Auvernje (Frânsk: Auvergne; Oksitaansk: Auvèrnha of Auvèrnhe) wie fan 1982 oant 1 jannewaris 2016 in bestjoerlike regio yn it sintrum fan Frankryk, yn it Sintraal Massyf. De ynwenners fan it gebiet wurde Auvernjaten neamd. De haadstêd wie Clermont-Ferrand. Tsjintwurdich makket dizze krite diel út fan 'e nije regio Auvernje-Rône-Alpen.
Kategory:Auvernje-Rône-Alpen Kategory:Histoaryske regio fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1982 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2016 Kategory:Kulturele regio yn Frankryk