thumb|280px|Veltman yn de 'Hearenklup', ûnderste rige, tredde fan links, tusken Harry Mulisch en Hans van Mierlo yn Skilderij fan Marike Bok Martin A. Veltman (folút: Martinus Antonius Veltman; Ljouwert, 11 desimber 1928 - Amsterdam, 11 juny 1995) wie in dichter en tekstskriuwer. Hy skreau poëzij dy't nei 1953 publisearre waard (ûnder de namme Martin A. Veltman). Syn reklameteksten binne lykwols bekender wurden as syn gedichten. Ta dizze teksten hearre Heerlijk, helder, Heineken (ek troch oaren kleemd, bygelyks troch Alfred Heineken) en ‘s Lands grootste kruidenier blijft op de kleintjes letten (foar Albert Heijn).
Libben Veltman gie yn Ljouwert nei de Ulo op de Twibaksmerk en oan de Wissedwinger. Tusken 1940 en 1945 siet de famylje yn Wâldsein en Dronryp út eangst foar de oarloch. Nei de oarloch ferskynt in gedicht fan him yn it roomske blêd "Ons Noorden". Nei syn tsjinsttiid wurket er yn in laboratoarium yn Weesp en wurdt dan tekstskriuwer op de Medyske tsjinst yn Amsterdam. Yn 1953 en 1956 ferskynden twa dichtbondels, mar dan bliuwt it hast 25 jier stil op dat mêd. Hy hat it dan te drok as copywriter op in reklame en advysburo. Dêr kaam hy ek yn de kunde mei skriuwer Herman Pieter de Boer. It buro groeide út ta ien fan de grutste yn Nederlân. De ferlegen begjinnende tekstskriuwer wie ien fan de betinkers fan in kreatyf team dat mei-inoar in reklamekampanje opsette ynstee fan los fan elkoar te wurkjen lykas dêrfoar wenst wie. Bûten it gewoane wurk fan bureau FHV (Franzen, Heyt en Veltman) holp Feltman ek mei oan de opkomst fan D66 dat yn 1966 mei sân sitten en Hans van Mierlo yn de Twadde Keamer kaam.
Yn 1977 nimt er ôfstân fan syn wurk en begûn yn syn twadde wente yn Eerbeek op de Feluwe wer poezij te skriuwen. Op oantrunen fan Harry Mulisch ferskynt yn 1980 syn nije poezijbondel "De zaken en de dood". Veltman hat altyd kritysk west oer it reklamewrâldsje, wat yn guon ferzen werom te kennen is, bg. yn it gedicht "Agenda".
Martin Veltman wie troud mei de aktrise Petra Laseur.
Publikaasjes [Titelloze plaquette]. Amsterdam, de Beuk, 1953 Bij het monument op de afsluitdijk. Amsterdam, de Beuk, 1954 Amen is amen. Amsterdam, de Beuk, 1956 De zaken & De dood. Amsterdam, Athenaeum - Polak & Van Gennep, 1980 Spiegelgevecht. Amsterdam, Athenaeum - Polak & Van Gennep, 1981 Destinaties. Amsterdam, Athenaeum - Polak & Van Gennep, 1984 Zes villanellen. Amsterdam, Regulierenpers, 1984 Tien quintijnen. Amsterdam, Regulierenpers, 1984 Negentien villanellen. Amsterdam, Athenaeum - Polak & Van Gennep, 1985 Soms dwalen op zee lichten. Amsterdam, Athenaeum - Polak & Van Gennep, 1986 Zout. Zutphen, A.P. ten Bosch, 1987 Zout. Amsterdam, De Arbeiderspers, 1988 Hollandse quintijnen. Amsterdam, De Arbeiderspers, 1991 Vijfenzestig gedichten. Een keuze. Amsterdam, De arbeiderspers, 1993 De voetganger. Vier wandelingen op rijm door de Amsterdamse binnenstad. [Amsterdam, Stedelijk Beheer, 1993] De Veltman-verzameling. Amsterdam, Antwerpen, De Arbeiderspers,
Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk tekstskriuwer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk tekstskriuwer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 1995