Foarfallen 25 maaie - Richard Cromwell tsjinnet syn ûntslach yn as beskermhear (Lord Protector). Dêrmei komt in ein oan it Protektoraat, dat ferfongen wurdt troch it Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân. 6 july - yn Grins trouwe prinsesse Henriëtte Catharina fan Nassau en foarst Johan George II fan Anhalt-Dessau. Dat wie it ienige keninklike houlik dat sa barde yn Grins. Osebrandt Johan Rengers, hear fan Slochteren, lit it Slochterdjip grave foar de ôffier fan turf. De Ingelsken stjoere in float om de Sweden te steunen yn de Fjirde Noardske Oarloch. In twadde Nederlânske float ûnder Michiel de Ruyter wurdt der efteroan stjoerd om de Denen te fersterkjen. De Denen gean yn de tsjinoanfal.
Berne Henry Purcell komponist.
Ferstoarn Abel Tasman, Nederlânsk ûntdekkingsreizger, nammejouwer fan Tasmaanje en it Abel Tasman National Park, tichtby Nelson, Nij-Seelân. febrewaris - Willem Drost, Nederlânske skilder en printmakker (* 1633)
Kategory:17e iuw