thumb|right|250px|Ferneamde Russen De Russen binne in East-Slavysk folk dat har fêstige hat yn Ruslân. Harren taal is it Russysk, en almeast binne hja Russysk-otterdoks.
De Russen binne by, it opslitsen fan de Slaven, fan Poalen út nei it easten gongen nei de hjoeddeiske Russyske Leechflakte. De namme tsjut nei alle gedachten op de lytsere groep Wytsingen dy't har letter yn it gebiet fêstigen, op de hannelsrûte nei de Swarte See, en dy't yn 'e rin fan 'e tiid hielendal yn it Slavyske folk opnaam is. Op dyselde wize waard ek it lytse Mongoalske folk opnaam, foar sa fier it nei it útienfallen fan harren ryk yn it Russyske gebiet efterbleau.
De Russen binne mei sa'n 137 miljoen minsken it grutste folk fan Jeropa. Njonken 116 miljoen yn Ruslân, 8 miljoen yn de Oekraïne, 5 miljoen yn Kazakstan en 1 miljoen yn Wyt-Ruslân, binne der ek Russyske mienskippen yn de Baltyske Steaten, yn de Feriene Steaten en yn West-Jeropa.
Kategory:Slavysk folk Kategory:Etnyske groep yn Ruslân Kategory:Etnyske groep yn Abgaazje Kategory:Etnyske groep yn Armeenje Kategory:Etnyske groep yn Azerbeidzjan Kategory:Etnyske groep yn Bulgarije Kategory:Etnyske groep yn Estlân Kategory:Etnyske groep yn Finlân Kategory:Etnyske groep yn Georgje Kategory:Etnyske groep yn Kazachstan Kategory:Etnyske groep yn Kirgyzje Kategory:Etnyske groep yn Letlân Kategory:Etnyske groep yn Litouwen Kategory:Etnyske groep yn Moldaavje Kategory:Etnyske groep yn de Oekraïne Kategory:Etnyske groep yn Oezbekistan Kategory:Etnyske groep yn Poalen Kategory:Etnyske groep yn Roemeenje Kategory:Etnyske groep yn Sina Kategory:Etnyske groep yn Slowakije Kategory:Etnyske groep yn Súd-Osseesje Kategory:Etnyske groep yn Tadzjikistan Kategory:Etnyske groep yn Turkije Kategory:Etnyske groep yn Turkmenistan Kategory:Etnyske groep yn Wyt-Ruslân