De Strjitten yn Warkum:

A Aldedyk - De âlde seedyk, sûnt 1624 de slieperdyk fan it Warkumer Nijlân. Aldewei - In âlde namme dy't yn de folksmûle bestean bleaun is. It wie in ferbiningswei tusken de terpen dy't oan de eastkant fan de stêd Warkum leine. Dat de wei al hiel âld is, is ôf te lieden út it feit dat de "Nya Wey", foarhinne yn de omkriten fan de Aldewei, yn in oarkonde fan 1468 neamd wurdt. Algeraburren - Al yn 1468 neamd as in oan de stêd Warkum fêstgroeide útbuorren. De terp "Algera bura" hat syn namme te tankjen oan de famylje Algera fan Warkum (in oar laach kaam fan it doarp Garyp). Ankersmitterij - Al yn 1745 wurdt dit bedriuw fernijd. It stie oan de Djippe Dolte, op 'e hoeke fan it Dwarsnoard en it Houtmolestreekje. Der wenne doe in Johannes Acronius. De smitterij hat der oant 1804 bestien.

B Balkfinne - Neamd nei in stik lân, dêr't dizze strjitte no op leit. De namme hat nei alle betinken te krijen mei de houtseachmole, dy't dêr tsjinoer stie. Finnen binne stikken lân foar it weidzjen fan fee. Bascohof - It is de namme fan in pleats, dy't yn dizze omkriten stien hat. Faaks hat Rinnert Alberts Basco, yn 1661 boargemaster fan Warkum, de eigener fan dizze pleats west. Ek de nammen "Bascofenne" en "Bascohuys" (1664), it hûs op 'e hoeke fan de Merk en it Noard, binne noch oantinkens oan him. Begine - De namme is ûntstien nei de stifting fan it kleaster fan de Beginen Mariënacker (1457), dat lei oan it hjoeddeistige Turflân. De Begine wie de ferbiningswei tusken it kleaster en it sintrum fan de stêd. Yn in oarkonde út 1520 komt noch de âld-Fryske "Beghynestreeta" foar. Blokmakkerij - Foarhinne in bedriuw op it Dwarsnoard, dêr't skipskatrollen makke waarden. Dy bedriuwen waarden faak kombinearre mei mêstmakkerijen, dêr't yn Warkum twa fan wiene. Blomikkers - Yn argyfstikken wurdt in stik lân oan de westkant fan Warkum tusken de Waterliesen en de Wide Feart "bloemvenne" (1694) en "blomvenne" (1804) neamd. Foar de strjitnammen yn it bestimmingsgebiet oan de eastkant fan Warkum is keazen foar "ikkers", omdat yn it terpegebiet fan eartiids in soad boulân (mei ikkers) wie. Breewarsdyk - Neamd nei it eilân yn de Warkumermar. It Breewar is no in hichte yn de polder. It die foarhinne, sûnt de earste helte fan de foarige iuw ûnderoaren tsjinst as hurdsylpôle (starteilân) by it Warkumer hurdsilen. Al yn 1584 neamd as "Brewaer" en "Breedtwerd" (1622), letter ek wol ferfoarme as "Breven". Broubank - In namme dy't in pear kear yn 17e-iuwske keapakten foarkomt en ûnder oaren yn 1625 lokalisearre wurdt by Snakkerburren. In broubank is in skiphelling dy't spesjalisearre is yn it brouwen fan skippen. Brouwen is it tichtstopjen fan naden tusken de planken fan de skippen. Brouwersdyk - Op it plak fan de trochbraak fan de wei nei Ferwâlde hat in bierbrouwerij stien. Der is tidens de trochbraak in gevelstien fûn fan twa manlju dy't in fet bier fuortsjouwe. Yn de omkriten rint de Brouwersfeart. Bûterikkers - De namme is ûntliend oan in stik lân yn it Heidenskip. It lei oan de westkant fan de "Leijsleat" en wurdt ûnderoaren yn 1765 neamd as "de Boterkampen". By it wurd "bûter" soe men oan bûterblommen tinke kinne of oan giele blommen, dy't yn it fjild stean, mar men kin ek tinke oan fruchtber lân, dêr't it goed op bûterje wol. De wisânsje om it lân nei de opbringst dêrfan te ferneamen komt faker foar. Foar de strjitnammen yn it bestimmingsgebiet oan de eastkant fan Warkum is keazen foar "ikkers", omdat yn it terpegebiet fan eartiids in soad boulân (mei ikkers) wie.

D De Burd - In hiele âlde namme, dy't al foarkomt op de kaart fan Geilkercken út 1616. Ien fan de âldste wenkearnen oan de eastkant fan Warkum oan de Aldewei. It lei oan de kant fan in feart, dêrom faaks de namme (board). De Fûke - De ielhannel hat foar Warkum fan grut ekonomysk belang west. Fan 1844 oant likernôch 1900 hat de Warkumer ielhannel in grutte bloei kend. In fûke wurdt brûkt foar de ielfiskerij yn de binnewetters. Doltewâl - Neamd nei de Djippe Dolte. "Dolte" komt fan it tiidwurd "dolle" (grave). Op de âldste kaarten komt de foarm "Delft" foar. Yn it oarkonde fan 1485 stiet "Da Delta Wal". Douwe de Boerstrjitte - Fersetsman. Fan berop post. Omkommen yn Kamp Vught. Dwarsnoard - Sûnt de twadde helte fan de 18e iuw wurdt dizze namme brûkt. De strjitte stiet dwers op de strjitte it Noard.

