<font size="+1"> Lytse Antillen280px Basis ynformaasjeNamme Lytse AntillenEilannekloft AntillenLokaasje Karibyske See

De Lytse Antillen is in eilannekloft yn de Karibyske See. Dizze kloft eilannen makket diel út fan de Antillen. De eilannen meitsje diel út fan in lange fulkanyske bôge, wêrfan it grutste part oan de eastkant fan de Karibyske See leit, op de grins mei de Atlantyske Oseaan. De measte eilannen binne ûntstien troch subduksje, it oer elkoar skowen fan de tektoanyske platen.

Oannaam wurdt dat de eilannen fan Fenezuëla út befolke binne troch de Arowakken. De Lytse Antillen sels wurde wer ûnderferdield yn de Boppewynske Eilannen en de Underwynske Eilannen.

Boppewynske eilannen De Boppewynske eilannen foarmje it grutste part fan de Lytse Antillen. Dy eilannen rinne fan Puerto Riko oant de kust fan Fenezuëla.

De Fammeneilannen Anguilla SSS-eilannen Sint-Marten Saba Sint-Eustasius Sint-Bartelemy Antigûa Barbûda Sint-Kits Nevis Montserrat Guadelûp Dominika Martinyk Sint-Lusia Barbados Sint-Finsint de Grenadines Grenada Trinidad Tobago

Underwynske eilannen De Underwynske eilannen lizze flak foar de kust fan Fenezuëla.

Fenezolaanske Antillen: Islas Los Testigos La Sola Islas Los Frailes Isla Margarita Coche Cubagua Islas Los Hermanos Blanquilla La Tortuga Orchila Islas Los Roques Islas de Aves ABC-eilannen Bonêre en Lyts Bonêre Kurasau en Lyts Kurasau Arûba Islas Los Monjes (Fenezuëla)

Sjoch ek Antillen Grutte Antillen

Kategory:Eilân yn it Karibysk Gebiet