Nij-Jersey (Ingelsk: New Jersey; útspr.: [nju: 'ʤœ:zɪ], likernôch "njûû dzjuh-zih"; Amerikaansk-Ingelske útspr.: [nu: 'ʤœɹzi], likernôch: "nûû dzjur-zy"), offisjeel de Steat Nij-Jersey (Ingelsk: State of New Jersey), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Nij-Jersey, byneamd de Garden State (de "Túnsteat"), leit yn it noardeasten fan it lân, ynklamme tusken de rivier de Delaware yn it westen en de Atlantyske Oseaan yn it easten. Yn it noardeasten grinzget it oan 'e stêdekloft fan New York. De haadstêd is Trenton, mar de grutste stêd is Newark. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 8,9 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 11e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Nij-Jersey mei krapoan 22.600 km² de 47e steat. Nij-Jersey is dêrmei de tichtst befolke fan alle Amerikaanske steaten. De steat stiet bekend om û.m. de Universiteit fan Princeton en de kasino's fan Atlantic City.

Etymology Nij-Jersey kaam oan syn namme doe't it yn 1664 yn Ingelske hannen kaam. De koloanje waard opset troch sir George Carteret en John Berkeley, 1e baron Berkeley fan Stratton. Carteret, dy't op it Kanaaleilân Jersey berne wie, ferneamde it nije gebiet nei syn berte-eilân.

Geografy Nij-Jersey hat in oerflak fan 22.591,4 km², wêrfan't 15,7% út wetter bestiet. De steat beskikt sadwaande oer in oerflak fan 19.044,6 km² drûch lân. Nij-Jersey leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4). De steat grinzget yn it noarden oan 'e steat New York, yn it westen oan Pennsylvania, yn it uterste súdwesten oan Delaware, yn it suden oan 'e Delawarebaai, yn it easten oan 'e iepen Atlantyske Oseaan, en yn it uterste noardeasten wer oan 'e steat New York. De westlike grins mei Pennsylvania en Delaware wurdt foarme troch de rivier de Delaware, wylst de grins mei New York yn it noardeasten foar in part foarme wurdt troch de rivier de Hudson. It heechste punt yn 'e steat is High Point, op 549,6 m boppe seenivo, en it leechste punt is it strân oan 'e Atlantyske kust, dat op seenivo leit.

Nij-Jersey bestiet eins út fiif ferskillende regio's, dy't faninoar ûnderskaat wurde op basis fan geografy en befolking. Noardeastlik Nij-Jersey, de saneamde Gateway-regio, makket diel út fan 'e stêdekloft fan New York (stêd), en wurdt foar in grut diel bewenne troch forinzen dy't yn Manhatta of ien fan 'e oare New Yorkske boroughs harren wurk hawwe. Dat diel fan Nij-Jersey is it tichtst befolke en dêr leit ek de grutste stêd fan 'e steat, Newark. Noardwestlik Nij-Jersey, in krite dy't bekend stiet as de Skylands, bestiet dêrfoaroer út folle tinner befolke plattelân mei wâlden en bergen. De Atlantyske kust yn it easten en súdeasten fan 'e stêd, dy't yn it Ingelsk de Jersey Shore neamd wurdt, is ek frij plattelânsk, mar hat in karakteristike eigen sfear en libbenswize, dy't sterk behearske wurdt troch de relaasje mei de see. De Delling fan 'e Delaware, yn it súdwesten fan Nij-Jersey, makket diel út fan 'e stêdekloft fan Philadelphia, in metropoal dy't krekt oare kant de rivier de Delaware yn Pennsylvania leit. It binnenlân fan 'e súdlike helte fan Nij-Jersey, ta einsbeslút, stiet bekend as de Pine Barrens (letterlik: "ûnfruchtbere grûn begroeid mei dinnebeammen"). Dat is it tinst befolke diel fan 'e steat en wurdt foar in grut part oerdutsen mei mingd wâld dat fral bestiet út dinnen en iken.

Njonken dy yndieling yn fiif geografysk-demografyske regio's wurdt foar Nij-Jersey ek gauris in oare yndieling brûkt, benammen foar statistyske doelen. De trije regio's dy't dêrfoar oanholden wurde, binne: Noard-Jersey, Sintraal Jersey en Súd-Jersey.

In opmerklik lânskipselemint yn Nij-Jersey wurdt foarme troch de Palisades, in rige steile kliffen oan 'e legere westkant fan 'e rivier de Hudson, yn it noardeastlike part fan 'e steat. De grutste rivieren yn 'e steat binne (njonken de Delaware en de Hudson): de Raritan, Passaic, Hackensack, Rahway, Musconetcong, Rancocas, Manasquan, Maurice en Toms. Foar de Atlantyske kust fan Nij-Jersey rint in rige barriêre-eilannen en lange, smelle skierielannen dy't fungearje as barriêre-eilannen. Dêrfan binne it skiereilân Sandy Hook en it eilân Long Beach Island populêre baaiplakken. It langste skiereilân is it Barnegat-skiereilân. Nij-Jersey omfiemet gjin Yndianereservaten fan federaal erkende stammen. Wol binne der inkele steatsreservaten foar stammen mei erkenning op steatsnivo (sjoch by § Etnisiteit).

