Foarfallen De beurs yn Rotterdam krige klappen, fanwege in skerpe koersfal, mar it wie net sa slim as yn Londen en Parys, dêr't party aksjenisten troch wynhandel nochal wat ferlies oantekenen. Yn Amsterdam waard it Ingelske kofjehûs yn de Kalverstraat bestoarme. De boargemasters ferbeaen de makelers noch langer te hanneljen yn waardeleaze oandielen. Sjoch ek John Law (ekonoom) en Piter Langendijk. Yn Frankryk wurdt in begjin makke mei de bou fan stienkoalminen neidat by Rijsel in dikke koalelaach ûntdekt wie. De fûneminten lein foar de hjoeddeiske tsjerke fan Tytsjerk. Begûn wurdt mei it ynintsjen tsjin pokken mei minsklike intstof.

Berne 30 jannewaris - Charles De Geer, Sweedske yndystrialist en entomolooch ( †1778) 11 maaie - Baron fan Münchhausen, Dútsk offisier en aventurier datum ûnbekend Nonhelema, froulik opperhaad fan 'e Sjâny († 1786)

Ferstoarn 3 augustus - Anthonie Heinsius, Nederlânsk politikus (riedpinsjonaris)

Kategory:18e iuw