Unis Flyers is in Nederlânske Iishockeyklub fan It Hearrenfean. De ploech spilet yn de Nederlânske earedifyzje, de heechste kompetysje yn Nederlân. De thúswedstriden spylje de Flyers yn de iishockeyhal fan Thialf. De iishockeyhal hat in kapasiteit fan 3.500 sitplakken.

Skiednis It Hearrenfean spile syn earste kompetysjewedstryd yn 1967 en fjouwer jier dêrnei kamen se op it heechste nivo yn Nederlân. Fan 1977 oant en mei 1983 binne de Flyers sân kear kampioen wurden yn de heechste Nederlânske kompetysje en fan 1977 oant en mei 1984 wiene se sân kear (1980 net) bekerwinner. De súksestiid, dy't yn '77 begûn wie, einige yn 1984 en sûnt binne se gjin lânskampioen mear west. De beker waard noch wol in oantal kearen wûn (1988, 1998, 2002, 2016).

Prestaasjes Yn totaal hawwe de Flyers 7 kear lânskampioen en 11 kear bekerwinner west. Lânskampioen: 1976-1977 1977-1978 1978-1979 1979-1980 1980-1981 1981-1982 1982-1983 Bekerwinner 1976-1977 1977-1978 1978-1979 1980-1981 1981-1982 1982-1983 1983-1984 1987-1988 1997-1998 2001-2002 2015-2016

Namme thumb|300px|Logo út de tiid fan de Vadeko Flyers. De namme fan de klup is yn it ferline ferskate kearen feroare. Sûnt it seizoen 1978/79 is Flyers in fêst ûnderdiel fan de namme dy't hieltyd in kombinaasje foarmet mei de namme fan de haadsponsor. Nammen mei * derfoar binne de sponsornammen. Competitienamme Seizoen(en) <small>Info Thialf Heerenveen 1971/72 - 1973/74 * Peters & Jager Heerenveen 1974/75 * Feenstra Verwarming Heerenveen 1975/76 - 1977/78 * Feenstra Flyers 1978/79 - 1983/84 * Freriks Flyers 1984/85 * BP Flyers 1985/86 - 1989/90 * Forbo Flyers 1990/91 - 1991/92 Flyers 1992/93 - 1994/95 <small>(oant jannewaris 1995) * Pelgrim Flyers 1994/95 - 1999/00 <small>(fan jannewaris 1995 ôf) * Formido Flyers 2000/01 - 2003/04 * Vadeko Flyers 2004/05 - 2007/08 * Hajé Flyers 2008/09 - 2009/10 * A6.nl Flyers 2010/11 <small>(oant jannewaris 2013) Friesland Flyers 2011/12 - 2012/13 <small>(oant jannewaris 2013 noch sponsore troch A6.nl) * Unis Flyers 2013 - no

Seleksje 2012/13 # Lân NammeDoelmannen30Martijn Oosterwijk31Sjoerd IdzengaFerdigeners2Jurryt Smid4Aleksandr Terjohins6Wesley Timmermans15Andrew Krelove24Trevor Hunt52Mark Hoekstra83Jeroen van OlphenNBNiels van der VossenOanfallers5Sander Dijkstra8Jeff Martens9Mike Nason10Brent Janssen11Aldo van Aalderen20Kevin Bruijsten21Tony Demelinne39Jerry Pollastrone70Valentijn Bouten84Kevin Nijland94Tony Ras97Marc Nijland

Keppeling om utens Webside Unis Flyers

Kategory:Fryske iishockeyklup Kategory:Sport yn Fryslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1967