Skiednis Prehistoarje Nij-Jersey waard oarspronklik bewenne troch Yndiaanske folken, lykas de Delawêr (Delaware of Lenni-Lenape), de Nantikook (Nanticoke) en de Pouhattan (Powhattan). Tsjin 'e ein fan it prehistoaryske en it begjin fan it koloniale tiidrek wiene mank harren de Delawêr de dominante groep. Nij-Jersey waard troch harren Scheyichbi neamd. Hja libben yn autonome stammen dy't net inkeld as jager-sammelders yn har libbensûnderhâld foarseagen, mar ek oan it ferbouwen diene fan benammen stynske weet. De maatskippij fan 'e Delawêr wie ferdield yn matriliniêre clans dy't ôfstammen fan froulike foarâlden. Dy clans wiene wer ferdield yn besibskipsgroepen dy't identifearre waarden nei harren toatem: skylpod, kalkoen en wolf.

It koloniale tiidrek De earste Jeropeänen dy't oanspraak makken op it gebiet dat no Nij-Jersey foarmet, wiene de Nederlanners. Nij-Nederlân wie in koloanje fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen dy't oan 'e mûning fan 'e rivier de Hudson opset waard troch de Westyndyske Kompanjy (WIC). Dêrwei kaam geandewei de santjinde iuw stadichoan de kolonisaasje fan Nij-Jersey op gong. Hoewol't de Delawêr-Yndianen it Jeropeeske idee dat men lân yn eigendom hawwe koe, net erkenden, lei de WIC likegoed oan syn kolonisten op dat se it lân dat se bewenje woene, earst keapje moasten. De earste dy't dat die, wie in Michiel Reyniersz. Pauw, dy't yn 1630 oan 'e Noarderrivier it nei himsels neamde plak Pavonia (fan pavo, dat Latyn is foar "pau") stifte. Dêrút soe úteinlik de hjoeddeistige stêd Bergen groeie. Yn 1643 waard by wat no Jersey City is troch Nederlânske kolonisten in bloedbad oanrjochte, wêrby't 120 Yndiaanske manlju, froulju en bern deade waarden. Dy slachtpartij makke diel út fan 'e saneamde Oarloch fan Kieft (1643-1645) fan gûverneur fan Nij-Nederlân Willem Kieft.

Yn 1638 ûntstie troch de oankeap fan lân troch Peter Minuit, oan 'e rivier de Delaware, de Sweedske koloanje Nij-Sweden, dy't yn 1655 lykwols troch de Nederlanners ferovere en by Nij-Nederlân foege waard. It hiele gebiet dat letter Nij-Jersey foarmje soe, kaam yn septimber 1664 ûnder bestjoer fan it Keninkryk Ingelân, doe't in Ingelske float ûnder lieding fan kolonel Richard Nicolls de haven fan Nij-Amsterdam ynfear. Dy mette net folle wjerstân fan 'e Nederlânske kolonisten en lei beslach op 'e hiele koloanje fan 'e WIC. Doe't nei de Ingelske Boargeroarloch en it ynstoarten fan it Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân, yn 1660, kening Karel II op 'e troan kaam, beleanne dy't de lju dy't him trou bleaun wiene mei lân. Sadwaande waard it gebiet fan Nij-Jersey taparte oan sir George Carteret en John Berkeley, 1e baron Berkeley fan Stratton. It wie Carteret, dy't berne wie op it Kanaaleilân Jersey, dy't de nije Koloanje Nij-Jersey syn namme joech.

Oars as bygelyks Marylân, dat stifte waard as taflechtsoard foar ferfolge roomsen, en Pennsylvania, dat oarspronklik bedoeld wie as ûntwyk foar pasifistyske quakers, wie Nij-Jersey fan it begjin ôf oan in etnysk en religieus ferskaat gebiet, dêr't puriteinen, anglikanen en quakers út Ingelân, presbyterianen út Skotlân en kalvinisten út 'e Republyk njonkeninoar wennen. Dat hie der mei te krijen dat Nij-Jersey benammen befolke waard troch in sekundêre weach fan kolonisten dy't oerkamen út 'e oare Ingelske koloanjes yn Noard-Amearika, en net sasear streekrjocht út Jeropa. Dy lju waarden oanlutsen troch de fruchtbere lânbougrûn en de religieuze tolerânsje. Tsjin 1775 hie de Koloanje Nij-Jersey 120.000 ynwenners.

