Foarfallen 22 febrewaris - It Mâlegreefsgat by Aldwâldmersyl ûntstiet by in dyktrochbrek. De stins Roordastate by Eastersee-Buorren wurdt boud. Epemastate yn Ysbrechtum komt yn besit fan Doeke Martena van Burmania, grytman fan Wymbritseradiel. 27 septimber - Jacob Cats treedt ôf as Riedspinsjonaris en wurdt opfolge troch Adriaan Pauw. Begjin fan it Earste Steedhâlderleas Tiidrek yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. 29 oktober - Christiaan Huygens skriuwt as earste yn de skiednis natuerkundige formules op. Dy joegen de krekte teory foar ympulsbehâld by botsingen, in ferbettering fan de botsingswetten fan Descartes.
Berne 16 maart - Hendrik fan Deventer, Nederlânsk ortopedist, gynekolooch, ferloskundige en Labadist. 30 april - Johannes Baptist de la Salle, Frânsk prefester, preester en oarderstifter ( †1719)
Ferstoarn 22 jannewaris - Johannes Phocylides Holwarda, Frysk astronoom, dokter en filosoof (* 1618) 8 augustus - Amalie Elisabet, lângrevinne fan Hessen-Kassel (* 1602)
Kategory:17e iuw