E Eize Speerstrastrjitte - Fersetsman. Garaazjehâlder. Emmabuert - In jonge yn de folksmûle libjende namme, dêr't de oarsprong net fan bekend is. Eniggaburren - Yn 1585 is it in buorskip dat oan in fuotpaad tusken Algeraburren en it Turflân leit. Estrikwurk - Yn de omkriten fan Eniggaburren stiet yn 1584 in bedriuw, dêr't estrikken makke wurde.

F Fabryksdyk - De dyk rint lâns it Warkumer suvelfabryk, eartiids bekend ûnder de namme "De Goede Verwachting". Fortún - Likernôch dit plak stiet foarhinne in sâltkeet mei de namme "Het Fortuin". De sâltwinning wie foar Warkum wichtige ynkomstenboarne. Yn in ferkeapingsbiljet fan 1825 stiet: "zeer groot uitgestrekt gebouw, waarin bevorens een zoutkeet is gedreven Het Fortuin genaamd... ...aan de oude weg en in de nabijheid der stad Workum aan de Diepe Dolte"." Fûgelikkers - De namme komt fan in stik lân yn it Heidenskip tusken de Beginegrêft en de Aldedyk, dat ûnderoaren yn 1761 bekend wie ûnder de namme it Fûgellân. Foar de strjitnammen yn it bestimmingsgebiet oan de eastkant fan Warkum is keazen foar "ikkers", omdat yn it terpegebiet fan eartiids in soad boulân (mei ikkers) wie. Fûkepaad - "Fuijghe" is neffens in akte fan 1652 de namme fan in stik lân. It soe "fûke" betjutte en is dêrom hiel tapasselik foar in paad dat lâns it wetter rint.

G Gebroeders Bonnemastrjitte - Fersetsminsken. Hendrik en Gerben Bonnema. Gebroeders Koopmansstrjitte - Fersetsminsken. Sjoerd en Eeuwke Koopmans. Sjoerd wie lieder. Eeuwke wurke op it distribúsjekantoar en hat in soad minsken oan bonkaarten holpen. Letter siet er by de harkpost. Hy hearde de Dútskers ôf by de ferhoaren yn dy't yn it Burmaniahûs, it haadkantoar fan 'e SD yn Ljouwert plakfûnen. Gerrit de Jongstrjitte - Fersetsman.

H Hammole - De strjitte nêst de Hammole of Homolefeart, dêr't ek de polder mei de selde namme is. De betsjutting is net wis. Guon tinke oan it houtmole. Mar de mole dy't hjir stien hat wie in wettermole mei de namme Homme Eelkes mole. Faaks komt de namme fan "Homme mole", ferkoarte ta "Hom'mole" en ferfoarme ta "Hammole". Hans Deinumstrjitte - Fersetsman. Hat meidien oan de oerfal op de finzenis yn Ljouwert. Hearekeunst - In âlde namme, dêr't de betsjutting net fan bekend is. Neffens in ferklearring soene mannen fan kwizekwânsje mei harren hynders hjir keunstkes dien hawwe. Hearewei - Yn in akte fan 1627 giet it om in "helling aan Snackerburen...streckende voor van de Heerewech tot achter in de Delfte" (= de Djippe Dolte). Hegeterp - Yn 1585 wurdt al fan de terp melding makke. De terp lei by Tettingburren. Yn in stik foel op troch de hichte. Yn 1711 wurdt de terp oantsjut as "hooge terp." Hoekseize - By de pleats fan de famylje Haagsma-Breemer hearden fjouwer stikken lân fan seis pûnsmiet (Moleseize, Foarste seize, Middelste seize en Hoekseize). Alle stikken leine moai oan ien kavel. Op de hoeke fan dy kavel lei it stik lân mei de namme "de Hoekseize". Horsaewâl - De wei rint lâns it wetter de Hora(e). Yn 1468 komme wy it foar it earst tsjin. "Hors" betsjut faaks slib of ûndjipte en "a(e)" wetter. Dus "de wâl by it ûndjippe slibberige wetter". Guon sizze dat "hors" te krijen hat mei "hoars" (hynder). Dan soe it "de wâl by it hynstewetter" betsjutte. Houtmolestreekje - In smel paadsje tusken it Dwarsnoard en de houtseachmole. Foarhinne rûn de Djippe Dolte dêr lâns. Hylperdyk - De Iselmardyk lâns It Soal (Warkum) yn de rjochting fan Hylpen oan it Toarntsje (útsprekke as "Tointsje"). Toarntsje ("toorntsje") is âld Warkumers foar tuorke.

