Lier (Eastfrysk Plat: Läärhttps://oostfraeisk.org/main.aspx?W=l%C3%A6%C3%A6r&df=frs&fts=J, Sealterfrysk: Lier, Dútsk: Leer) is in stêd yn Nedersaksen, yn 'e Landkreis Lier. De stêd hat ynwenners en is dêrmei nei Emden en Auwerk de op twa nei grutste stêd fan Eastfryslân. Lier is oarspronklik ûntstien oan 'e iggen fan 'e rivier de Leda, mar wreide him letter út nei de Iems ta. Sa koene ek skippen fan see de stêd berikke. Troch alle ferkearsferbiningen dy't by Lier gearkomme, wurdt de stêd ek wol de Poarte fan Eastfryslân neamd (Tor Ostfrieslands). Yn 'e lette fjirtjinde en iere fyftjinde iuw wie Lier troch tadwaan fan 'e haadling Fokko Ukena it politike sintrum fan Eastfryslân. Lykwols krige it pas yn it 1823 stedsrjochten. Yn earder tiden wie Lier in flekke, mar it funksjonearre yn 'e praktyk al folle langer as in stêd. De âlde binnenstêd mei syn histoaryske huzen makket Lier ta ien fan 'e moaiste stêden fan 'e regio.Gottfried Kiesow: Architekturführer Ostfriesland. Utjouwer Deutsche Stiftung Denkmalschutz, Bonn 2010, ISBN 978-3-86795-021-3, side 127. Fjouwer boargen, in ferskaat oan monumintale bouwurken, en tsjerken út ferskillende iuwen binne yn 'e stêd werom te finen.
Geografy thumb|180px|left|It stee dêr’t de Leda yn de Iems oer giet. Lier leit yn it suden fan de regio Eastfryslân yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. De stêd leit sa likernôch 20 kilometer eastlik fan de provinsje Grinslân, en sa’n 40 kilomter westlik fan Aldenburch. It âlde Lier is oan de Leda ûntstien, net sa fier fan it plak dêr’t de Leda oer giet yn de Iems. De stêd Lier waard grutter en grinzet hjoed-de-dei yn it westen oan de rivier de Iems. Sûnt de stedsdielen Bingum en Nettelboarch yn 1972 ûnderdiel waarden fan de gemeente Lier leit it stedsgebiet ek westlik fan de Iems en súdlik fan de Leda. De skippen dy’t fan see komme farre troch in seeslûs dy’t de haven beskermet.
Geology It sintrum fan de stêd leit op in útrinner fan in Aldenburchske-Eastfryske geastrêch út de iistiid. Benammen yn it sintrum en yn dielen fan Loga en Logabirum bestiet de grûn faak út sân en blokliem. Om de geastrêch hinne leit yn it westen, suden en súdeasten de sompige grûn fan de Iems en de Leda. Dêrneist bestiet it gebiet om de rivieren hinne ek út feangrûn mei in laach slyk der oerhinne. Yn it noardeastlike diel fan it stedsgebiet, yn it noarden fan it stedsdiel Logabirum, bestiet de boaiem ek út feangrûn. Oarspronklik leinen yn it noarden fan de stêd noch ferskillende sânbulten, mar dy binne oan it begjin fan de 20e iuw ôfgroeven. Hjoed-de-dei leit it stedsgebiet tusken ien en sân meter boppe seenivo.Arbeitsgruppe der Ortschronisten der Ostfriesischen Landschaft, Paul Weßels: Stadt und Landkreis Eberhard Rack: Kleine Landeskunde Ostfriesland. Utjouwerij Isensee, Aldenboarch 1998, ISBN 3-89598-534-1, side 13 (Grafik)
Klimaat Lier leit yn in reedlike sône en it klimaat wurdt beynfloede troch de Noardsee. Yn de simmer binne de deistige temperatueren leger as yn it binnenlân, yn ‘e winter binne de temperatueren ornaris heger as yn it binnenlân.
Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen leit Lier yn in gebiet mei de yndieling Cfb. (tuskenbeiden seeklimaat).Waareldkoarte mäd aktualisierde Doaten uut ju Köppen-Geiger-Klimaklassifikation Binnen dy matige sône is Lier ûnderdiel fan it Klimabezirk Niedersächsisches Flachland Nordsee-Küste. It klimaat is maritym mei relatyf kâlde simmers mei relatyf in protte rein, mar de winters binne myld en der falt net in protte snie.
It waarstasjon dat it tichste by Lier leit is yn Emden.Deutscher Wetterdienst: Standortkarte (PDF-triem, 113 kB)
Moanne Jan Feb Maart Apr Maaie Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Trochsnee jier Maks. temperatuer (°C) 4 5 8 12 17 20 21 21 18 14 8 5 12,8 Min. temperatuer (°C) -2 -1 1 3 6 9 11 11 9 6 2 0 4,6 Rein (mm) 59,2 40,1 51,4 46,0 61,5 77,4 74,8 67,2 65,6 62,5 69,1 63,2 738 Sinne (oeren) 1 2 3 5 6 6 6 6 4 3 2 1 3,8 Reindagen 13 9 12 10 11 11 11 11 11 11 14 14 138 Boarne: Klimainformationen für Leer fan de webside holidaycheck.de
Buorgemeenten De stêd Lier leit sintraal op it fêstelân fan it distrikt Lier. It grinzet oan sân fan de alve gemeenten yn it distrikt Lier. Dat binne (mei de klok mei) de gemeenten Hesel, Jumme, Rauderfean, Westoverledingen, Weener (gemeente mei stedsrjocht), en de gemeenten Jemgum en Moarmerlân.
