De Iendracht (offisjeel: De Eendragt) is in stellingmûne yn Eanjum út 1889. De achtkante boppekruier wie yn gebrûk as nôt- en pelmûne.

Skiednis By de bou fan de mûne waarden ûnderdielen fan twa sloopte mûnen út Ljouwert brûkt. De mûne krige letter in 40 pk Kromhout gloeikopmotor om ek by wynstil waar mealle te kinnen.

De stellingmûne waard yn 1965 bûten gebrûk steld en yn 1967 troch de doetiidske gemeente Eastdongeradiel oernaam. In restauraasje folge yn 1971. Yn 1994 waard de mûne oerdroegen oan de Stifting Monumintebehâld Dongeradiel, tsjintwurdich de Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân.

Ein juny 2008 joech de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed 96.340 euro foar in restauraasje fan De Iendracht.RACM, Persbericht 30 juni 2008 - Molens krijgen 11 miljoen euro restauratiesubsidie (kopie) Ein 2011 binne de potroeden restaurearre.

De mûne wurdt no brûkt as TIP-kantoar (Toeristysk Ynformaasje Punt) en mûnemuseum.

Keppeling om utens De Hollandsche Molen Moledatabank

Sjoch ek Mole yn Fryslân List fan Fryske musea

Kategory:Eanjum Kategory:Mole yn Noardeast-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Noardeast-Fryslân Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole Kategory:Pelmole Kategory:Bouwurk út 1889 Kategory:Mole yn Dongeradiel Kategory:Ryksmonumint yn Dongeradiel