Foarfallen 11 april - De Frede fan Utert makket in ein oan 'e Spaanske Súksesjeoarloch. De Súdlike Nederlannen, dy't oant no ta Spaansk wiene, wurde tawiisd oan Eastenryk en de rots Gibraltar oan Ingelân. Kening Freark I fan Prusen stiet it Prinsdom Oranje formeel ôf oan it Keninkryk Frankryk. Oranje ferliest dêrtroch syn ûnôfhinklikens en giet op yn 'e Frânske Kroandomeinen. sûnder datum - De tsjerke fan Ousternijegea, dy't op in krúspunt fan paden stie, wurdt ôfbrutsen. sûnder datum - Jobbegea Skuorregea krijt in nije tsjerke. sûnder datum - Stellingmole De Hoop, yn Holwert, wurdt boud.

Berne 2 april - Onno Zwier van Haren, Frysk skriuwer, diplomaat en politikus († 1779) 2 juny - Foeke Sjoerds, Frysk skoalmaster, publisist en doarpsrjochter († 1770) 23 septimber - Ferdinand VI (Spanje), Spaanske kening († 1759) 5 oktober - Denis Diderot, Frânsk skriuwer en filosoof († 1784) 23 desimber - Ferdinand VI, Spaanske kening († 1759)

Ferstoarn 25 febrewaris - Freark I, kening fan Prusen 17 novimber - Abraham van Riebeeck, gûverneur-generaal fan Nederlânsk East-Ynje (* 1653) thumb|right|30px|''>

Kategory:18e iuw