thumb|200px|right|Oersjoch fan SGP-stimmers yn de gemeenten by de Twadde Keamer ferkiezings fan 2003 200px|thumb| Logo SGP De Steatkundich Grifformearde Partij (Nederlânsk: Staatkundig Gereformeerde Partij) is in politike partij dy't oprjochte is op 24 april 1918. De SGP is yn Nederlân de iennige kristlike partij dy't nei in teokrasy stribbet.

Skiednis De SGP hat fan 1922 ôf altiten yn de Twadde Keamer fertsjintwurdige west. Hy is dêrmei de iennichste Nederlânske partij fan foar de Twadde Wrâldkriich; alle oare âldere partijen binne sûnt dy tiid opheft of fusearre of ûnder in oare namme fierder gien. De partij waard oprjochte fanwege ûnfrede oer de doe besteande protestantsk-kristlike partijen, nammentlik de ARP en CHU. It partijprogram is nei eigen sizzen basearre op Bibelske wearden en noarmen sa as dy yn de reformatoaryske belidenisskriften nei foaren komme. Ds. G.H. Kersten, predikant fan de Grifformearde Gemeenten wie de driuwende krêft by de oprjochting fan 'e partij.

SGP-fraksjelieders yn de Twadde Keamer: 1922-1945: Gerrit Hendrik Kersten 1945-1961: Pieter Zandt 1961-1971: Cor van Dis sr. 1971-1981: Hette Abma 1981-1986: Henk van Rossum 1986-2010: Bas van der Vlies 2010-2023: Kees van der Staaij 2023- : Chris Stoffer

Fertsjintwurdiging (sûnt 1956)

Earste Keamer jier sitten 1956 1 1959 0 1963 0 1966 0 1969 0 1971 1 1974 1 1977 1 1980 1 1981 1 1983 2 1986 2 1987 1 1991 2 1995 2 1999 2 2003 2 2007 2 2011 1 2015 2 2019 2 2023 2 Twadde Keamer jier sitten 1956 3 1959 3 1963 3 1967 3 1971 3 1972 3 1977 3 1981 3 1982 3 1986 3 1989 3 1994 2 1998 3 2002 2 2003 2 2006 2 2010 2 2012 3 2017 3 2021 3 2023 3 2025 3 Jeropeesk Parlemint jier sitten 1979 0 1984 1 1989 1 1994 1 1999 1 2004 1 2009 1 2014 1 2019 1 2024 1

Keppeling om utens Webstee fan de SGP (net op snein)

Kategory:Nederlânske politike partij Kategory:Kristen-demokratyske politike partij Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1918