Stedsdielen thumb|180px| De stedsdielen fan Lier. Lier hat njoggen stedsdielen. Dat binne it sintrum, Bingum, Heisfelde, Hohegaste, Leerort, Loga, Logabirum, Nettelburg en Nüttermoor. De stedsdielen Nettelburg en Bingum wurde fan de rest fan it stedsgebiet skaat omdat se oan de oarekant fan in rivier lizze. It stedsdiel Nettelburg leit súdlik fan de Leda yn it Oerledingerlân, Bingum leit westlik fan de Iems yn it Reiderlân. Der binne ek noch plakken dy’t wol by Lier hearre, mar gjin stedsdiel binne of dêrby hearre, foarbylden dêrfan binne Siebenbergen, Logaerfeld en Eisinghausen.
Omdat der sa likernôch 34.000 minsken op in oerflak fan 70,3 fjouwerkante kilometer wenje, hat Lier de twadgrutste befolkingstichtens. Mei 486 minsken de fjouwerkante meter leit de befolkingstichtens net allinnich heger as it Eastfryske gemiddelde mar ek boppe de trochsnee befolkingstichtens fan de dielsteat Leechsaksen (sa’n 168 minsken de km²) en fan Dútslân (sa’n 230 minsken de km²). Ticht beboud binne it sintrum en de stedsdielen Leerort, Heisfelde en dielen fan Loga. De oare stedsdielen binne lang sa ticht beboud net en op guon plakken hawwe se sels in agrarysk karakter. Dat jildt benammen foar Hohegaste en Nettelburg dy’t beide gjin eigen sintrum hawwe.
Skiednis thumb|De resten fan de fêsting Leerort. De namme Lier waard om it jier 792 hinne bekend. De Fryske apostol en biskop fan Munster Liudger reizge yn opdracht fan Karel de Grutte troch de Fryske lannen, en boude in tsjerke yn Lier.Skiednis op leer.de
Yn de lette 14e en iere 15e iuw waard Lier troch de Eastfryske haadling Focko Ukena ta it politike sintrum fan Eastfryslân makke. Hy boude om it jier 1421 hinne de Fockenboarch en hy neamde himsels Haadling fan Lier. Focko Ukena hie in ferbûn mei de piraten, hy hie Okko II tom Brok yn de Slach fan Detern en de Slach op de Wylde Ikkers ferslein, en de striid mei de ierdsbiskop fan Bremen en de greven fan Aldenboarch wûn. De Eastfryske boeren fielden har troch de hieltyd tanimmende ynfloed en macht fan Ukena bedrige. It Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen fersette him tsjin Focko Ukena en belegere de Fockenboarch yn it jier 1430. By dy belegering waard de boarch mei de grûn lykmakke. Neffens skiedkundige Ubbo Emmius en oare skriuwers koenen minsken dy’t in bedriging foar de Fryske frijheid wienen gjin beskûl mear sykje yn de boarch. Net fier fan de Fockenboarch boude ien út de neiteam fan Ukena, Hayo Unken, de Harderwykenboarch yn de lette 15e iuw. De befolking seach Hayo Unken en syn Harderwykenboarch net as in bedriging foar de Fryske frijheid.Skiednis op leer.de
De Cirksena’s en de Hânzestêd Hamburch bouden nije hannelsrûtes troch de Fryske lannen. Yn dy tiid waard de boarch Stikhuzen boud as beskerming foar dy rûtes. Yn it jier 1453 kaam de fêsting Leerort, en dêrmei de stêd Lier, ûnder it bewâld fan Ulrich Cirksena. Under de neiteam fan Ulrich Cirksena waard Leerort de sterkste fêsting yn ‘e regio. Cirksena waard yn 1464 ferheven ta greve fan Eastfryslân. De stêd hat noch in aardich skoft residinsjestêd west fan de Eastfryske greven. Hja wienen yn de 16e iuw wol gauris yn Leerort. Dêrnei waard Auwerk de residinsjestêd. Yn 1508 krige Lier syn merkrjocht. Truch de hannel dy’t dêrtroch ûntstie koe de stêd groeie. Sa hie de stêd om it jier 1600 hinne tusken de 3.000 en 5.000 umwenners en sa likernôch tusken de 500 en 550 huzen. www.leer.de Geschichte -> Aufstieg zum Marktflecken op de webside leer.de De waach fan Lier waard yn 1714 boud.
