Foarfallen 3 maart - Willem III, kening fan Ingelân, Skotlân en Ierlân en steedhâlder fan Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân, Oerisel, Grinslân en Drinte, komt ûngelokkich mei syn hynder te fallen en rekket slim ferwûne. 19 maart - Kening-steedhâlder Willem III ferstjert sûnder neiteam. Syn erfgenamt is de Fryske steedhâlder Jehan Willem Friso fan Nassau-Dietz, mar der ûntstiet in opfolgingsprobleem as kening Freark I fan Prusen op grûn fan syn ôfstamming as soan fan Louise Henriëtte fan Oranje-Nassau, in dochter fan Freark Hindrik (de pake fan Willem III), in diel fan it beërf opeasket. 19 maart - Yn de Republyk fan de Feriene Nederlannen begjint it Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek. Dat sil duorje oant 1747. De noardlike gewesten Fryslân, Grinslân en Drinte binne dêrfan útsûndere. 4 maaie - Anna, de skoansuster fan Willem III, wurdt kroane ta keninginne fan Ingelân, Skotlân en Ierlân. Hja sil de lêste monarch út it Hûs Stuart wêze. 23 oktober - Under lieding fan Philips van Almonde wurdt yn de Baai fan Vigo op 'e nij in sulverfloat kaapt, diskear yn gearwurking mei de Ingelsen. 14 desimber - Yn Japan falle de Sânenfjirtich Rōnin de residinsje fan hear Yoshinaka Kira oan, dy't ferantwurdlik is foar de dea fan harren âlde lienhear, Naganori Asano fan Akō. Hoewol't se witte dat se hjirfoar ta de deastraf feroardiele wurde sille, nimme se wraak foar de dea fan harren hear om 'e koade fan ear fan 'e samoerai heech te hâlden.

Berne 3 febrewaris - Giovanni Battista Vaccarini, Italjaansk arsjitekt († 1768) 24 septimber - Agnes Alida Huber, Frysk filantrope († 1774) 29 oktober - Tako Hajo Jelgersma, Frysk keunstskilder († 1795)

Ferstoarn 27 april - Jan Bart, Flaamsk kaper (* 1650) 19 maart - Willem III fan Oranje-Nassau, kening fan Ingelân, Skotlân en Ierlân en steedhâlder fan 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen (* 1650) datum ûnbekend Georg Everhard Rumphius, Dútsk natoerhistorikus (* 1627)

Kategory:18e iuw