Foarfallen jannewaris - It gewest Hollân beslút, ta argewaasje fan Gelderlân en Oerisel, iensidich it leger oant 10.000 man werom te bringen. 29 april - De Deenske ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering set útein mei syn Grutte Noardlike Ekspedysje nei it Fiere Easten fan Sibearje (ek bekend as de Twadde Kamtsjatjka-ekspedysje). Ien fan 'e doelen is it yn besit nimmen fan 'e koloanje dy't bekend komme sil te stean as Russysk-Amearika (it hjoeddeistige Alaska). sûnder datum - Hollân komt werom op syn beslút it leger te ferlytsjen fanwege de spande situaasje yn Jeropa. sûnder datum - Harns krijt in Waachgebou. sûnder datum - Utfining fan de sjitspoel troch John Kay (1704-1980).
Berne 5 septimber - Christoph Martin Wieland, Dútsk skriuwer († 1813) 9 septimber - Luigi Galvani, Italjaansk natuerkundige.
Ferstoarn 18 maaie - Georg Böhm, Dútsk komponist en oargelist 31 oktober - Everhard Loadewyk fan Württemberg, hartoch fan Württemberg
Kategory:18e iuw