Michigan (Ingelsk: Michigan; útspr.: [ˈmɪʃɪɡən], likernôch "mis-sjuh-gun")), offisjeel de Steat Michigan (Ingelsk: State of Michigan), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Michigan, byneamd de Great Lakes State (of ek wol de Wolverine State), leit yn it noarden fan it lân, dêr't de Grutte Marren de grins mei Kanada foarmje, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Midwesten. De haadstêd is Lansing, mar de grutste stêd is Detroit. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 9,9 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 10de steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Michigan mei rom 250.000 km² de 11de steat. Michigan bestiet út twa skiereilannen: Opper-Michigan en Neder-Michigan, dy't faninoar skaat wurde troch de Strjitte fan Mackinac. De steat stiet bekend om syn natoerskientme en om 'e autoyndustry fan Detroit.
Etymology Michigan is eins ferneamd nei de Michiganmar (en net oarsom, sa't faak tocht wurdt). De namme fan 'e steat is ôflaat fan in Frânske ferbastering fan it Odjibwe-wurd mashigamaa, dat "grut wetter" of "grutte mar" betsjut.
Geografy Michigan hat in oerflak fan 250.493 km², wêrfan't mar leafst 41,5% út wetter bestiet. De steat is opmakke út twa skiereilannen, Neder-Michigan, dat nei it noarden ta útstekt yn 'e Grutte Marren, en Opper-Michigan, dat nei it easten ta útstekt. Dêr't de beide skiereilannen inoar krekt net reitsje, wurde se ferbûn troch de Mackinac Brêge oer de Strjitte fan Mackinac. It grutste part fan 'e steat falt yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC–5, simmertiid –4), mar de fjouwer westlikste countys fan Opper-Michigan (Gogebic, Iron, Dickinson en Menominee) hearre ta de Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5).
Neder-Michigan beslacht fierwei it grutste part fan it lân fan 'e steat. It wurdt omjûn troch de Michiganmar yn it westen, de Strjitte fan Mackinac yn it noarden, de Hueronmar yn it noardeasten, de Kanadeeske provinsje Ontario yn it easten, de Earymar yn it eastsúdeasten en de Amerikaanske steaten Ohio yn it súdsúdeasten en Indiana yn it súdwesten. De súdgrins bestiet út rjochte linen, wylst de lângrins mei Kanada de rivier de Detroit folget, dy't de Hueronmar mei de Earymar ferbynt. Neder-Michigan mjit 446 km fan noard nei súd en 314 km fan east nei west.
It foar in grut diel mei ûnûntgûne wâlden oerdutsen Opper-Michigan leit noardliker as Neder-Michigan. It sit yn it súdwesten fêst oan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin, wêrmei't de grins fierhinne foarme wurdt troch de rivieren de Menominee en de Montreal. Yn it noarden wurdt Opper-Michigan begrinzge troch de Boppemar, yn it noardeasten troch de rivier de St. Mary's (dy't de Boppemar mei de Hueronmar ferbynt), yn it easten troch de Hueronmar, yn it súdeasten troch de Strjitte fan Mackinac en yn it suden troch de Michiganmar.
It heechste punt yn 'e steat is de Mount Arvon, mei in hichte fan 603 m boppe seenivo, yn it Hueronberchtme fan westlik Opper-Michigan. Neder-Michigan is dêrfoaroer frij flak. It leechste punt fan 'e steat wurdt foarme troch de Earymar, op 174 m boppe seenivo. De Grand River is mei 420 km lingte de grutste rivier fan Michigan. Der binne yn 'e steat 13 federale Yndianereservaten:
it Bay Mills Yndianereservaat it Grand Traverse Yndianereservaat it Hannahville Yndianereservaat it Isabella Yndianereservaat it Lac Vieux Desert Yndianereservaat it L'Anse Yndianereservaat it Little Traverse Bay Yndianereservaat it Manistee Yndianereservaat it Match-e-be-nash-she-wish Yndianereservaat it Nottawaseppi Potawatomy Yndianereservaat it Ontonagon Yndianereservaat it Pokagon Yndianereservaat it Sault Ste. Marie Yndianereservaat
Skiednis Omtrint de tiid dat Michigan foar it earst besocht waard troch Jeropeeske ûntdekkingsreizgers, waard it grûngebiet fan 'e steat bewenne troch ferskate Yndiaanske folken, dy't foar it meastepart Algonkwynske talen sprieken. De wichtichsten wiene de nau besibbe Odjibwe (Ojibwe), Ottawa en Potawatomy (Potawatomi), dy't freedsum gearlibben yn in konfederaasje mei as namme de Ried fan Trije Fjurren.
