Foarfallen 23 jannewaris - Karel V wurdt kening fan Kastylje en Aragon; dit wurdt beskôge as de feriening fan Spanje, hoewol't de beide keninkriken formeel noch oant 1715 bestean bliuwe sille. 26 oktober - De Oustertrijegeaën wurde foar it earst neamd yn in tekst fan Worp fan Thabor. sûnder datum - De Kleaster Ludingatsjerke yn Mullum wurdt ôfbrutsen. sûnder datum - Palestina wurdt yn it Osmaanske ryk opnomd en fan Konstantinopel út bestjoerd. sûnder datum - Yn it Súddútske Augsburg wurdt de Fuggerei boud: in diel fan 'e stêd wurdt wijd oan it húsfêstjen fan behoeftige boargers. It is de âldste sosjale folkshúsfêsting yn 'e wrâld. sûnder datum - Yn De Bosk brekt de pest út.
Berne 18 febrewaris - keninginne Marije I fan Ingelân (Bloody Mary) († 1558) 27 oktober - Ruy Gómez de Silva, prins fan Éboli, Spaansk ealman en politikus († 1573) datum ûnbekend André Thevet - Frânske preester, ûntdekkingsreizger, geograaf en skriuwer († 1590)
Ferstoarn 23 juny - kening Ferdinand II fan Aragon (* 1452) 30 july - greve Jan V fan Nassau-Dillenburg (* 1455) begjin augustus - Jeroen Bosch, Nederlânsk keunstskilder (* ±1450)
Literatuer romans Thomas More, Utopia (oerset yn it Frysk as Utopia)
Kategory:16e iuw