Foarfallen 28 jannewaris - It Ingelske parlemint ferklearret Jakobus II ferfallen fan 'e troan. 27 augustus - It Ferdrach fan Nertsjinsk stelt de grins fêst tusken Ruslân en Sina, en makket in ein oan 'e wapene konflikten datoangeande. It skipfeartferkear oer de Amoer komt oan Sina, mar Ruslân krijt in hannelsrelaasje mei de Sinezen. 22 oktober - Tsaar Peter de Grutte fan Ruslân oarderet de oanlis fan 'e Grutte Sibearyske Wei nei Sina. sûnder datum - Hindrik Kasimir II fan Nassau-Dietz wurdt tredde fjildmaarskalk yn it Steatske leger. sûnder datum - Yn de Njoggenjierrige Oarloch hâlde de legers fan kening Loadewyk XIV fan Frankryk hûs oan 'e Ryn. Mannheim, haadstêd fan de Palts, wurdt mei de grûn lykmakke.

Berne 18 jannewaris - Charles-Louis de Secondat, baron fan La Brède en Montesquieu (Montesquieu), Frânsk filosoof († 1755) 23 oktober - Johannes Hanedoes, Frysk dokter en medysk ynspekteur († 1774)

Ferstoarn 19 april - keninginne Kristina fan Sweden (* 1626) 27 july - John Graham fan Claverhouse, 1e boarchgreve fan Dundee, Skotks ealman en jakobyt (* 1648) 12 augustus - paus Ynnosintius XI (* 1611)

Muzyk Arcangelo Corelli, 12 Sonatas da Chiesa, Opus 3 Heinrich Ignaz Franz Biber, Alessandro in Pietra (opera)

Byldzjende keunst

Kategory:17e iuw