De Odjibwe libben yn Opper-Michigan en de noardlike en sintrale dielen fan Neder-Michigan, en fierders teffens yn gebieten dy't no ta Ontario, Wiskonsin, Minnesota en Manitoba hearre. De Ottawa libben foar it meastepart besuden de Strjitte fan Mackinac, yn it noarden en westen fan Neder-Michigan, mar ek yn Ontario, noardlik Ohio en eastlik Wiskonsin. De Potawatomy libben noch súdliker, yn súdlik en súdwestlik Neder-Michigan en fierders yn Indiana, Illinoais en Wiskonsin. Oare Algonkwynske folken, lykas de Menominy (Menominee), Majêmy (Miami), Sôk (Sauk), Foks (Fox) en de no útstoarne Maskouten (Mascouten) bewennen it easten en súdeasten fan Neder-Michigan, dêr't ek de Irokeesktalige Huroanen (Wyandot) taholden.
De earste blanken dy't har yn Michigan weagen, wiene de leden fan 'e Frânske ekspedysje fan Étienne Brûlé, yn 1622. De earste permaninte Jeropeeske delsetting yn 'e krite waard yn 1668 troch de roomske misjonaris père Jacques Marquette stifte, op it uterste eastlikste puntsje fan Opper-Michigan, op it plak dêr't no Sault Ste. Marie leit. Neitiid waarden ferskate oare sindingsposten troch Frânske jezuïten stifte, en yn 1679 boude Robert Cavelier, hear fan La Salle op it plak fan it hjoeddeiske St. Joseph it Frânske Fort Miami, de earste fersterke hannelspost. In oare Frânske ûntdekkingsreizger en legerofsier, Antoine de la Mothe Cadillac, stifte yn 1701 oan 'e rivier de Detroit de hannelspost Fort Pontchartrain du Détroit, dy't letter útgroeie soe ta de stêd Detroit.
It besykjen fan 'e Frânsen om harren ynfloed op 'e lukrative pelshannel yn Michigan te konsolidearjen, late oan it begjin fan 'e achttjinde iuw ta de saneamde Foks-Oarloggen, fan 'e Foks en harren bûnsgenoaten tsjin 'e Frânsen en dy har Yndiaanske bûnsgenoaten. Fan 1660 ôf makke Michigan diel út fan 'e Frânske koloanje Nij-Frankryk, dy't út Montreal wei regearre waard. Under de Frânske en Yndiaanske Oarloch waarden de Frânsen lykwols nei iuwen fan rivaliteit troch de Britten út Noard-Amearika ferdreaun. By de Frede fan Parys kamen Michigan en alle oare Frânske gebieten beëasten de Mississippy yn 1763 sadwaande yn Britske hannen.
Dêrnei makke Michigan fan 1774 oant 1791 diel út fan 'e Britske provinsje Kebek. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch tsjinne Detroit as in wichtich befoarriedingssintrum foar de Britten. Hoewol't dy de oarloch ferlearen, wisten se Michigan te behâlden troch de ûnsekuere kartografy dêr't de Frede fan Parys fan 1783 (tusken de Britten en de Amerikanen) op basearre wie, en de ûndúdlike formulearrings dy't yn it fredesferdrach brûkt wiene. Doe't de provinsje Kebek yn 1791 opspjalte waard yn Neder-Kanada (de steatkundige foarrinner fan it hjoeddeistige Kebek) en Opper-Kanada (it lettere Ontario), kaam Michigan diel út te meitsjen fan Opper-Kanada.
Under de betingsten fan it Ferdrach fan Jay (1794) stiene de Britten yn 1796 Neder-Michigan oan 'e Amerikanen ôf, mar oan it begjin fan 'e saneamde Oarloch fan 1812 (tusken Grut-Brittanje en de Feriene Steaten) namen de Britten Neder-Michigan wer werom, wêrby't se nei in frijwol bloedleaze belegering Detroit feroveren. Doe't de Amerikanen de tsjinoanfal ynsetten, late dat ta in swiere nederlaach foar harren yn it Bloedbad oan de Rivier de Raisin. Uteinlik wisten de Amerikanen Neder-Michigan lykwols yn 1813 te weroverjen nei de Slach oan de Earymar. Dêrnei foelen se fia Detroit súdlik Ontario binnen, dêr't de Britten foargoed ferslein waarden yn 'e Slach oan de Thames. By de dêropfolgjende frede krigen de Feriene Steaten hiele Michigan taparte, hoewol't Opper-Michigan oant 1818 en it eilân Drummond (foar de eastkust fan Opper-Michigan yn 'e Hueronmar) sels noch oant 1847 omstriden gebiet bleau. Offisjeel foarme Michigan bestjoerlik lykwols al sûnt 1796 it Amerikaanske Michigan-territoarium.
