De Tyrreenske See (Italjaansk: Mar Tirreno) is de see tusken Itaalje en Sisylje dy't ûnderdiel is fan de Middellânske See. De Strjitte fan Messina foarmet de ferbining mei de Ionyske See, dy't allyksa diel útmakket fan de Middellânske See. De namme is ôflaat fan it wurd Tyrrhênoi, it wurd dêr't yn de âldheid de Etrusken mei oantsjutten waarden.
Yn de Tyrreenske See mûnje de rivieren de Tiber en de Magra út.
Kategory:See yn Jeropa Kategory:Rânesee fan de Middellânske See Kategory:Wetter yn Itaalje Kategory:Wetter yn Frankryk