Foarfallen 26 jannewaris - De Portegeeske haadstêd Lissabon wurdt troffen troch in slimme ierdskodding. 14 maart - De nije lânfâdesse Marije fan Hongarije arrivearret yn 'e Nederlannen as opfolchster fan har muoike Margareta fan Savoaye. 29 septimber - Greve Willem de Rike fan Nassau-Dillenburg boasket oan Juliana fan Stolberch. Beiden hawwe earder troud west. Yn 1533 sil út dit houlik Willem fan Oranje berne wurde. 11 oktober - Yn 'e Slach by Kappel, tusken de roomske en de protestantske Switserske kantons sneuvelet de tsjerkeherfoarmer Huldrych Zwingli. sûnder datum - Minne Simens giet fan Penjum werom nei syn bertedoarp Wytmarsum, om dêr it preesterskip op him te nimmen. sûnder datum - De Spaanske conquistador Francisco Pizarro falt it yn 1522 ûntdutsen Perû binnen en ferslacht it Inka-Ryk.
Berne 20 desimber - Hindrik fan Brederode, Nederlânsk ealman en geus († 1568) datum ûnbekend Petrus Datheen, Flaamsk predikant († 1588) John Shakespeare, Ingelsk wantmakker en bestjoerder (heit fan William Shakespeare) († 1601)
Ferstoarn 11 oktober - Huldrych Zwingli, Switsersk tsjerkeherfoarmer (* 1484)
Kategory:16e iuw