Missoery (Ingelsk: Missouri; útspr.: [mɪ'zɜɹi], likernôch "mizzurry", of [mə'zɜɹi ], likernôch: "m’zurry"), offisjeel de Steat Missoery (Ingelsk: State of Missouri), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Missoery, byneamd de Show Me State, leit yn it sintrale part fan it lân, oan 'e rivieren de Missoery en de Mississippy, en wurdt no ta de regio fan it Amerikaanske Midwesten rekkene, hoewol't it histoarysk ta it Amerikaanske Suden hearde. De haadstêd is Jefferson City, mar de grutste stêd is Kansas City (Missoery) (net te betiizjen mei Kansas City yn Kansas). Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 6,1 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 18e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Missoery mei minder as 181.000 km² de 21e steat. Missoery stiet bekend om syn rivieren en om syn skiednis as de 'springplanke' foar de kolonisaasje fan it Wylde Westen.

Etymology De steat Missoery is ferneamd nei de rivier de Missoery (Ingelsk: Missouri), dy't wer ferneamd wie nei de Missoeria (Missouria), in lânseigen Yndiaanske stamme dy't yn 'e krite wenne doe't de earste Frânske ûntdekkingsreizgers it grûngebiet fan it lettere Missoery berikten. De Missoeria binne in Sûaansk folk, dat no yn Oklahoma wennet. De namme 'Missoeria' wie lykwols net harren autonym, mar in eksonym dat út 'e Algonkwynske talen fan 'e Majêmy (Miami) en de Illinois komt, en dat safolle betsjut as "sy dy't kano's út ien beamstam meitsje".

Hoewol't Missoery gjin offisjele bynamme hat, wurdt de oantsjutting Show Me State ("Lit My Sjen Steat") rûnom as sadanich brûkt. Men giet der wol fan út dat dy term ûntliend is oan in taspraak fan it Amerikaanske Kongreslid Willard Vandiver út 1899, wêryn't er sei: "Ik kom út in steat dy't stynske weet en katoen, stikelnuten en Demokraten produsearret, en frivoale wolsprekkendheid oertsjûget my net, noch lit ik my dermei ôfpoeierje. Ik kom út Missoery, en jo moatte it my sjen litte." Dizze útspraak borduerret fuort op 'e siswize "Ik kom út Missoery", dat safolle sizze wol as: "Ik bin skeptysk en lit my net maklik dingen oanprate."

Neffens saakkundigen dy't der ûndersyk nei dien hawwe, waard de oantsjutting Show Me State lykwols al foàr de 1890-er jierren brûkt. In oar ferhaal wol hawwe dat it in bynamme wie foar stakingsbrekkers út Missoery dy't yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw nei Leadville, yn Kolorado, ta helle waarden om dêr yn 'e minen te wurkjen. Om't se sok wurk noch nea earder dien hiene, moast alles har útlein wurde. Oare ynformele bynammen fan Missoery binne de Lead State ("Leadsteat"), de Bullion State ("Steat fan Unbewurke Goud"), de Ozark State (ferwizend nei it Ozarkberchtme), de Mother of the West ("Mem fan it Westen", ferwizend nei de rol dy't Missoery spile by de kolonisaasje fan it Wylde Westen) en de Cave State ("Grottesteat", om't der mear as 6.000 grotten binne).

Geografy Missoery hat in oerflak fan 180.533 km², wêrfan't 1,2% út wetter bestiet. It is rûchwei 480 km lang fan noard nei súd en sa'n 385 km breed fan east en west. Missoery leit yn 'e Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5). De steat wurdt folslein omjûn troch oare Amerikaanske steaten, en grinzget yn it easten oan Illinois, yn it noarden oan Iowa, yn it uterste noardwesten oan Nebraska, yn it westen oan Kansas, yn it uterste súdwesten oan Oklahoma, yn it suden oan Arkansas, en yn it uterste súdeasten oan Tennessee en Kentucky. De eastgrins mei Illinois, Kentucky en Tennessee wurdt foarme troch de rivier de Mississippy, en yn it noardwesten foarmet de rivier de Missoery de grins mei Nebraska en it noardlike diel fan 'e grins mei Kansas. Dat binne mei-iens ek de beide grutste en langste rivieren fan 'e steat. De Missoery bûcht by Kansas City fan 'e westgrins ôf nei it easten ta en meänderet dan troch it sintrale part fan 'e steat om by St. Louis, oan 'e eastgrins, út te mûnjen yn 'e Mississippy.

