Yndianen is de gongbere oantsjutting foar it meastepart fan 'e oarspronklike, lânseigen befolking fan Noard- en Súd-Amearika. Hja stamje ôf fan 'e lju dy't dy wrâlddielen al bewennen ear't de earste Jeropeänen der arrivearren. It tinken is dat de foarâlden fan 'e Yndianen likernôch 25.000 jier lyn, ûnder de lêste iistiid, út Sibearje fia de Beringlânbrêge nei Alaska oerstieken. Sa'n 14.000 jier lyn berikten guon fan harren neikommelingen de súdpunt fan Súd-Amearika. In protte Yndiaanske kultueren wiene jager-sammeldermaatskippijen, mar yn guon kontreien stiften de Yndianen frijwat stêdsteaten en gruttere riken. Benammen yn Meso-Amearika en de Andes ûntjoegen har yn it Prekolumbiaanske Tiidrek tige komplekse, heechûntwikkele beskavings. Nei't Kristoffel Kolumbus de Amearika's yn 1492 'ûntdiek', waarden Súd- en Midden-Amearika en letter ek Noard-Amearika ferovere troch kolonisten út (of fan oarsprong út) Jeropa. Der folgen iuwen fan genoside en ûnderdrukking, wêrby't alle Yndiaanske steaten en kultueren ferneatige waarden. Pas yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw begûn der stadichoan in werberte fan 'e Yndiaanske kultuer, dy't him û.o. utere yn 'e oprjochting fan politike bewegings dy't de rjochten fan 'e Yndianen opeasken.

Namme De oantsjutting "Yndianen" is tsjintwurdich yn in protte talen, wêrûnder it Frysk, noch altyd de gongbere oantsjutting foar it meastepart fan 'e lânseigen befolking fan 'e Amearika's. De term komt fan 'e Jeropeeske ûntdekkingsreizger Kristoffel Kolumbus, dy't yn 1492 Amearika 'ûntdutsen' hawwe soe. Dat wie lykwols eins hielendal net de bedoeling. Kolumbus wurke yn Spaanske tsjinst en hie feitliks as opdracht om in nije hannelsrûte nei Aazje te finen. Doe't er yn it Karibysk Gebiet bedarre mei alle eilannen dêrsanne, miende er yn 't earstoan dat er de Yndyske Arsjipel yn Súdeast-Aazje berikt hie. De lânseigen befolking neamde er dêrom indios, dêr't ús "Yndianen" fan ôflaat is, mar wat eins "Ynjers" betsjut. De hiele nammejouwing berêste dus eins op in misferstân.

Fan 'e tweintichste iuw ôf is wol besocht om in gaadliker oantsjutting foar de Yndianen te betinken. Yn 1902 kaam de Amerikaanske Antropologyske Feriening (AAA) mei de term "Amerynjers" op 'e lapen, in gearlûking fan "Amearika" en "Yndianen". Behalven yn 'e taalkunde (de Ameryndyske talen) is dy beneaming nea oanslein. Yn 'e Feriene Steaten kaam geandewei de tweintichste iuw de term Native Americans ("Lânseigen Amerikanen") yn 'e moade. Indians (en yn 't bysûnder de ferbastere foarm Injuns) wurdt dêr no beskôge as in efterhelle oantsjutting dy't op it rasistyske ôf is en yn fatsoenlik selskip hast net mear brûkt heart te wurden. Yn Kanada wurdt de term Native lykwols wer sjoen as denigrearjend; ynstee sprekt men dêr fan First Nations ("Earste Naasjes").

Yndianen en Eskimo's Yndianen binne de lânseigen bewenners fan Noard- en Súd-Amearika, mar ien lânseigen groep is fan dizze omskriuwing útsûndere. Dat binne de Eskimo's yn it Arktysk gebiet fan Kanada en Alaska en ek yn Grienlân. Sy en de nau mei harren besibbe Aleoeten fan 'e Aleoetenarsjipel yn súdwestlik Alaska foarmje in aparte etnyske kloft, dy't net ûnder de Yndianen skaard wurde kin. De Eskimo's en Aleoeten fertsjintwurdigje in twadde migraasjeweach út Sibearje. Oars as de Yndianen, dy't mooglik wol 25.000 jier lyn oerstieken nei Noard-Amearika, makke sy 'pas' 5.000 jier lyn de oerstek.

Skiednis Minsklike kolonisaasje fan Amearika De minsklike kolonisaasje fan Amearika begûn doe't Paleolityske jager-sammelders út 'e steppes fan eastlik Sibearje wei Noard-Amearika binnenkrongen fia de Beringlânbrêge. Dat wie in relatyf smelle stripe drûch lân dy't him op it hichtepunt fan 'e lêste iistiid (tusken 26.000 en 19.000 jier lyn) foarme tusken it Sewardskiereilân yn Alaska en it Tsjûkotkaskiereilân yn wat no it Russyske Fiere Easten is. Sa'n lânbrêge koe ûntstean trochdat der doe safolle seewetter fêst siet yn 'e poalkapen en oare gletsjers, dat it seenivo yn oansjenlike mjitte ferlege wie. Mooglik soe de earste migraasjeweach fan Sibearje nei Noard-Amearika omtrint 25.000 jier lyn plakfûn hawwe kinne. Yn 'e krite besuden de Laurentide-iiskape, yn wat no Súdeast-Alaska en noardwestlik Kanada is, wûn dy ierste befolking fan Noard-Amearika oer in perioade fan sa'n 10.000 jier oan, wêrnei't de minsken har fanôf 16.000 jier lyn relatyf fluch oer de rest fan Noard-Amearika en ek oer Súd-Amearika ferspraat hawwe soene. Omtrint 14.000 jier lyn soene de earste groepen de súdpunt fan Súd-Amearika berikt hawwe. Dy ierste bewenners fan 'e Amearika's, fan foàr likernôch 10.000 jier lyn oftewol 8.000 f.Kr., steane bekend as de Paleo-Yndianen (paleo betsjut "âld").

Hoewol't der mank saakkundigen rûnom mienriedigens bestiet dat de Paleo-Yndianen út Aazje kamen, binne it patroan fan 'e kolonisaasje fan 'e Amearika's en it plak fan oarsprong fan 'e Alde Beringanen (de foarâlden fan 'e Paleo-Yndianen) op it Jeraziatyske kontinint noch altyd ûndúdlik. De tradisjonele teory is dat de Alde Beringanen nei Noard-Amearika ta teagen doe't it seenivo oansjenlik leger wie troch de lêste glasiaal. Hja soene dêrby de keppels fan no útstoarne megafauna (lykas mammoeten) folge hawwe oer in iisfrije lânbrêge tusken de gletsjers fan 'e Laurentide- en de Kordilleraanske iiskapen. In oare teory wol lykwols hawwe dat se by de eilannekeatling fan 'e Kommandeurseilannen en de Aleoeten lâns yn primitive boatsjes oer see oerstieken fan it Kamtsjatkaskiereilân yn Sibearje nei it Alaskaskiereilân yn Alaska. It gebrûk fan boaten foar harren ferpleatsing by de kust lâns soe ek de lettere relatyf flugge fersprieding oant yn 'e súdpunt fan Súd-Amearika ferklearje. It probleem is dat soks net te bewizen falt, om't troch de ein fan 'e lêste iistiid omtrint 11.500 jier lyn, dy't mank gie mei in seespegelstiging fan oant wol hûndert meter, alle mei dizze teory ferbân hâldende argeologyske fynsten no op 'e seeboaiem lizze.

De krekte datearring fan 'e minsklike kolonisaasje fan Amearika is al lang in striidkwestje, en hoewol't foarútgong op it mêd fan argeology, de geology fan it Pleistoseen, fysike antropology en DNA-ûndersyk wat langer wat mear klearrichheid jouwe, binne der noch planteit fragen dy't ûnoplost bliuwe. Lang wie de "Clovis-earst-hypoteze" it ynfloedrykst, dy't hawwe woe dat de Cloviskultuer, fan omtrint 13.000 jier lyn, de ierste minsklike oanwêzigens yn Amearika fertsjintwurdiget. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw en de earste desennia fan 'e ienentweintichste iuw hawwe bewizen fan it bestean fan kultueren út 'e pre-Clovis-perioade de mooglike datearring fan 'e minsklike kolonisaasje fan Amearika almar fierder yn 'e tiid tebek skood. Anno 2023 bestiet der in wittenskiplike konsensus dat de krite besuden de Laurentide-iiskape yn noardwestlik Noard-Amearika tusken 20.000 en 15.000 jier lyn bewenne waard troch iere Paleo-Yndianen. Der bestiet ienich argeologysk bewiismateriaal dat wiist op in eardere oankomst fan 'e Alde Beringanen yn Noard-Amearika, om 25.000 jier lyn hinne.

Yn har boek A Genetic Chronicle of the First Peoples in the Americas skreau heechleararesse genetika Jennifer Raff yn 2022 dat de ierste minsklike bewenners fan Noard-Amearika fuortkamen út in ferminging fan in Paleolityske Sibearyske populaasje (de saneamde Alde Noardjeraziaten) mei in dêr op genetysk mêd sterk fan ferskillende Alde Eastaziatysk groep. Dy ferminging soe datearre wurde kinne omtrint 36.000 jier lyn. Dêrút kamen sawol de Alde Beringanen fuort as de genetysk nau mei harren besibbe Paleo-Sibearyske folken, lykas de Korjaken, Tsjûktsjen, Itelmenen en Ketten. De Alde Beringanen migrearren letter nei de kusten fan 'e Beringsee, rekken yn dy ôfhandige krite isolearre en stieken op in stuit oer nei Noard-Amearika, dêr't se har ûntjoegen ta de Paleo-Yndianen.

Prekolumbiaansk Tiidrek It Prekolumbiaanske Tiidrek beslacht de hiele skiednis fan Noard- en Súd-Amearika fan 'e ierste minsklike kolonisaasje fan Amearika ôf oan 'e oankomst fan Kristoffel Kolumbus yn 1492 ta. Mei't net folle Yndiaanske kultueren in skriftfoarm ûntwikkelen en skiedkundige kroniken byholden, kin dy perioade foar it meastepart as prehistoarje oantsjut wurde. Yn grutte parten fan Noard- en Súd-Amearika beholden de minsken it hiele Prekolumbiaanske Tiidrek troch in jager-sammelderkultuer, mar op oare plakken ûntjoegen har tige heechûntwikkele beskavings.

De Norte Chico-beskaving yn it hjoeddeistige Perû wie ien fan 'e seis oarspronklike beskavings fan 'e wrâld dy't him alhiel op eigen manneboet ûntjoech om deselde tiid hinne dat de beskaving fan it Alde Egypte ta bloei kaam (de oare fiif gebieten wiene: Egypte, Mesopotaamje, de Yndusdelling, Sina en Meso-Amearika). In grut tal lettere Prekolumbiaanske beskavings berikte grutte ferfining, mei skaaimerken lykas de ûntwikkeling fan stêden, lânbou, masineryen, astronomy, hannel, monumintale arsjitektuer en komplekse maatskiplike klassestelsels.

Guon fan dy beskavings wiene al lang yn it neigean rekke doe't Kolumbus Amearika berikte en binne inkeld bekend troch de mûnlinge oerlevering fan hjoeddeistige neikommelingen fan harren befolking, en troch argeologyske fynsten. Oaren wiene kontemporên mei it earste grutskalige kontakt fan 'e Amearika's mei de rest fan 'e wrâld en waarden dokumintearre troch de Jeropeeske ûntdekkingsreizgers en conquistadores wylst en nei't se oerweldige waarden. Inkelen, lykas de Maya-beskaving, de beskavings fan 'e Olmeken en de Miksteken en it Azteekske Ryk (mar net it Inka-Ryk) hiene harren eigen skrift en histoaryske kroniken. De doetiidske Jeropeeske kolonisten diene lykwols war om alle net-kristlike teksten te ferneatigjen, en se tebaarnden dêrom withoefolle Prekolumbiaanske dokuminten. Inkeld guon dy't fan âlder op âlder troch de Yndianen ferburgen holden waarden, oerlibben sadwaande oant yn 'e moderne tiid en foarmje no besleine rútsjes dêr't histoarisy in glimp troch opfange kinne fan ferlern giene kultueren en kennis.

Nettsjinsteande dat binne Yndiaanske en Jeropeeske boarnen it deroer iens dat beskate beskavings yn 'e Amearika's gâns heechûntwikkele wiene doe't de earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers de Nije Wrâld berikten. Sa koe de doetiidske Jeropeeske wittenskip de astronomyske kennis fan 'e Maya's net belykje, wylst de haadstêd fan 'e Azteken, Tenochtitlán, dat lei op it plak dêr't Meksiko-Stêd no leit, om 1500 hinne in befolkingsgrutte fan 200.000 minsken hie. Dêrmei wie it likernôch like grut as Parys en inkeld lytser as Konstantinopel, dat 300.000 ynwenners hie. (Rome, Londen en Madrid kamen doe net fierder as 50.000 ynwenners.)

It kultuergebiet fan Meso-Amearika, dat bestie út Midden-Amearika útsein de woastinen yn it noarden en de tropyske reinwâlden fan it uterste suden, wie in krite dêr't mear as tûzen jier lang de iene nei de oare Yndiaanske beskaving ta bloei kaam. De Maya's en de Azteken wiene mar de lêsten yn dy rige. Yn itselde gebiet waarden ek lânbougewaaksen ûntwikkele as kakao, stynske weet, beane, tomaat, avokado, fanylje, pompoen en Spaanske piper. Súdliker foarme de súdein fan Midden-Amearika in oergongsgebiet tusken Meso-Amearika en de Andesregio fan Súd-Amearika, dêr't har ek oan ien wei troch Yndiaanske beskavings ûntjoegen. Dêre waarden û.o. de jirpel, de lama en de kavia domestisearre. It lêste fan 'e grutte Andes-riken wie it Inka-ryk, dat allinnich al opmerklik is om't it him oer in ôfstân fan tûzenen kilometers wist út te wreidzjen sûnder dat it beskikte oer in eigen skrift om in amtnerij te ûnderstypjen dy't ornaris mei de fêstiging fan sokke grutte riken mank giet.