Foarfallen 14 maart - Admiraal fan Galen ferneatiget in Ingelske float dy't as fersterking fan de Ingelske Levantfloat nei Livorno stjoerd wurdt. 10 augustus - De Nederlânske float ferliest de Slach by Ter Heijde (Battle of Scheveningen). 16 desimber - Oliver Cromwell stjoert Barebone's Parlemint nei hûs en ropt himsels út ta beskermhear (Lord Protector). Dêrmei heft er it Mienebêst Ingelân op en ûntstiet yn it plak dêrfan it Protektoraat. sûnder datum - Yn it ramt fan 'e Earste Ingelske Oarloch litte de Steaten-Generaal 60 nije oarlochsskippen bouwe fan ferbettere model. It minne ferrin fan de oarloch liedt ta in rop om Oranje. Der folgje rellen yn Dordrecht, De Haach, Rotterdam en benammen Inkhuzen dêr't it folk in oantal dagen de stêd oernimt. De Republyk fan de Feriene Nederlannen brûkt syn gryp op it Eastsee- en Middellânske-Seegebiet om de Ingelsen hielendal út dy gebieten te warren. It ferbûn mei Denemark makket it mooglik om de Sont te sluten. sûnder datum - Hindrik Hamel ûntdekt by in skipbrek Koreä.

Berne 3 jannewaris - François Halma, Frysk (lânskips)printer († 1722) 21 april - Prins George fan Denemark, konsort fan keninginne Anne fan Grut Brittanje († 1708) datum ûnbekend Herman Alexander Röell, Dútsk-Nederlânsk teolooch († 1718)

Ferstoarn 28 febrewaris - Skelte Tsjerks Wiglema, Frysk marine-ofsier (* 16??) 31 maart - Johan fan Galen, Nederlânske marine offisier (* 1604) 10 augustus - Maarten Harpertssoan Tromp, admiraal yn de Nederlânske marine.

Muzyk Jean-Baptiste Lully komponearret it ballet La nuit

Literatuer Constantijn Huygens skriuwt Trijntje Cornelis

Byldzjende keunst Rembrandt makket syn It offer fan Izaäk dien. Rembrandt foltôget teffens syn skilderij Aristoteles prakkesearjend by in boarstbyld fan Homerus.

Boukeunst

Kategory:17e iuw