Eastfryslân is in regio yn de Dútske dielsteat Nedersaksen en is in ûnderdiel fan de kulturele regio East-Fryslân.
Grinzen
Eastfryslân komt rûchwei oerien mei it eardere Greefskip Eastfryslân. Eastfryslân omfiemet de bestjoerlike distrikten (Landkreise) Auwerk, Lier en Wittmund en it stedsdistrikt (Kreisfreie Stadt) Emden. De Eastfryske eilannen binne Boarkum, Júst, Norderney, Baltrum, Langereach en Spikereach.
Geografy Eastfryslân hie op 31 desimber 2022 475.314 ynwenners op in oerflak fan 3144 km². Mei in befolkingstichtens fan 150 /km² is er neffens Leechsaksyske begripen (168 /km²) reedlik ticht befolke, mar neffens Dútske begripen (233 /km²) is er reedlik tin befolke. Tekenjend foar Eastfryslân is dat it net troch in grutte stêd dominearre wurdt. Yn Eastfryslân binne de midgrutte stêden Emden, Auwerk, Lier, Norden, en Wittmund fan belang. Lytsere stêden binne Wiesmoor, Weener en Esens. Ek de eilângemeenten fan Boarkum en Norderney hawwe de status fan stêd. Fierder bestiet it goa út in soad lytse doarpen.
Lânskip thumb|Polderlân yn it Reiderlân Lykas yn de rest fan East-Fryslân is Eastfryslân in flak gea mei in soad greidlân te ferlykjen mei dy yn Westerlauwersk Fryslân. De folgjende lânskipstypen wurde ûnderskaat:
Kustgebiet: It dunelânskip en sânstrannen op 'e Eastfryske eilannen. Troch de getiden bliuwt it sân yn beweging en komme der nije sânbanken by. It eilân Memmert is winliken ien grutte sânbank. Oan de súdkant fan de Eastfryske eilannen geane kwelders mei slinken yn de Waadsee oer. Oan de súdrâne fan de Waadsee ûntstiet nei bûtendyks lân en de kust fan de fêstewâl wurdt oer de hiele lingte beskerme troch de seedyk. Op 'e fêstewâl by de kust lâns hat Eastfryslân in polderlânskip (de saneamde mersken). De klaaigrûn of merskgrûn is tige fruchtber. Op dy klaaigrûn lizze ek de terpen. Binnenlân: Nei it binnenlân ta leit de geastgrûn, in heger leechlân (tusken de 5 en 15 meter boppe seenivo) besteande út sânige grûn. Dat gebiet ûntstie troch ekologyske prosessen, wêrby't de wyn it sân ferpleatste. De geastgrûn wurdt skaaimerke troch in kûlisselânskip mei houtwâlen. It binnenlân fan Eastfryslân hie eartiids grutte feangebieten. Dy feangebieten ûntstienen yn it holosene tiidrek troch de opbou fan plantaardich materiaal yn wetterige omjouwings. Fean wie eartiids in wichtige brânstofboarne en yn Eastfryslân binne de grutste feangebieten ôfgroeven. De feangebieten hawwe in Feankolonjaal lânskip mei lintbebouwing by de feankanalen (Wieken - wiken) del. Hjir en dêr binne noch lytse feangebieten oer. Rivierdelling: De iggen fan de Iems en it dêroan swettende lân is tige fruchtber en geskikt foar lânbou. De ôfwettering fan dy gebieten is krúsjaal foar it behâld fan de lânbougrûn.
Nei it binnenlân ta hat Eastfryslân in ferskaat oan boskgebieten. It Heseler Wald en Holle Sand binne oanlein om de sândunen net mear rûnwaaie te litten. Yn it Holle Sand leit ek it heechste punt fan 'e fêstewâl, de saneamde Kugelberg mei 18,6 meter hichte. Op Noardereach leit de heechste dún mei 24,4 boppe seenivo. It djipste punt leit yn de gemeente Krummhörn, dêr't it poldergebiet Freepsumer Meer op 2,5 meter ûnder seenivo leit.
Grûnstoffen en miljeu thumb|Berumerfehner Moor Ierdgas, ierdoalje en sân binne de wichtichste grûnstoffen. De oalje- en ierdgasfoarrieden fan Eastfryslân lizze foaral yn de djippe sedimintbasins dy't ûntstienen yn it mesozoïkum. Hoewol't de oalje- en ierdgasfoarrieden lang net sa grut binne as yn it oanbuorjende Grinslân, binne se likegoed fan ekonomysk belang. Sân is in wichtige grûnstof foar de bou- en yndustrysektor en komt benammen yn de binnenlânske gebieten fan Eastfryslân foar. Dêr binne relatyf in protte sânwinputten, guon binne al frijjûn as rekreaasje- of natuergebiet.
Eastfryslân wurdt konfrontearre mei ferskate miljeuproblemen lykas ferdrûging fan de feangebieten, kusteroazje en de ympakt fan de ierdgaswinning. Boppedat wurdt út de lêste feangebieten noch hieltyd turf wûn foar de túnbou, hoewol't it protest út de polityk wei tanimt. Yn Etzel (Landkreis Wittmund) binne 75 ûnderierdske opslachlokaasjes foar ierdgas en oalje. Yn totaal hawwe sy in opslachkapasiteit fan 40 miljoen kubike meter. Tsjin de ûnderierdske opslachlokaasjes is in protte wjerstân, om't sy in bedriging foarmje soenen foar it grûnwetter.
Histoaryske lânskippen Eastfryslân bestie oarspronklik út de folgjende lânskippen (goaen):
Auwerkerlân Brokmerlân Emsigerlân Federgoa Harlingerlân Lengenerlân Moarmerlân Norderlân Oerledingerlân Reiderlân
Bestjoerlike yndieling 300px|thumb|Gemeenten yn Eastfryslân thumb|Dize oan de grûn yn Eastfryslân thumb|Hokkelingen yn de greidlân by Wrisse Eastfryslân bestiet út 4 lânkringen en 31 gemeenten:
Lânkring Lier: Bunde Jemgum Weener Lier Westoverledingen Rhauderfehn Ostrhauderfehn Samtgemeinde Jümme Uplengen Samtgemeinde Hesel Moormerland Boarkum
Lânkring Auwerk: Wiesmoor Großefehn Auwerk Ihlow Südbrookmerland Hinte Krummhörn Samtgemeinde Brookmerland Norden Samtgemeinde Hage Großheide Dornum Júst Norderney
Kringfrije stêd Emden (is tagelyk ek in gemeente)
Lânkring Wittmund Samtgemeinde Holtriem Samtgemeinde Esens Wittmund Friedeburg Langereach Spikereach
Grutste plakken De grutste plakken fan Eastfryslân binne: Nr. Namme Lânkring Ynwennertal(teldatum31-12-2022) Ynwennertal(teldatum31-12-2024) 1 Emden Emden 50.535 49.202 2 Auwerk Lânkring Auwerk 42.970 42.612 3 Lier Lânkring Lier 35.663 34.025 4 Norden Lânkring Auwerk 25.179 25.178 5 Wittmund Lânkring Wittmund 20.773 20.037 6 Weener Lânkring Lier 15.997 15.215 7 Wiesmoor Lânkring Auwerk 13.502 13.875 8 Esens Lânkring Wittmund 7.427 6.998
Skiednis thumb|Eastfryslân om 1600 hinne troch Ubbo Emmius Fryske Frijheid en de Opstalbeam
Om 700 hinne wie Eastfryslân ûnderdiel fan it Frysk stamgebiet dat yn it Latynsk Frisia of tota Frisia neamd waard. Mei de feroveringen troch de Frankyske keningen Karel Martel en letter Karel de Grutte waard Fryslân ûnderdiel fan it Frankyske Ryk.
De kerstening, dy't troch de Franken oanjage waard, stûke mei de komst fan de Wytsingen.J. Hines, N. IJssennagger, Frisians and Their North Sea Neighbours It heidenske leauwen bleau dêrtroch it folksleauwen, pas yn 'e lette 11e iuw gongen de Friezen yn mearheid op it kristendom oer.H. Schmidt, Kirchenbau und „zweite Christianisierung" im friesisch-sächsischen Küstengebiet während des hohen Mittelalters, yn 'Niedersächsisches Jahrbuch für landesgeschichte' (1987), nû 59, siden 63-93. It kleaster fan Reepsholt, dat yn 'e 10e iuw stifte waard, soe in pear iuwen lang it iennichste kleaster fan Eastfryslân bliuwe. Pas nei 1200 sette de kleasterbou yn Eastfryslân troch. left|thumb|De Opstalbeam is fanâlds in grêfheuvel. It monumint is fan 1833. It Frankyske Ryk foel mei it Ferdrach fan Prüm (855) út elkoar yn ferskillende gebietsdielen mei elk in eigen hearsker. Nei in ûnderlinge striid tusken dy gebietsdielen folgen yn 870 it Ferdrach fan Meerssen en yn 880 it Ferdrach fan Ribemont. De Fryske lannen soenen dêrtroch ûnderdiel wurde fan it Eastfryske Ryk, dat yn de 9e iuw ta it Hillige Roomske Ryk omfoarme waard. Binnen it Hillige Roomske Ryk berôpen de Friezen har op it Karelsprivileezje. Oer de echtheid en oarsprong fan it Karelsprivileezje is net mear bekend as in 13e iuwske falsifikaasje. Lykwols waard de Fryske Frijheid yn 1248 troch de Roomsk-kening Willem II befêstige. Eastfryslân wie dêrmei ûnderdiel fan de Sân Seelannen en hie mei de oare Fryske lannen tusken Fly/Sudersee en Wezer in eigen bestjoer en rjochtssysteem. De eigen net-feodale bestjoersfoarm fan de Fryske lannen wie útsûnderlik yn Europa.
Om mear ienheid tusken de Fryske lannen te krijen kaam it Opstalbeam-bûn yn 'e lette midsiuwen by elkoar. It Opstalbeam-bûn lei rjochten fêst en makke mienskiplike besluten, bygelyks it oan Appingedaam ferliende stedsrjocht en in rige ferdraggen mei de kening fan Frankryk. Yn 1361 fûn de lêste gearkomste fan it bûn yn 'e stêd Grins plak.H. van Lengen, Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende, Eastfryske Lânskip (2003), ISBN 3-932206-30-4, side 425 thumb|Nei de Slach op de Wylde Ikkers (1427) wurdt Okko II tom Brok troch Fokko Ukena finzen nommen. Partijstriid en de ein fan de Fryske Frijheid (1413-1464) Yn 'e rin fan 'e 14e iuw wurde in oantal haadlingen hieltyd machtiger lykas de famylje Tom Brok. Yn 'e Grutte Fryske Oarloch (1413-1422) wurdt dúdlik hoe fier oft de ferskillende haadlingen gean wolle dy't troch de partijstriid tusken Skieringers en Fetkeapers tsjinoer elkoar komme te stean. De famylje Tom Brok kriget mei de Frede fan Grins yn 1422 in wichtige posysje yn Eastfryslân. Yn it suden fan Eastfryslân ûntstiet der al gau ferset tsjin it bewâld fan de machtige famylje Tom Brok. Under lieding fan haadling Fokko Ukena wurde yn 1426 en 1427 twa fjildslaggen fochten dy't letter as de Eastfryske Befrijingsoarloggen bekend wurde soenen.
Nei de oerwinning op Okko II tom Brok besocht Fokko Ukena syn macht te konsolidearjen. Hy makke lykwols gjin freonen en lei hieltyd hegere belestingen op en ûnderdrukte alle foarmen fan tsjinspraak. De Eastfriezen hienen ûnder Okko II tom Brok al in minne tiid meimakke en belibben ûnder Fokke Ukena winliken itselde bewâld. Fokko Ukena presintearre himsels as de ferdigener fan de Fryske Frijheid, mar nei syn machtsoername waard hy troch it folk júst as in ferrieder fan de Fryske Frijheid beskôge.
De famylje Sirksena organisearre it ferset tsjin it bewâld fan Fokko Ukena. Op 14 novimber 1430 waard it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen oprjochte. It Frijheidsbûn belage de Fokkenboarch yn Lear in healjier lang. yn 1433 waard Ukena syn lêste ferset yn 'e Slach by Bargeboer brutsen. Tenei soe de famylje Sirksena de wichtichste haadlingefamylje fan Eastfryslân wurde.
De famylje Sirksena hie ûnder oaren boargen yn Greetsiel, Emden, Auwerk en Berum. De famylje makke net deselde flaters as de famylje Tom Brok en Fokko Ukena en koe harren macht konsolidearje. Yn 1464 makke de famylje formeel in ein oan 'e Fryske Frijheid. Mei de beneaming fan Ulrik Sirksena ta ryksgreve krige Eastfryslân in eigen greve en Eastfryslân waard sa noch fêster ûnderdiel fan it Hillige Roomske Ryk
It hûs Sirksena (1464-1744)
Yn de oarkonde fan de keizer fan 1464 waard fêstlein dat it hûs Sirksena tenei troch erfopfolging de greve fan Eastfryslân leverje mocht, mar tagelyk waard ek regele dat de Friezen harren frijheden en rjochten gruttendiels hâlde mochten.Eastfryske Lânskip: Geschichte der Ostfriesischen Landschaft Sa kaam der romte foar de Gearkomste fan Stannen. Sa'n Gearkomste fan Stannen waard yn oare gebieten ek wol de lândei of steaten neamd, mar yn Eastfryslân waard de namme lânskip keazen. Sa ûntstie binnen inkelde generaasjes de Eastfryske Lânskip. De Eastfryske Lânskip ûnderskiede him bot fan oare 'steaten', 'stannen' of 'lândagen', dêr´t de trije stannen ornaris fertsjintwurdige wienen troch de adel, geastlikheid en boargerij (fan 'e stêden). Yn Eastfryslân waard de geastlikheid ferfongen troch de boerestân én dy hie ek noch likefolle sizzenskip as de oare twa stannen. Dêrneist lei it grutste diel fan it foech net by de greve, mar by de Eastfryske Lânskip.
De meast ferneamde greve út it hûs Sirksena wie Edzard de Grutte (1462-1528). Under syn bewâld koe Eastfryslân grutte dielen fan de Grinzer Ommelannen en besette it eastlike diel fan it Eastfryske skiereilân. Yn it Saksyske Skeel (1514-1517) hie de befolking fan Eastfryslân slim te lijen fan de totale oarloch tsjin it Hillige Roomske Ryk. Edzard syn ambysje om te ekspandearjen, hy woe ek Westerlauwersk Fryslân ûnder syn macht bringe, liet er nei trije jier oarloch gewurde. It eastlike diel fan Eastfryslân mocht er nei ûnderhannelingen hâlde. thumb|Emden yn 1575.