Nei de dea fan de lêste foarst fan Eastfryslân yn 1744, Carl Edzard Cirksena, waard Eastfryslân en dêrmei de stêd Lier ûnderdiel fan Prusen. In jiermannich letter begûn de Sânjierrige Kriich wêryn’t Lier beset waard troch Frânske en Eastenrykske troepen yn it jier 1757. De stêd waard net fan soldaten plondere mar de skea dy’t hja tabrochten wie heech. Twa-tredde fan alle skea yn de Sânjierrige Kriich yn Eastfryslân wie yn Lier en de Evenboarch. thumb|left|280px|De haven fan Lier om 1850 hinne.
De stêd krige yn 1856 in treinferbining mei de "Hannoversche Westbahn", dy’t Emden yn it noarden ferbûn mei it Ruhrgebiet yn it suden. Yn 1866 kaam Eastfryslân, en dêrmei ek Lier, ûnder it bewâld fan Prusen. Under it nije bestjoer waard fierder wurke oan de ynfrakstruktuer. Tusken 1867 en 1869 waard de treinferbining nei Aldenboarch boud, yn 1876 kaam dêr it spoar nei Nijeskâns by. Dêrmei waard Lier it sintrale punt foar it (trein-)ferkear yn Eastfryslân. Yn 1990 kaam der noch in spoarferbining by nei Auwerk nei Wittmund ta. Dy treinferbining (foar lytse treinen) hold yn 1956 op te bestean foar persoansferfier, yn 1967 waard de tsjinst foar it ferfier fan guod ek stilset.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard Lier net sa bot rekke troch bombardeminten, lykas yn de stêd Emden wol it gefal wie. De stêd waard op 28 april 1945 ynnommen troch de Kanadezen. Yn de earste jierren nei de oarloch stie de stêd Lier en it distrikt Lier ûnder it bewâld fan in Britske militêre kommandant. Yn 1946 waarden de earste politike partijen wer talitten en yn itselde jier waarden op 15 septimber de earste nije ferkiezings holden. Nei de oarloch groeide it ynwennertal hurd troch de komst fan flechtlingen út de eardere Dútske ryksgebieten dy't fuort nei de oarloch ûnderdiel waarden fan Poalen (eastlik fan de rivieren Oder en Neisse). thumb|Tusken 1971 en 1990 waard de histoaryske binnenstêd fan Lier renovearre. By de ein fan de oarloch yn 1945 hie de stêd sa'n 14.200 ynwenners, fiif jier dêrnei kaam it ynwennertal boppe de 20.000 út.Enno Eimers: Kleine Geschichte der Stadt Leer. Utjouwerij Schuster, Lier 1993, ISBN 3-7963-0293-9, side 116. Yn 1950 wennen 5.578 flechtlingen yn Lier, 27,1 persint fan de hiele stedsbefolking. De stêd hie dêrtroch in grut ferlet fan nije wenningen wêrfan de stêd sels ek opdracht joech om nije huzen te bouwen. Troch de flechtlingen, en de weromkommende Dútske soldaten dy't nei de oarloch earst noch finzen holden waarden, hie de stêd ekonomyske problemen. Der wie lang net genôch wurk foar alle ynwenners. De stêd Lier en it distrikt Lier wurken oan safolle mooglik fasiliteiten dy't nedich wienen om nije bedriuwen nei de stêd ta te heljen. Tusken 1948 en 1960 groeide it tal yndustriële bedriuwen fan 20 nei 36, it tal hannelsûndernimmingen groeide yn dyselde tiid fan 20 nei 36.Enno Eimers: Kleine Geschichte der Stadt Leer. Utjouwerij Schuster, Lier 1993, ISBN 3-7963-0293-9, side 118.
Yn it jier 1950 krige Lier in nij wapen. It stedswapen waard tekene neffens in ôfdruk fan in segel út it jier 1639. Op 1 oktober 1955 krige Lier syn status as selsstannige stêd. Yn 1968 waarden Heisfelde en Loga stedsdielen fan Lier, yn 1971 folge Leerort ek. Bingum, Hohegaste, Logabirum, Nettelburg en Nüttermoor waarden yn it jier 1972 stedsdielen fan Lier, sadat it ynwennertal fan de stêd foar it earst boppe de 30.000-ynwenners-grins kaam te lizzen.
Yn 1971 waard begûn mei de renovaasje fan de histoaryske binnenstêd. Neffens de oarspronklike plannen wie it de bedoeling en sanearje it hiele gebiet. Nei ferskillende aksjes fan de befolking waarden de politisy oerhelle om net alles mei de grûn lyk te meitsjen en de âlde bouwurken te renovearjen. It renovaasjewurk waard tusken 1971 en 1990 útfierd. De fernijde histoaryske binnenstêd hie in positive ynfloed op it toerisme en makke fan Lier de meast favorite winkelstêd yn Eastfryslân.
Befolking Ynwenners fan Lier wurde yn it Dútsk Leeraners neamd.
Befolkingsûntjouwing fan de stêd Lier Ynwennertallen op de webside leer.de:
Ekonomy & fasiliteiten Ekonomy