Napels (Italjaansk: Napoli; Napolitaansk: Napule) is de tredde stêd fan Itaalje en de grutste fan Mezzogiorno (Súd-Itaalje). Napels is ek haadstêd fan de Kampaanje (Campania) en fan de provinsje Napels. Yn en om de stêd hinne wenje sa'n 3 miljoen minsken.
Napels beskikt oer in rike skiednis, keunst en kultuer, in wrâldferneamde keuken en in eigen dialekt, it Napolitaansk.
Lizzing Napels leit oan see, oan de Golf fan Napels. Fan de stêd ôf kin men oer it wetter de fulkaan de Fesuvius lizzen sjen, dêr't oan de foet de ruïnes fan Pompei en Herkulaneum lizze.
Ferneamde keuken Op it mêd fan iten en drinken nimt Napels in foaroansteande posysje yn. In protte typyske Italjaanske gerjochten komme út dizze stêd, lykas pizza, Italjaansk iis, espresso en spagetty.
Keppeling om utens Naples, Italy Virtuele panorama's (Italjaansk- / Ingelsktalich) Camorra
Kategory:Plak yn Kampaanje Kategory:Gemeente yn Kampaanje