Remon de Jong, ek wol MC Remon, is in Fryske Hiphop-artyst út It Hearrenfean. MC Remon trede fan lyts ôf oan al op, op festivals as Eurosonic, Metropolis en Graspop mei syn net mear besteande band Swart op Wyt. Sûnt 1995 is hy aktyf as repper. Ek is hy ûnder mear ferneamd fan fideoklips op de muzykstjoerder The Box en programma’s as Gotcha! fan Veronica, 6Pack fan SBS6 en Faktor Freed fan Omrop Fryslân. De teksten fan de repper ha in humoristyske dochs skerp maatskiplike eftergrûn.
Neist syn karriêre as muzykmakker is hy ek keunstner fan muorreskilderings en portretten. Hy jout ek kursussen yn it reppen en striptekenjen.
Yn maart 2008 presintearre de repper op it Aaipop Festival yn Nijlân syn nije skiif: FriesStyle.
Diskografy Albums FriesStyle (2008) Kleurplaat (2006) - Swart op Wyt (Zwart op Wit)
Singels Simmermoarn (2005, tegearre mei Piter Wilkens)
DVD-singels Unwennigens Blues (2005, yn gearwurking mei Ernst Langhout en Johan Keus)
Ferneamde nûmers De Ljip (tegearre mei Piter Wilkens) Ik wurd der gek fan It lân fan Famke Ik kom út Fryslân
Keppeling om utens Webstee fan Remon de Jong Hyves-side fan Remon de Jong
Kategory:Frysk sjonger Kategory:Frysk rapper Kategory:Frysk hiphopartyst Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw