Foarfallen 12 april - Willem fan Oranje boasket nei de dea fan Sjarlotte fan Boerbon foar de fjirde kear, no oan 'e Fransêze en hugenoate Louise fan Coligny. sûnder datum - De tsjerke fan Aldeberkeap wurdt troch de Spanjerts ta ynstoarten brocht. sûnder datum - De Spaanske lânfâd fan 'e Súdlike Nederlannen, Aleksander Farnese, hartoch fan Parma, set útein mei in fjildtocht wêrby't er oant yn 1585 alle opstannige stêden yn 'e Súdlike Nederlannen op ien nei (Oostende) feroverje sil. De noardlike gewesten ûndernimme hjirtsjin gjin aksje fan betsjutting.

Berne 10 april - Hugo de Groot, Nederlânsk rjochtsgeleerde, diplomaat en politikus († 1645) mids maaie - Susanna Shakespeare, Ingelsk húsfrou, dochter fan William Shakespeare († 1649) 24 novimber - Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar, Spaansk dichter en skilder († 1641) datum ûnbekend Jan Oostervelt, Frysk sulversmid († 1667)

Ferstoarn 11 desimber - don Fadrique Álvarez de Toledo, 4e hartoch fan Alva ("don Freark"), Spaansk ealman en militêr (* 1537) datum ûnbekend Martinus Riethovius, Súdnederlânsk prelaat, biskop fan Yper (* 1511) Sibrandus Leo, Frysk skiedskriuwer en geograaf (* 1528 of 1529)

Kategory:16e iuw