thumb|Poldermole De Wersteller en gemaal De Grie. Der binne noch sa'n 150 moles (of mûnen) yn Fryslân. De measte falle ûnder de monumintesoarch.
Skiednis Yn 1811 waard it mûnebestân ynventarisearre. Nei de tiid noch in kear of wat. It lit sjen hoe dramatysk it tal mûnen minder wurden is.
By de ynventarisaasje fan 1811 wienen der noch mear as 2.400 moles yn Fryslân, yn 1943 noch mar 300, yn 1946 250 en yn 1955 likernôch 150.
De yndustrymoles ferlearen troch meganisaasje harren funksje en binne dêrtroch meastentiids sloopt. Sa binne der gjin oaljemoles mear yn Fryslân, mar der steane al noch wol twa moaie houtseachmûnen yn Drylts en Wâldsein.
De poldermoles ferlearen harren funksje troch de bou fan in soad gemalen yn Fryslân, wêrfan de bekendsten en grutsten it yr. D.F. Woudagemaal by De Lemmer en it J.L. Hooglandgemaal by Starum binne.
Foar in tal plakken bepaalden de mûnen it doarpsoansjen, mar binne se yn de rin fan de tiid hielendal ferdwûn, lykas op De Gordyk wêr't eartiids wol seis mûnen stiene.
Arsjitektuer De type mûnen dy't yn Fryslân foarkomme: Muonts of Mûnts. Spinnekop Tsjasker. Yn tsjinstelling ta de beide oare type mûnen hat in tsjasker ornaris gjin namme, mar wurdt neamd nei it gebiet dêr't er yn stiet.
Neist dizze tradisjonele type wynmûnen komt yn Fryslân ek de wynmotor foar.
Mûnestiftings In protte mûnen binne eigendom fan in stifting. In stikmannich stiftings yn Fryslân beheare mear as ien mûne: Stifting De Fryske Mûne - Oprjochte yn 1970 en eigener fan mear as fjirtich mûnen. Stifting Moles yn Menameradiel - Oprjochte yn 1975 en eigner fan acht mûnen. Stifting Monumintebehâld Dongeradiel - Oprjochte yn 1993 en eigener fan sân mûnen. Mûnestifting Súdwest-Fryslân - eigner fan seis tradisjonele mûnen, en twa wynmotors.
Tabel mûnen Plak Namme Jier Type FunksjeOfbyldAchlumAchlumer Mole1851grûnsilerpoldermole AkkrumMellemole1949spinnekoppoldermole Aldegea (Wymbritseradiel)Dorismooltsje1800spinnekoppoldermole BoalsertTadema's mole1824grûnsilerpoldermole BoalsertTsjasker Kleasterleane1973tsjaskerpoldermole BoarnsweachSweachmermole1782stellingmolepoldermole BurdaardDe Swel1987stellingmolenôt-, pel- en seachmole 70pxDokkumDe Hoop1849stellingmoleroggemole DokkumSeldenrêst1862stellingmoleroggemole DryltsDe Rôt1828stellingmoleseachmoleEanjumDe Iendracht1889stellingmolenôt- en pelmole FrjentsjerArkens1835spinnekoppoldermole GoaiïngahuzenDe Modderige Bolspinnekoppoldermole GoaiïngahuzenDe Jansmole spinnekoppoldermole GoaiïngahuzenHeechhiem spinnekoppoldermole It HearrenfeanWelgelegen1849stellingmoleroggemole HollumDe Ferwachting1991stellingmoleroggemole HolwertDe Hoop1713stellingmolenôt- en pelmole De JouwerPenninga's mole1692stellingmoleroggemoleDe JouwerDe Griene Mole1800spinnekoppoldermoleKoudumDe Flytspinnekop op stellingroggemoleMakkingeaDe Weyert1868stellingmoleroggemoleMarrumGrutte Mole1845stellingmolepoldermole MarrumKlaailânsmole1865grûnsilerpoldermoleRoptaRopta1836stellingmolenôt- en pelmole MildaamTsjongermole1869grûnsilerpoldermole NoardwâldeWynlust1859stellingmoleroggemoleNijemardumSwaantsje1893grûnsilerpoldermoleNijetrineDe Reidfink1855grûnsilerpoldermole NijetrineDe Reager1871grûnsilerpoldermole PeazensDe Hûn1861stellingmolenôtmole RyptsjerkYpey Mûne1858grûnsilerpoldermole SkarsterbrêgeSkarremole1888grûnsilerpoldermole Sint JansgeaDe Hersteller1857grûnsilerpoldermole SleatDe Kaai1755stellingmoleroggemoleSnitsHimmole1982spinnekoppoldermoleStiensDe Hoop1853stellingmoleroggemoleTsjerkwertBeabuorstermole1882grûnsilerpoldermole VegelinsoardGrevensmole1859grûnsilerpoldermole WânswertVictor1869grûnsilerpoldermole WarkumDe Nijlannermole1784grûnsilerpoldermole WarkumDe Snipfoàr 1832grûnsilerpoldermole WarkumYbema's Mole1899grûnsilerpoldermoleWâldseinDe Jager1719?stellingmoleseachmoleWâldsein't Laamfoar 1698stellingmoleroggemoleWikelSânpoel1975tsjaskerpoldermole WolvegeaWynlust1888stellingmoleroggemole WolvegeaDe Gooyer1775grûnsilerpoldermole
Sjoch ek Wynmotors yn Fryslân
Kategory:Arsjitektuer yn Fryslân Kategory:Mole yn Fryslân