De Lannen fan de Loire (Frânsk: Pays de la Loire) binne sûnt 1982 in bestjoerlike regio yn it westen fan Frankryk.
Histoarysk sjoen giet it by dizze regio om 'e âlde provinsje Maine (de hjoeddeistige departeminten Mayenne en Sarthe), de provinsje Anzjû (hjoeddeistich Maine-et-Loire) en parten fan 'e provinsjes Poitou (hjoeddeistich Vendée) en Bretanje (hjoeddeistich Loire-Atlantique). Dy âlde provinsjes fan Frankryk waarden ek wol pays (Frysk: lân) neamd. De namme Pays de la Loire moat yn it meartal lêzen wurde: de 'Lannen oan 'e rivier de Loire'.
Keppeling om utens Offisjele webside Toerisme NL
Kategory:Regio fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1982