I Ielaak - De ielhannel hat foar Warkum fan grut ekonomysk belang west. Fan 1844 oant likernôch 1900 hat de Warkumer ielhannel in grutte bloei kend. In ielaak is in boattype, dêr't de iel mei ferfierd waard fan Heech, De Gaastmar en Warkum nei Londen. Warkumer ielaken leinen yn de Dutch Mooring net fier fan de Tower foar it Custom House by Billingsgate fishmarket yn Londen aan de Teems (Thames). Neffens in âld rjocht hienen de aken hjir in frij lisplak. Foarwearde wie dat op syn minst ien aak op dat plak lizzen bliuwe moast. Igleburren - In net mear besteande buorskip op in noch altiten besteande terp oan de (Igle-)Buorrefeart. Aldste fermelding yn 1585: Iglebuieren. Dat it in terp is docht bliken út "terplant aen Iglebuyrewarren." (1627. Yn 1962, 1964 en 2002 is archeologysk ûndersyk dien. De bewenners wiene feehâlders en der waard ek dien oan kalkbrannerij. IJpe Wielingastrjitte - Fersetsman. Haad oan de Kristlike skoalle fan Warkum. Inthiemasingel - Warkum waard oan de ein fan de 16e iuw en it begjin fan de 17e iuw troch trije magistraten út de famylje Van Inthiema. Alle trije hiene de namme Feike, mar dy waard feroare yn Frederick. Yn de Tachtichjierrige oarloch stride de earste Feike oan de kant fan de wettergeuzen. Oan ien fan dizze magistraten hat Warkum it moaie waachgebou te tankjen. It Fjouwerkant - Foarhinne koe men in kuierke meitsje om in gebiet, dat in fjouwerkant wie: Spoardyk-Parallelwei-Heidenskipsterdyk (no Eniggaburren-it Fjouwerkant)-Aldewei. Nei de oanlis fan de Sudergoawei is it part fan de Heidenskipsterdyk, dat foar it kuierke brûkt waard yn twaen snijd en krige oan de eastkant de namme Eniggaburren en westkant de namme it Fjouwerkant.

J Jonkersfinne - Yn in argyfstik fan 1754 wurdt dizze namme al neamd. It is in stik lân efter it "Van Inthiemahûs" dat op it Súd stie. De finne wie fan de Jonkers Van Inthiema. De stjritte "de Jonkersfinne" leit net op itselde plak as de Jonkersfinne fan eartiids. Wat hjoeddedei de Stedspôle neamd wurdt, wie foarhinne de Jonkersfinne. Doe't de stjritnamme betocht waard, wie dat net mear bekend. Finnen binne stikken lân foar it weidzjen fan fee. Jouw Keuningstrjitte - Fersetsman. Jurjen de Jagerstrjitte - Fersetsman. Printe ûnderoaren de BBC berjochten.

K Kaeidyk - De namme komt al yn 1808 op in ferkeapingsbiljet foar as "Kaydijkje" en wie letter noch ûnder die namme bekend. De wei folget de kaai lâns It Soal (Warkum) Kalkwurk - Neamd nei de kalkbranderijen dy't foarhinne yn Warkum wiene. De âldst bekende datearret fan 1583. De kalk krige men troch it hyt meitsjen fan skelpen yn de kalkoenes, dy't stookt waarde op turf. Sa ûntstie de saneamde ûnleske kalk, dat mei wetter behannele waard. Kampwei - Neamd nei in stikje lân dat yn 1691 "De Kamp" hiet. It lei efter it eardere kleaster Mariënacker. Kleasterlân - De stikken lân efter dizze strjitte wiene foarhinne kleasterbesit fan it Beginekleaster Mariënacker. Oant yn de 17e iuw waarden it de "Cloosterlanden" neamd. Koffepaed - De namme is ôflaad fan de Koffefinne, neamd yn 1741 as in stik lân ûnder jurisdiksje (rjochtsgebiet) fan Warkum. Yn 1761 wienen der yn Warkum 66 kofskippers. In soad koffen waarden der yn Warkum boud. It paad leit oan de Djippe Dolte, dêr't sûnder mis in soad kofskippen trochhinne fearn binne. Konvintsdyk - Yn dit gebiet komme yn 1619 de nammen "de Conventscamp" en "de Conventsfenne" foar.

L Lange Leane - It is in âlde gongbere namme fan de langste wei troch it Warkumer Nijlân. Yn in dokumint út de 18e iuw wurdt it de "Groote Laan" neamd. Yn in akte út 1650 stiet de namme "Grote Maedwegh". It wurdt "maed" tsjut op healân. De ynpoldering fan it Warkumer Nijlân wie yn 1624 klear. Learmole - Likernôch op dit stee hat in mole stien, dy't op 16 april 1907 ôfbrând is. De lêste jierren wie it in iikmole, mar dêrfoar in learmole. Al yn 1776 wurdt der in "zeemtouwerij" op Tettingburren neamd. De "zeemleermolen" wurdt op in ferkeapingsbiljet fan 1820 neamd.