Piëmont (Italjaansk: Piemonte, Piëmonteesk: Piemont) is in regio yn Itaalje, oprjochte yn 1948. De haadstêd is Turyn. De namme Piemonte betsjut yn it Italjaansk letterlik 'oan de foet fan de bergen'. Piëmont grinzget oan Switserlân en Frankryk en oan de Italjaanske regio's Liguerje, Emilia-Romagna en Lombardije.

De taal dy't meast praat wurdt is Italjaansk, mar dêrnjonken wurdt der ek Frânsk en wat Oksitaansk sprutsen.

Lânskip thumb|left|Gran Paradiso. It lânskip is yn trije parten op te dielen: it Alpegebiet mei as heechste berch de Gran Paradiso (4.061 meter), de Po-flakte mei de grutte stêden, it heuveleftige gebiet.

Skiednis yn it koart Piëmont makke mear as tûzen jier part út fan it Romeinske ryk. Oan 'e ein fan 'e Romeinske tiid, waard it yn 'e tiid fan it Grutte Folkeferfarren ferskate kearen plondere troch rûnswalkjende folken. It kaam yn besit fan 'e Ostrogoaten en letter de Longobarden. Under Karel de Grutte makke it diel út fan it Frankyske ryk.

Yn 'e rin fan 'e midsiuwen sloegen de markizen fan Piëmont foar master op. It Hûs fan Savoye makke Piëmont ûnderhearrich en Frankryk en de Habsburgers hawwe in soad om it gebiet fochten.

Yn 1718 waard Piëmont feriene mei Sardynje en de Habsburchske keizer skonk harren de keningstitel (Keninkryk Sardynje). Nei de besetting troch Napoleon yn 1798 kamen de Eastenrikers oan 'e macht. Sy makken it gebiet ta in marjonettesteat mei Klemens fan Metternich oan it haad. Sûnt 1847 kaam de befolking hieltyd faker yn opstân tsjin de Eastenrikers en yn 1859 waarden sy troch de Piëmontezen en de Frânsken ferneatigjend ferslein yn 'e slach by Solferino.

Yn 1861 waard Victor Emanuel II ta kening fan it feriene Itaalje kroand. Sûnt dy tiid is Piëmont Italjaansk gebiet

Provinsjes De regio bestiet njonken de metropolitane stêd Turyn út sân provinsjes: Kaart Wapen Provinsje Ofk. Haadstêd Oantalgemeenten200px 30px Alessandria AL Alessandria 18730px Asti AT Asti 11830px Biella BI Biella 7430px Cuneo CN Cuneo 24730px Novara NO Novara 8730px Metropolitane stêd Turyn TO Turyn 31230px Verbano Cusio Ossola VB Verbania 7430px Vercelli VC Vercelli 82

Gemeenten Understeand de 10 grutste Piëmonteeske gemeenten neffens ynwennertal op 28 febrewaris 2024 (provinsjale haadstêden en de grutstedske stêd Turyn mei fette letters wjerjûn.

PosysjeWapenGemeenteYnwennertalOerflak(km²)Befolkingstichtens(km²)Hichte(m boppe seenivo)ProvinsjeMetropolitane stêd1º30pxTorino846.430 130,016481,16239TO2º30pxNovara102.644103,05986,89162NO3º30pxAlessandria92.067 203,57451,3995AL4º30pxAsti73.797 151,31488,61123AT5º30pxCuneo55.978 119,67466,68534CN6º30pxMoncalieri55.970 47,531183,61219TO7º30pxCollegno48.129 18,102698,12302TO8ºRivoli46.86229,501593,18390TO9º30pxNichelino46.07720,562251,55229TO10º30pxSettimo Torinese45.771 31,461476,12207TO

Gemeenten yn Piëmont mei in heger ynwennertal fan mear as 20.000 ynwenners (sifers 28 febrewaris 2024):

PosysjeWapenGemeenteYnwennertalOerflak(km²)Befolkingstichtens(km²)Hichte(m boppe seenivo)Provinsje Metropolitane stêd11º30pxVercelli45.68179,78575,02130VC12º30pxBiella42.97946,69935,17420BI13ºGrugliasco36.70513,132795.13293TO14º30pxChieri35.95054,20662,58283TO15º30pxPinerolo35.47250,34706,12376TO16°30pxCasale Monferrato32.22686,21385,26116AL17º30pxVenaria Reale32.08120,441605.58262TO18º30pxAlba31.15553,59582,48172CN19º30pxVerbania30.00637,49802,99197VB20º30pxBra29.75859,53494,98290CN21º30pxCarmagnola28.10895,72296,09240TO22º30pxNovi Ligure27.33955,20503,37197AL23º30pxTortona26.61598,87274,02122AL24ºChivasso26.18851,24519,28183TO25º30pxFossano24.211130,15188,14375CN26º30pxOrbassano23.01822,211043.00273TO27º30pxIvrea22.49630,11765,46253TO28º30pxMondovì22.06087,05255,76395CN29ºSavigliano21.777110,79193,54320CN30º30pxBorgomanero21.22132,27657,86307NO31º30pxTrecate20.94238,22533,39136NO

Ofbylden

Kategory:Regio fan Itaalje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1948