Foarfallen Skillaard en Holwert krije in nije tsjerketoer. 30 jannewaris - Yn Ingelân wurdt it lyk fan Oliver Cromwell en inkele hege meistanners út de grêfkelder yn Westminster Abbey helle, troch de strjitten sleept, ophong en ûnthalze. De hollen wurde op peallen stutsen wylst de oare resten efterlitten wurde op in dongbult. Dat bart op de dei dat, tolve jier ferlyn, kening Karel I ûnthalze waard. 7 juny - Under lieding fan jonkhear Everard Meyster wurdt de Amersfoartske Kei fan de heide nei de stêd lutsen. Sweden en Ruslân slute de Frede fan Kardis.

Berne 2 septimber - Georg Böhm, Dútsk komponist en oargelist († 1733) 6 novimber - kening Karel II fan Spanje († 1700)

Ferstoarn Pieter Claesz, Nederlânsk keunstskilder

Kategory:17e iuw