De (blanke) befolking fan Michigan groeide stadich, oant yn 1825 it Earykanaal iepene waard, dat de Grutte Marren ferbûn mei de rivier de Hudson en sa mei de stêd New York. Dy nije rûte brocht in grutte kolonisaasjeweach op gong. Yn 1847 sette him in groep Nederlânske kolonisten ûnder lieding fan 'e predikant Albertus van Raalte nei wenjen yn it súdwesten fan Neder-Michigan, dêr't se plakken as Holland, Vriesland, Drenthe en Zeeland stiften. Neitiid kloften noch ferskate oer ymmigraasjeweagen fan Nederlanners yn dy krite gear.
Yn 1835, doe't Michigan sa'n 80.000 (blanke) ynwenners hie, waard it bestjoer fan it gebiet omfoarme ta dat fan in steat. De opnimming fan dy steat yn 'e Amerikaanske Uny, liet lykwols noch oant 26 jannewaris 1837 op him wachtsje fanwegen in grinskonflikt mei Ohio dat bekend kaam te stean as de Toledo-oarloch. Dêrby waard yn it súdeasten fan Neder-Michigan in stripe grûn (mei dêrop de stêd Toledo) oerhevele nei Ohio, wylst Michigan ta kompinsaasje yn it westen fan Opper-Michigan in ekstra stik lân taparte krige. Yn 1847 waard de stêd Lansing de haadstêd fan Michigan. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) focht Michigan oan 'e kant fan it Noarden en levere mear as fjirtich rezjiminten frijwilligers oan it Noardlike leger.
Yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw naam de kolonisaasje, fral yn Neder-Michigan, in grutte flecht. Omtrint de iuwwiksel ûndergie de ekonomy dêr in grutte feroaring, doe't in protte yndustriëlen, wêrûnder Henry Ford, Ransom E. Olds, de bruorren John en Horace Dodge, Henry Leland, Henry Bourne Joy en David Dunbar Buick, yn Detroit gearkloften om dêr harren autofabriken te begjinnen. Yn 'e tweintichste iuw ûntjoech dy sektor him ta de wichtichste pylder fan 'e Michigaanske ekonomy. It wurk dat de autofabriken beaen loek ek in protte nijynkommelingen oan, mei dêrûnder net yn it lêste plak in grutte kloft Afro-Amerikanen út it Amerikaanske Suden. Sawol de Afro-Amerikanen as ymmigranten út it bûtenlân droegen yn hege mjitte by oan 'e kultuer fan eastlik Michigan, dêr't yn 'e 1960-er jierren de ferneamde Motown-muzyk ûntstie.
Under de Twadde Wrâldoarloch produsearre Michigan 10,9% fan alle munysje en materieel foar de Amerikaanske Striidkrêften (wêrmei't it inkeld de steat New York foargean litte moast). Op 1 novimber 1957 waard de 8 km lange Mackinac Brêge iepene, dy't Neder- en Opper-Michigan mei-inoar ferbûn. Nei de oarloch sette de yndustriële ûntwikkeling fan Neder-Michigan him yn 't earstoan gewoan troch, mar hoewol't Michigan noch altyd de grutste autoprodusint fan 'e Feriene Steaten is, rekke de swiere yndustry fan Neder-Michigan fanôf de 1970-er jierren yn it neigean, wat dêr in slimme ekonomyske krisis ta gefolch hie. Mids 2013 gie de stêd Detroit sels fajyt, eat dat noch nea sa'n grutte Amerikaanske stêd oerkommen wie.
Bestjoer Michigan bestiet bestjoerlik út 83 countys. De steatshaadstêd, Lansing, leit yn Ingham County, yn 'e midden fan súdlik Neder-Michigan. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Michigan bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Steatskongres fan Michigan, dat bestiet út 'e 38 leden tellende Steatssenaat en in Steatshûs fan Offurdigen mei 110 leden. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Michigan, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Michigan 14 sitten.
It politike lânskip fan Michigan wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Mei't sawol de Republikeinen as de Demokraten op oansjenlike stipe ûnder befolking rekkenje kinne, wurdt Michigan beskôge as in swingsteat. De Republikeinen hawwe benammen oanhing yn 'e plattelânsgebieten fan noardlik, westlik en sintraal Neder-Michigan en yn 'e stêd Grand Rapids, wylst de stêden Detroit, Ann Arbor, Flint en Lansing bolwurken fan 'e Demokraten binne.
Ekonomy