De Abruzzen (Italjaansk: Abruzzi of Abruzzo) is in yn 1964 oprjochte regio yn Sintraal-Itaalje. De namme is ôflaat fan it Latynske Aprutium, dat safolle betsjut as Lân fan de swinen. Foarhinne makke de regio tegearre mei Molise diel út fan de regio Abruzzen en Molise. Yn it noardwesten grinzget de regio oan De Marken, yn it westen oan Latium, yn it súdeasten oan Molise en yn it easten oan de Adriatyske See.

Lânskip thumb|left|Gran Sasso d'Italia. De regio beskikt oer in soad moaie natuergebieten en der binne trije grutte nasjonale parken: Gran Sasso-Laga, Maiella en Abruzzo. Yn it lêste park libbe noch brune bearen. De twa heechste toppen fan de Apeninen lizze ek yn Abruzzo, it binne de Gran Sasso d'Italia (2.912 meter) en de Majella (2.795 meter). Oare natuerlike nijsgjirrichheden binne de Salanchi fan Atri en it uterste suden fan de Abruzzyske kust: de Punta Penna en Costa dei trabocchi. De regio is ek ryk oan marren dy't al dan net stood binne krektas it Mar fan Barrea, Mar fan Campotosto en Mar fan Bomba.

Natuerparken thumb|left|Gims yn it Val di Rose. Yn de Abruzzen binne fjouwer grutte natuerparken. De bysûnder rike berchfloara en -fauna is beskerme. Neist de earder neamde brune bear libje der yn it gebiet ek Apenynske wolven en stienbokken.

Parco Nazionale d'Abruzzo Parco Nazionale del Gran Sasso e Monti della Laga Parco Nazionale della Maiella Parco Regionale Sirente Velino

Nijsgjirrichheden De meast nijsgjirrige stêden fan de regio binne L'Aquila, Teramo, Sulmona, Lanciano, Chieti, Vasto en Atri. De grutste stêd is Pescara, it ekonomyske hert fan de regio. Dy stêd hat de toerist lykwols útsein de moaie strânbûlevaar net folle te bieden. De berchdoarpen fan Abruzzo binne yn it meastepart fan de gefallen, benammen yn 'e provinsje L'Aquila, tige moai en net troch de tiid oantaaste. In prachtich foarbyld dêrfan is Pacentro.

Oan de kust is it toerisme reedlik ûntwikkele. De wichtichste plakken hjir binne Roseto degli Abruzzi, Pineto, Giulianova en Montesilvano

Provinsjes De regio bestiet út fjouwer provinsjes: kaart wapen provinsje ôfk. haadstêd oantalgemeenten200px 35px l'Aquila AQ l'Aquila 108 35px Siti CH Chieti 104 35px Pescara PE Pescara 46 35px Teramo TE Teramo 47

Gemeenten thumb|260px|Kaart fan de regio De fyftjin grutste gemeenten fan 'e regio binne neffens ynwennertal (haadstêden fan 'e provinsjes binne mei fette letter wjerjûn:

WapenGemeenteBefolking (30-6-2024)ProvinsjeOerflak(km²)1ºPescara118.740Pescara33.952ºL'Aquila70.312L'Aquila473.913ºMontesilvano53.640Pescara23.574ºTeramo51.408Teramo152.845ºChieti48.487Chieti59.576ºAvezzano40.893L'Aquila104.087ºVasto40.811Chieti71.358ºLanciano33.901Chieti66.949ºRoseto degli Abruzzi25.715Teramo53.2710º Francavilla al Mare25.450Chieti23.0911º -Giulianova23.491Teramo2812ºOrtona22.055Chieti70.8813ºSulmona21.797L'Aquila57.9314º-San Salvo19.810Chieti19.715ºSpoltore19.017Pescara37.01 </div>

Ofbylden

Keppeling om utens Regio Abruzzo Abruzzo Turismo

Kategory:Regio fan Itaalje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1964