Foarfallen De Swarte Heap wurdt ynset by it Belis fan Grins. De stins Friesburch, letter Leemburg neamd, oan de hjoeddeiske Vriesburgerwei yn Nijeholtpea wurdt troch Gelderske troepen belegere en ferwoaste. Begjin fan trije jierren striid fan Edzard I tsjin hartoch Albrecht fan Saksen. 14 juny - De Eastfriezen keare de Swarte Garde op, yn 'e tiid fan it Saksysk Skeel. Slach by Hartwarden tusken Skieringers en Fetkeapers, tsjin 'e greve fan Bremen. 30 septimber - De Sint-Jeronimusfloed treft Hollân en Seelân. Keizer Friedrich III woe dat de hartoch fan Saksen greve fan East-Fryslân waard. Greve Edzard fan East-Fryslân woe dat net akseptearje, foar in hear oer dat folle grutter as him wie. Fjouwer-en-tweintich Dútske hartoggen en prinsen teagen nei East-Fryslân mei har legers. Alhoewol't it Dútske leger folle grutter en sterker wie, koenen hja Edzard net ferslaan. It Register van de Aanbreng wurdt fierder útwreide.

Berne 15 july - Petreius Tiara, Frysk dokter, dosint en bestjoerder († 1586)

Ferstoarn 9 jannewaris - Anna fan Bretanje, hartoginne fan Bretanje en keninginne fan Frankryk (* 1477)

Kategory:16e iuw