Foarfallen 21 augustus - De bemanningsleden fan it Russyske skip de Sankt-Gavriïl geane as earste Jeropeänen oan lân yn Alaska. De Sankt-Gavriïl is in skip ûnder it gesach fan lânmjitter Michail Gvozdev en seefarder Ivan Fjodorov, dat diel útmakket fan 'e ekspedysje fan 'e Sibearyske kozak Afanasij Sjestakov en de Wytrus Dmitry Pavlûtsky. sûnder datum - De Ingelske generaal James Oglethorpe ûntfangt in sjarter fan kening George II om in eigen koloanje yn 'e Nije Wrâld te stiftsjen, dy't nei de kening Georgia neamd wurdt. sûnder datum - Oanlis fan 'e Koudumer Slieperdyk
Berne 22 febrewaris - George Washington, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1799) 31 maart - Joseph Haydn, Eastenryksk komponist († 1809) 6 augustus - Murk van Phelsum - Frysk dokter en biolooch († 1799) 22 oktober - Antonius Brugmans, Frysk filosoof en heechlearaar († 1789) 11 desimber - Eelke Meinerts, Frysk skoalmaster, dichter en boer († 1810) 23 desimber - Richard Arkwright, Ingelsk útfiner († 1792)
Ferstoarn maaie - John Erskine, greve fan Mar, Skotsk ealman en jakobyt (* 1675) 4 desimber - John Gay, Ingelsk dichter en toanielskriuwer (* 1685)
Kategory:18e iuw