuchi) en troch Muskogeeske folken lykas de Tsjoktou (Choctaw) en de Tsjikkesou (Chickasaw).

De earste Jeropeänen dy't Tennessee besochten, wiene ferskate Spaanske ûntdekkingsreizgers, ntl. Hernando de Soto yn 1540, Tristán de Luna y Arellano yn 1559 en Juan Pardo yn 1567. Pardo wie dejinge dy't foar it earst de namme 'Tennessee' optekene, yn 'e foarm Tanasqui. Yn 'e rin fan 'e santjinde iuw rekken grutte dielen fan Tennessee ûntfolke, wierskynlik troch epidemyen fan Jeropeeske sykten dêr't de Yndianen gjin ferwar tsjin hiene. Dêrop lieten de Irokeeske Sjeroky (Cherokee) har ôfsakje út wat no Kentucky en West-Firginia is, om har yn Tennessee nei wenjen te setten.

Kolonisaasje De earste Britske delsetting yn Tennessee wie Fort Loudoun, dat yn 1756 stifte waard yn 'e neite fan it tsjintwurdige Vonore, troch kolonisten dy't ôfkomstich wiene út 'e Koloanje Súd-Karolina. Dat late lykwols ta fijannichheden mei de Sjeroky, dy't it fort belegeren oant dat him op 7 augustus 1760 oerjoech. Yn 'e folgjende tsien jier waard hiel eastlik en sintraal Tennessee ferkend troch blanke jagers út 'e Koloanje Firginia, en tsjin 1770 arrivearren de earste permaninte kolonisten, dy't foar likernôch 80% fan Ingelsk en foar 20% fan Ulstersk komôf wiene. Dy lju foarmen yn 1772 de Wataugaferiening, in mienskip dy't him fêstige op lân dat pachte waard fan 'e Sjeroky, en dy't ornaris as de earste Amerikaanske oerheid bewesten de Appalachen beskôge wurdt.

Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783) wie Tennessee it toaniel fan in guerrilja-oarloch dy't tsjin 'e Amerikaanske delsettings fierd waard troch de Tsjikkamauga-Sjeroky ûnder lieding fan it opperhaad Slepende Kano, dy't it mei de Britten hold. Yn 1780 foarme eastlik Tennessee de útfalsbasis fan in Amerikaanske formaasje dy't bekend kaam te stean as de Oerberchske Mannen (Overmountain Men), ear't dy de Appalachen oerstieken (dêrfandinne de namme) om yn Súd-Karolina de Britten te ferslaan yn 'e Slach by Kings Mountain.

Om dy tiid hinne hearde Tennessee bestjoerlik ta de steat Noard-Karolina, mei't it yn westlike rjochting yn it ferlingde fan Noard-Karolina lei, en de oarspronklike Britske oarkunden dêr't de Trettjin Koloanjes mei stifte wiene, hawwe woene dat dy koloanjes yn prinsipe yn westlike rjochting trochrûnen oan 'e Stille Oseaan ta. It kolonisearre diel fan East-Tennessee kaam bekend te stean as it Washingtondistrikt. Trije countys dêrfan skaten har yn 1784 fan Noard-Karolina ôf en rôpen de Steat Franklin út. It slagge har lykwols net om as sadanich talitten te wurden ta de Amerikaanske Uny, en tsjin 1789 waard it gesach fan Noard-Karolina wer erkend. Yn 1790 stie Noard-Karolina alle lân bewesten de Appalachen lykwols ôf oan it federale Amerikaanske regear, wêrnei't it reorganisearre waard as it Súdwestlik Territoarium. Uteinlik waard Tennessee op 1 juny 1796 as de 16e steat opnommen yn 'e Feriene Steaten. It wie de earste steat dy't skepen waard út in federaal territoarium; behalven de Trettjin Koloanjes wiene inkeld Fermont en Kentucky earder ta de Amerikaanske Uny talitten, en dy gebieten hiene nea in federaal territoarium west.

Yndiaanske deportaasje Yn 'e iere njoggentjinde iuw waarden de Tsjoktou (Choctaw), de Tsjikkesou (Chickasaw) en alle oare Muskogeeske stammen en ek de Jûtsjy (Yuchi) fan it grûngebiet fan Tennessee ferwidere. De measten fan harren bedarren úteinlik yn it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma). Hoewol't de Sjeroky (Cherokee) har lang tsjin deportaasje fersetten, waarden ek sy yn 1838 en 1839 fan har lân set. Under it regear fan presidint Martin Van Buren waarden frijwol alle 17.000 Sjeroky út 'e súdwestlike Feriene Steaten, mei dêropta 2.000 swarte slaven dy't hja yn eigendom hiene, troch it Amerikaanske Leger oer it beruchte Paad fan Triennen nei it westen ta dreaun, wêrby't nei skatting 4.000 fan harren omkamen.

Amerikaanske Boargeroarloch Yn febrewaris 1861, doe't ferskate oare Súdlike steaten har fan 'e Feriene Steaten ôfskaten om 'e Konfederearre Steaten fan Amearika op te rjochtsjen, besocht it regear fan Tennessee by in referindum fan 'e kiezers goedkarring te krijen foar oansluting by dat nije steatsferbân. De Tennesseesters wiisden dat útstel lykwols mei in nipte mearderheid ôf. Yn West-Tennessee wiene de measte foarstanners te finen, wylst de grutste wjerstân út East-Tennessee kaam, dat letter besykje soe om krekt as West-Firginia in selsstannige steat te foarmjen. Nei't yn april de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) útbrutsen wie en presidint Abraham Lincoln Tennessee om troepen frege hie om tsjin Súd-Karolina te fjochtsjen, rôp gûverneur Isham Harris wol de mobilisaasje fan Tennessee út, mar ynstee om Súd-Karolina te help te kommen. Hy stelde de Algemiene Assimbee fan Tennessee foar om 'e steat oan te sluten by de Konfederaasje, en dat waard 7 maaie goedkard, wat de ôfskieding fan Tennessee fan 'e Feriene Steaten betsjutte. Op 8 juny waard dat beslút by in nij referindum troch de befolking fan Tennessee goedkard, mei't benammen de kiezers yn Midden-Tennessee yn 'e tuskentiid sterk fan miening feroare wiene.

Yn 'e fjouwer jier dy't folgen, waard in oansjenlik part fan fjildslaggen út 'e Boargeroarloch útfochten op it grûngebiet fan Tennessee. De measten dêrfan wiene Noardlike oerwinnings. Yn febrewaris 1862 waard Nashville de earste haadstêd fan in Konfederearre steat dy't yn Noardlike hannen foel. Fan dyselde tiid ôf behearsken de Noardliken fierders de rivieren de Cumberland en de Tennessee. Yn april fan dat jier sloegen se yn 'e Slach by Shiloh in Konfederearre tsjinoanfal ôf. Memphis foel yn juny yn Noardlike hannen nei in slach op 'e rivier de Mississippy. Yn jannewaris 1863 konsolidearren de Noardliken harren behearsking fan westlik en sintraal Tennessee mei in oerwinning yn 'e Slach by Murfreesboro en de dêropfolgjende Tullahoma-kampanje.