Roelof Hessels Hommema (Feinsum, 24 febrewaris 1791 - Sint-Anne, 15 jannewaris 1854) wie boer, winkelman, astronoom, wis- en natuerkundige. Hy waard yn Hijum oplaat. Hy wie in neef fan Arjen Roelofs, by wa't er as sechstjinjierrige yn 'e lear kaam. Mei Sieds Johannes Rienks boude er de grutte teleskoop fan de stjerrewacht yn Leien. Hommema en syn freon Rinse Beerts Gelder (1794-1857) wiene fierders ek by libbensgefaarlike testen belutsen mei draakjes by swierwaar. Hommema rjochte yn 1825, te Sint-Anne it nei him ferneamde bedriuw op.

Boarnen HOMMEMA, Roelof Hessels - Encyclopedie van Friesland

Keppeling om utens 194 JAAR HOMMEMA Roelof Hessels HOMMEMA (1791-1854) » Genealogie Sevinga » Genealogy Online Roelof Hommema - Genealogy Roelof Hessels Hommema (1791-1854) » Stamboom verwanten aanverwanten Zandstra_Agema » Genealogy Online Roelof Hommema - Исторические записи и семейные деревья - MyHeritage

Kategory:Frysk boer Kategory:Frysk keapman Kategory:Frysk astronoom Kategory:Frysk natuerkundige Kategory:Frysk wiskundige Kategory:Frysk ynstrumintmakker Kategory:Persoan berne yn Feinsum Kategory:Persoan stoarn yn Sint-Anne Kategory:Persoan berne yn 1791 Kategory:Persoan stoarn yn 1854