Hoewol't Missoery tsjintwurdich oer it algemien beskôge wurdt as ûnderdiel fan it Amerikaanske Midwesten, hearde it histoarysk ta it Suden, benammen fanwegen de kolonisaasje fan it gebiet troch lju út oare Súdlike steaten en it feit dat Missoery foarôfgeande oan 'e Amerikaanske Boargeroarloch in slavesteat wie. De krite dy't wol Little Dixie (Dixieland is in oare namme foar it Amerikaanske Suden) neamd waard, bestie út countys by de rivier de Missoery lâns yn it sintrale diel fan 'e steat, dêr't de grutste konsintraasje fan Súdlike kolonisten mei harren slaven him fêstige hie.

Benoarden en op guon plakken ek noch justjes besuden de rivier de Missoery lizze gloaiende flakten dy't har útstrekke oant yn Iowa, en dy't diel útmeitsje fan 'e Binnenlânske Flakten fan Noard-Amearika. Oan 'e iggen fan 'e Mississippy, de Missoery en de Meramec lizze withoefolle hege kliffen, wylst yn it súdlike trêdepart fan 'e Missoery it Ozarkberchtme opriist, in mei rivieren trochsnien plato dat om it âldere St. Francois-berchtme, út it Prekambrium, hinne leit. Beide berchtmen besteane út kalkstien en sitte grôtfol grotten en sinkgatten. It heechste punt yn Missoery is Taum Sauk Mountain, op 540 m boppe seenivo, en it leechste punt is de igge fan 'e rivier de St. Francis, deunby de súdlike grins mei Arkansas, mei in hichte fan 70 m boppe seenivo. Der binne yn Missoery gjin Yndianereservaten.

Yn it uterste súdeasten fan Missoery stekt in lyts diel fan it grûngebiet fan 'e steat by de igge fan 'e Mississippy lâns nei it suden ta út. Dy krite wurdt wol de Hakke fan Missoery neamd. Dat gebiet makket diel út fan 'e alluviale flakte fan 'e Mississippy, en is it leechst leine, platste, waarmste en wietste diel fan Missoery. It is ek ien fan 'e earmste parten fan 'e steat, mei in ekonomy dy't frijwol folslein agrarysk is. Wol is de grûn yn 'e Hakke fan Missoery tige fruchtber, sadat der in protte rys en katoen ferboud wurdt. De Hakke wie it episintrum fan 'e fjouwer Ierdbevings fan New Madrid (1811-1812).

Skiednis Prehistoarje en koloniale skiednis Tûzenen jierren lang waard Missoery bewenne troch Yndiaanske folken. By de rivieren de Mississippy en de Missoery lâns wie dy bewenning fan 5000 f.Kr. ôf sels ûnûnderbrutsen, sa hat argeologysk ûndersyk oantoand. Yn 'e njoggende iuw ûntstie yn it gebiet de terpebouwende Mississippiaanske kultuer, dy't syn sintrum hie yn Cahokia, dat oare kant de Mississippy yn it hjoeddeiske Illinois lei. Tusken 1000 en it ferdwinen fan 'e dy kultuer omtrint 1500 yn, leine de Yndianen grutte stêden oan yn in gebiet dat him útstriek fan 'e Grutte Marren yn it noarden oant de Golf fan Meksiko yn it suden. Benammen de dellings fan 'e rivier de Mississippy en de Ohio moatte yn dy tiid relatyf tichtbefolke west hawwe.

De ierste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers dy't Missoery besochten, wiene Spanjerts dy't út Nij-Spanje wei kamen, in koloanje dy't letter ûnôfhinklik wurde soe ûnder de namme Meksiko. De earste blanken dy't har op it grûngebiet fan Missoery nei wenjen setten, wiene lykwols Frânsk-Kanadezen, dy't omtrint 1750 de Mississippy oerstieken út Illinois wei en in stikje besuden it hjoeddeistige St. Louis de delsetting Sainte-Geneviève stiften. Dat plak ûntjoech him al rillegau ta in bloeiend stedsje en it sintrum fan in wichtich lânbougebiet, dat genôch weet en tabak produsearre om it oerskot streamôf te ferfieren en yn New Orleans te ferhanneljen.

