Jack London, skûlnamme fan John Griffith Chaney (San Fransisko, Kalifornje, 12 jannewaris 1876 - Glen Ellen, Kalifornje, 22 novimber 1916), wie in Amerikaansk sjoernalist en skriuwer fan romans en koarte ferhalen. As pionier fan kommersjele fiksje en Amerikaanske tydskriften wie er ien fan 'e earste Amerikaanske auteurs dy't ynternasjonaal ferneamd waard en in grut fortún fertsjinne mei skriuwen. Hy wie ek in ynnovator yn it sjenre dat letter bekend wurde soe as science fiction.

London hearde ta radikale literêre groep The Crowd yn San Francisco en wie in hertstochtlik foarstanner fan bistewolwêzen, arbeidersrjochten en sosjalisme. Swift, John N. "Jack London's 'The Unparalleled Invasion': Germ Warfare, Eugenics, and Cultural Hygiene." American Literary Realism, vol. 35, no. 1, 2002, pp. 59–71.Hensley, John R. "Eugenics and Social Darwinism in Stanley Waterloo's 'The Story of Ab' and Jack London's 'Before Adam.'" Studies in Popular Culture, vol. 25, no. 1, 2002, pp. 23–37. London skreau ferskate wurken dy't oer dizze ûnderwerpen gienen, lykas syn dystopyske roman The Iron Heel, syn non-fiksje-eksposé The People of the Abyss, War of the Classes en Before Adam.

Syn bekendste wurken binne ûnder oaren The Call of the Wild en White Fang, dy't beide spylje yn Alaska en de Yukon ûnder de Klondike Gold Rush, en ek de koarte ferhalen To Build a Fire, An Odyssey of the North en Love of Life. Hy skreau ek oer de Stille Súdsee yn ferhalen lykas The Pearls of Parlay en The Heathen.

Wichtichste wurken thumb|200px|London en Charmian op harren ranch yn Glenn Ellen, 1911

1900: The Son of the Wolf, koart ferhaal 1902: A Daughter of the Snows, roman 1903: The People of the Abyss, roman 1903: The Call of the Wild, roman 1904: Sea-Wolf, ferhaal 1905: War of the Classes, ferhannelings 1905: The Game, roman 1906: White Fang, roman 1907: Love of Life and Other Stories, ferhalen 1907: The Road, roman 1908: The Iron Heel, roman 1909: Martin Eden, semi-autobiografyske roman 1910: Burning Daylight, roman 1911: The Cruise of the Snark 1912: Smoke Bellew, ferhalen. 1913: The Valley of the Moon, roman 1915: The Star Rover, 1916: The Little Lady of the Big House, roman 1917: The Human Drift 1918: The Red One, postúm publisearre ferhalen 1919: On the Makaloa Mat, postúm publisearre ferhalen

Keppeling om utens Sammele wurken online

Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk reisferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk essayist Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk toanielskriuwer Kategory:Amerikaansk dichter Kategory:Amerikaansk autobiograaf Kategory:Amerikaansk sjoernalist Kategory:Amerikaansk sosjalist Kategory:Amerikaansk ateïst Kategory:Amerikaansk sosjaal aktivist Kategory:Bisterjochte-aktivist Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1876 Kategory:Persoan stoarn yn 1916