Foarfallen 16 jannewaris - Karel V draacht it keningskip oer syn Spaanske keninkriken oer oan syn soan Filips II. 23 jannewaris - De Ierdbeving fan Shaanxi, de ferheftichste út 'e bekende skiednis, kostet yn sintraal Sina oan nei skatting 830.000 minsken it libben. 10 juny - Karel V draacht it frijgreefskip oer de Franche Comté oer oan syn soan Filips II. 5-7 juny - Karel V draacht it keizerskip oer it Hillige Roomske Ryk oer oan syn broer Ferdinand I. sûnder datum - De Sweedske prins Jehan, de twadde soan fan kening Gustaaf I, wurdt hartoch fan Finlân.
Berne 7 febrewaris - Maria fan Oranje-Nassau, Nederlânsk ealfrouwe († 1616) 27 desimber - Johanna de Lestonnac, Frânske oarderstifter en hillige († 1640) datum ûnbekend Anne Hathaway, Ingelsk húsfrou, frou fan William Shakespeare († 1623) (mooglik berne yn 1555) Sybrandus Lubbertus, Eastfrysk teolooch en heechlearaar
Ferstoarn 10 juny - Martin Agricola, Dútsk komponist (* 1486)
Kategory:16e iuw