thumb|Terpstra (1985) Pieter Terpstra of Piter Terpstra, (Ljouwert, 29 desimber 1919 - Ljouwert, 26 jannewaris 2006), wie in Frysk sjoernalist en skriuwer. De produktive Terpstra skreau wol 125 boeken. Pieter Terpstra wie de heit fan Arjen Terpstra, dy't ek Frysk skriuwer is.
Biografy Terpstra krige yn 1964 lanlike bekendheid doe't hy de troch, útjouwerij Bruna yn de Zwarte Beertjes-searje útjûne detective-rige Havank, fuortsette nei it ferstjerren fan de oarspronklike skriuwer Hans van der Kallen. It ûnfoltôge fjouwerentritichste ferhaal út de rige, Menuet te Middernacht, waard troch him foltôge op basis fan petearen mei syn foargonger; dêrnei skreau hy 23 dieltsjes sels, dy't ûnder de namme Havank & Terpstra útjûn waarden. Twa hjirfan binne noch basearre op de yn de neilittenskip fan Havank fûne net komplete manuskripten. Dêrbûten skreau Terpstra sa'n hûndert streekromans en historyske romans, diels yn it Nederlânsk, mar ek yn it Frysk. Op de lêste stiet hy as Piter Terpstra neamd. In inkele kear brûkte hy de pseudonimen Piet Grilk en Peter Torenvliet; it lêste foar inkele boeken oer resjersjeur Argus.
Neist skriuwer wie Terpstra sjoernalist; hy wurke foar it Nieuwsblad van het Noorden, Trouw, de Ljouwerter Krante en Friesland Post. Hy ferstoar yn Ljouwert op 86-jierrige leeftyd en waard begroeven op it âlde tsjerkhôf fan Huzum.
Prizen 1955 - Rely Jorritsmapriis foar Beatrix 1957 - Rely Jorritsmapriis foar De stien 1960 - Rely Jorritsmapriis foar It forhael 1988 - Piter Jellespriis foar syn hiele oeuvre dat út Frysk- en Nederlânsktalich wurk bestiet 1998 - Romanpriis KFFB foar In flechteling
Bibliografy (seleksje) De duikhoek (1947); as Piet Grilk; mei Wim van Leening en mei tekeningen fan Jo van Gerven en Kees Segaar) De trein fan healwei achten (1947); Burgemeester Joachim (een avontuur van rechercheur Argus) (1948); as Peter Torenvliet) Het goud van Nagele; een avontuur van rechercheur Argus (1951; as Peter Torenvliet) Fjouwer minsken yn in stêd (1956); Soldaten en muzikanten (1959); De wrâld is der op tsjin (1967); De dei is forroun (1972); 50 jaar Wieringermeer (jubileumboek oer de Wieringermarpolder) (1980) Storm over Fostaland (1980); ISBN 90-210-3033-0 Een ster in de morgen (1981); ISBN 90-210-3507-3 De dag is voorbij (1981); ISBN 90-6272-240-7 Friesland (ynlieding, tekst mei oaren) (1983); ISBN 90-10-01643-9 Maria de Heilige Maagd (1983); Uit Friesland's volksleven Foto's, ynlieding, mei oaren, tekst (1984); ISBN 90-940003-2-6 De vreemde schilder (1985); ISBN 90-210-3508-1 Een ster in de morgen (1985); ISBN 90-6933-008-3 Pieter Jelles Troelstra (1985); ISBN 90-330-1349-5 Wij leven van de wind (1985) ISBN 90-6933-005-9 De vogels willen zingen (1985); ISBN 90-6933-002-4 Tjerk Vermaning (1986); ISBN 90-330-1363-0 Tweeduizend jaar geschiedenis van Friesland (1986); ISBN 90-940083-2-7 De aarde zal bestaan (1987); ISBN 90-210-3509-X De vreemde schilder (1987); ISBN 90-6933-057-1 Fries letterland (ynlieding, gearstalling) (1987) ISBN 90-218-3822-2 Friesland in oude ansichtkaarten (1987); ISBN 90-6368-005-8 De Nederlandse volkskarakters bewurking (1987); De aarde zal bestaan (1988); ISBN 90-364-0795-8 Zo wijd als de wind (1988); ISBN 90-242-1753-9 De dochter van dokter Halbertsma (1989); ISBN 90-364-0811-3 De jonge dokter Halbertsma (1989); ISBN 90-364-0812-1 Dokter Halbertsma (1989); ISBN 90-364-0810-5 Licht aan de horizon (1990); ISBN 90-364-0933-0 De dokter van het eiland (1992); ISBN 90-364-1166-1 De heer van het eiland (1992); ISBN 90-364-1167-X Het bedreigde eiland (1992); ISBN 90-5030-314-5 Wolken en stjerren; roman oer Eise Eisinga (1994); as Piter Terpstra) ISBN 90-330-0237-X De grote atlas van Europa *Computerbestand* CD Rom (1995); ISBN 90-75604-01-7 Met hoop in mijn hart (1996); ISBN 90-205-2381-3 De einder is te ver (1998); ISBN 90-364-1775-9 In flechteling (1999); as Piter Terpstra) ISBN 90-74918-25-5 Kom oer it wetter (2000); as Piter Terpstra) ISBN 90-74918-31-X Verloren land; een herinneringswerk aan Schokland (2004); ISBN 90-6697-160-6 Herinneringen aan Havank; artikelen 1964-1975 (2005) ISBN 90-6187-658-3 In het spoor van de Schaduw; artikelen 1965-1992 (2006) ISBN 90-6187-659-1 Verloren land (2004) ISBN 90-6697-160-6, Gouden drieluik Voorkeurboek (2003) ISBN 90-242-8859-2 Gysbert Japiks trilogy'' Frysk en Frij (2003) ISBN 90-73554-85-3 De Havank & Terpstra-searje 34 Menuet te middernacht, 1964 35 De erven Mateor, 1965 36 Mysterie op Mallorca, 1966 37 Schaduw achter tralies, 1967 38 Schaduw aan de Donau, 1968 39 Zes schaduwen in de sneeuw, 1969 40 Schaduw's bedevaart, 1969 41 Grüss Gott, Schaduw, 1969 42 De Schaduw en de Duitse dame, 1970 43 Schaduw op de heide, 1970 44 De Schaduw en de maagd, 1971 45 Schaduw's gesloten boek, 1971 46 Schaduw's medelijden, 1971 47 Schaduw op het kerkhof, 1972 48 De Schaduw en de zwarte hond, 1973 49 Schaduw kwartet, 1973 50 Hotel de Schaduw, 1974 51 Schaduw's scheve schaats, 1974 52 Kameraad Schaduw, 1975 53 De Schaduw en Jan van Beieren, 1975 54 De Schaduw en zijn schoonmoer, 1979 55 Schots en Schaduw, 1981 56 Schaduw's goudmijn, 1984 57 De Schaduw en het moordjaar, 1985
Keppeling om utens schrijvers Tresoar Oer syn boeken
Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk misdieskriuwer Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1919 Kategory:Persoan stoarn yn 2006