Doe't yn 1764 de stêd St. Louis stifte waard, wie Missoery sadwaande al fêst yn Frânske hannen en makke it ûnderdiel út fan 'e koloanje Louisiana, dy't him útstriek fan 'e mûning fan 'e Mississippy oant yn wat no Kanada is. Nei de Frânske nederlaach yn 'e Sânjierrige Oarloch kaam dat hiele gebiet yn 1763 lykwols yn 'e hannen fan Spanje, dat it by syn koloanje Nij-Spanje foege. Yn 1800 moasten de Spanjerts Louisiana by it Ferdrach fan San Ildefonso weromjaan oan Frankryk, mar Napoleon Bonaparte, dy't it doe yn Parys foar it sizzen hie, koe fanwegen de Britske oppermacht op 'e wrâldseeën net folle mei it gebiet, dat yn 1803 ferkocht er de koloanje oan in oare fijân fan 'e Britten, de Feriene Steaten, by in transaksje dy't bekendstiet as de Louisiana-oankeap. Missoery wie dêrnei njoggen jier lang in ûnorganisearre territoarium en fanôf 1812 waard it nochris njoggen jier lang bestjoerd as it Territoarium Missoery.

Missoery foar de Boargeroarloch De iere Amerikaanske kolonisten fan Missoery sels kamen foar it meastepart út it noardlike diel fan it Amerikaanske Suden, út steaten as Arkansas, Tennessee, Kentucky en Noard-Karolina. Hja brochten har negerslaven en dêrmei it ynstitút fan 'e slavernij yn Missoery, wat in probleem opsmiet om't ôfpraat wie dat yn 'e Feriene Steaten benoarden de saneamde Mason-Dixonline gjin slavernij bestean mocht. Yn 1820 waard lykwols it Missoerykompromis sletten, dat by wize fan útsûndering op 'e regel slavernij yn Missoery tastie, yn ruil foar it opjaan fan it Súdlike protest tsjin 'e foarming fan 'e Noardlike steat Maine út gebieten dy't earder ta Massachusetts heard hiene. Sadwaande waard Missoery op 10 augustus 1821 as 24e steat (en as in slavesteat) ta de Amerikaanske Uny talitten, mei as tydlike haadstêd St. Charles. Yn 1826 waard de haadstêd ferpleatst nei it sintraal leine Jefferson City.

Underwilens hie St. Louis him ûntjûn ta in sintrum fan 'e lukrative pelshannel mei de Yndianen, dy't de regionale ekonomy oant yn 'e 1820-er jierren dominearre. Yn 'e njoggentjinde iuw waard St. Louis mei New Orleans, Minneapolis-St. Paul en Cincinnati ien fan 'e wichtichste stêden dy't behelle wiene yn 'e hannel fan alderhanne soarten waren en it ferfier fan dy waren en fan passazjiers oer de rivieren op 'e grutte mei steam oandreaune rêdboaten. Dat wie in perioade út 'e skiednis fan Missoery dy't sterk ta de ferbylding sprekt; it is ferivige is yn 'e boeken fan 'e skriuwer Mark Twain dy't yn 1835 berne waard yn Florida (Missoury) en oan 'e igge fan 'e Mississippy opgroeide. De bekendste fan Twain syn ferhalen binne The Adventures of Tom Sawyer en The Adventures of Huckleberry Finn. Lettere auteurs lieten har op dit mêd wer troch Twain ynspirearje, lykas George R.R. Martin yn syn Fevre Dream.

Yn deselde snuorje dat eastlik Missoery yn 'e ban fan 'e rivierhannel wie, foarme westlik Missoery de 'Poarte ta it Westen'. St. Charles, by St. Louis, wie yn 1804 en 1806 sawol it begjin- as it einpunt fan 'e ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark, de earste oerlânske ekspedysje nei de westkust fan 'e Feriene Steaten. Letter wie Independence, yn westlik Missoery, fan 1811 ôf it begjinpunt fan it ferneamde Oregon Trail, in 3.500 km lange rûte dêr't in grut diel fan 'e Amerikaanske kolonisten oer nei in nij bestean oan 'e westkust of yn it Wylde Westen reizge. Ek it Santa Fe Trail, in soartgelikense, súdlike rûte dy't yn 1821 yn gebrûk nommen waard, begûn yn westlik Missoery, yn Franklin, om presys te wêzen. Sadwaande wurdt Missoery ek wol the Mother of the West neamd, "de Mem fan it Westen".

Oarspronklik wie de westgrins fan Missoery in rjochte line fan noard nei súd, mar yn 1826 waard der troch de saneamde Platte-oankeap fan beskate Yndiaanske folken yn it noardwesten in hoeke oan tafoege, sadat dêr de grins lyk kaam te fallen mei de rivier de Missoery. Yn 'e 1830-er jierren ûntstie der in grinskonflikt mei de noardlike buorsteat Iowa oer de saneamde Hunichlannen, dat noch oanboaze waard troch de tsjinstelling oangeande slavernij. Yn 1838 en 1839 rûnen de spannings sa heech op dat yn beide steaten de steatsmilysjes oproppen en nei de grins stjoerd waarden.