Yn 1674 waard de koloanje yn twaen spjalten, sadat de koloanjes East-Jersey en West-Jersey ûntstiene. Nei 28 jier waard dy spjalting yn 1702 lykwols weromdraaid, en ûntstie der op 'e nij ien feriene koloanje. Fan 1708 ôf waard Nij-Jersey regearre troch de Ingelske gûverneurs fan 'e Koloanje New York, in sitewaasje dy't de ynwenners fan Nij-Jersey ta razernij brocht. Pas yn 1738 waard der wer in aparte gûverneur foar Nij-Jersey allinnich oansteld.

Unôfhinklikheidsoarloch Nij-Jersey wie ien fan 'e Trettjin Koloanjes dy't yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch yn opstân kamen tsjin 'e Britske oerhearsking. De koloanje fierde op 2 july 1776 in eigen grûnwet yn, twa dagen ear't it Twadde Kontinintaal Kongres de ûnôfhinklikheid fan 'e Feriene Steaten útrôp. Yn 'e Unôfhinklikheidsoarloch teagen Britske en Amerikaanske legers ferskate kearen dwers troch Nij-Jersey, en sadwaande wurdt de steat tsjintwurdich wol 'it Krúspunt fan 'e Revolúsje' neamd. Yn Morristown (Nij-Jersey) fêstige de Amerikaanske generaal George Washington twaris de winterkertieren fan syn leger.

It bekendste foarfal yn Nij-Jersey út 'e tiid fan 'e Unôfhinklikheidsoarloch wie it Oerstekken fan 'e Delaware ûnder drege, winterske omstannichheden troch Washington syn Kontinintale Leger yn 'e nacht fan 25 op 26 desimber 1776, wêrnei't de Amerikanen yn 'e Earste Slach by Trenton in leger Hessyske hierlingen yn Britske tsjinst oer it mad kamen en fersloegen. Likernôch in wike letter boekte Washington in nije oerwinning troch op 3 jannewaris 1777 yn 'e Twadde Slach by Trenton de troepen fan 'e Britske generaal Charles Cornwallis te ûntwiken wêrnei't er it Britske garnizoen fan Princeton oanfoel en fersloech yn 'e Slach by Princeton. Yn juny 1778 brocht Washington yn 'e Slach by Monmouth, ek op it grûngebiet fan Nij-Jersey, it Britske leger fan generaal Henry Clinton in ferpletterjende nederlaach ta.

Yn 'e simmer fan 1783 kaam it Kontintaal Kongres gear yn 'e Nassau Hall op 'e Universiteit fan Princeton, sadat Princeton (Nij-Jersey) fjouwer moannen lang de facto de haadstêd fan 'e Feriene Steaten wie. It wie yn dy tiid dat it nijs fan it sluten fan it Ferdrach fan Parys bekend waard, dêr't in ein mei kaam oan 'e Unôfhinklikheidsoarloch. Op 18 desimber 1787 wie Nij-Jersey de trêde steat dy't de Amerikaanske Grûnwet ratifisearre, sadat de steat formeel ûnderdiel waard fan 'e Feriene Steaten. Dêrfoar bestie yn Nij-Jersey rûnom stipe ûnder de befolking, mei't de Amerikaanske Grûnwet it near lei op 'e praktyk fan New York en Pennsylvania om tol te heffen op 'e trochfier fan guod út Jeropa fia de havens fan New York en Philadelphia nei bgl. Nij-Jersey. Op 20 novimber 1789 wie Nij-Jersey de earste Amerikaanske steat dy't de Bill of Rights ratifisearre, dêr't de earste tsien amendeminten oan 'e Amerikaanske Grûnwet yn bondele wiene.

18e en 19e iuw De grûnwet fan Nij-Jersey út 1776 joech it kiesrjocht oan "alle ynwenners" ynsafier't se in beskate rykdom hiene. Dat betsjutte dat de earmere lju net stimme mochten, mar fierders waard gjin ûnderskie makke nei ras of sekse: begoedige swarten hiene ek it kiesrjocht en itselde gou foar froulju, útsein as se troud wiene, want troude froulju koene ommers sels neat yn eigendom hawwe: alles wie fan 'e man. Dêrby moat trouwens oantekene wurde dat ek froulju dy't stimme mochten, net foar fol oansjoen waarden, en beide grutte politike partijen beskuldigen inoar geregeldwei fan it stypjen op "petticoatkiezers", in denigrearjende beneaming foar it froulike diel fan it elektoraat. Yn 1807 kaam oan dy sitewaasje in ein: it steatskongres fan Nij-Jersey besleat doe de grûnwet fan 'e steat sa te werynterpretearjen, dat inkeld begoedige blanke manlju noch it kiesrjocht beholden.